Star Wars: Skeleton Crew is in oankommende Amerikaanske tillefyzjesearje dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer, en sil ek coming-of-age-eleminten hawwe. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Unfolsleine Bemanning". Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars spilet de searje fiif jier nei de foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. It is in spin-off fan 'e eardere searje The Mandalorian en is ferhaaltechnysk ferbûn mei dy searje en twa oare spin-offs, The Book of Boba Fett en Ahsoka. De ferwachting is dat Star Wars: Skeleton Crew yn 'e rin fan 2023 beskikber komme sil fia de streamingtsjinst Disney+.
Untstean Yn febrewaris 2022 waard foar it earst bekendmakke dat der in nije live-actiontillefyzjesearje yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise op kommendeweis wie. Der wie doe noch gjin titel bekend, mar de wurktitel wie Grammar Rodeo (in ferwizing nei de ôflevering Bart on the Road fan 'e tekenfilmsearje The Simpsons). Letter ferskynden der berjochten yn 'e media dat de searje yn it tiidrek fan 'e Hege Republyk spylje soe, likernôch 50 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Letter die bliken dat dat net kloppe, en dat de searje ynstee ien fan 'e spin-offs fan The Mandalorian wie, dy't likernôch 5 jier nei de foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi spylje.
Op 22 maaie 2022, doe't filmstudio Lucasfilm de plannen foar de searje offisjeel buorkundich makke, waard de searje omskreaun as in "galaktyske ferzje fan klassike coming-of-age-aventoerefilms út 'e 1980-er jierren", lykas The Goonies (1985). Tagelyk waard doe de echte titel bekendmakke, dy't Star Wars: Skeleton Crew bliek te wêzen. De searje soe ûnderling ferbûn wêze mei The Mandalorian en twa oare spin-offsearjes dêrfan, The Book of Boba Fett en Ahsoka, om ta te wurkjen nei in mienskiplik narratologysk hichtepunt.
Produksje Star Wars: Skeleton Crew waard ûntwikkele troch Jon Watts en Christopher Ford, ûnder tafersjoch fan Kathleen Kennedy, Jon Favreau en Dave Filoni as útfierende produsinten. Watts en Ford krigen sels ek de funksje fan útfierend produsint taparte. De searje waard makke troch Lucasfilm om troch Disney Platform Distribution beskikber makke te wurden fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney.
Begjin septimber 2022 waard bekendmakke dat de opnamen foar Star Wars: Skeleton Crew "al in pear wiken" geande wiene. Mei Sean Porter as kameraregisseur en û.o. Daniel Kwan en Daniel Scheinert as regisseurs waard de searje opnommen op 'e MBS Media Campus yn Manhattan Beach, in foarstêd fan Los Angeles. Dêr koe gebrûk makke wurde fan 'e troch special effects-bedriuw Industrial Light & Magic foar The Mandalorian ûntwikkele de StageCraft-technology, wêrby't firtuele filmsets brûkt wurde tsjin 'e eftergrûn fan in fideowand fan 360° om 'e setting fan 'e searje te kreëarjen. De lêste opnamedei wie 22 jannewaris 2023. It is de ferwachting dat Star Wars: Skeleton Crew yn 'e rin fan 2023 beskikber makke wurde sil fia Disney+.
Utgongspunt fan 'e plot Oer de plot fan Star Wars: Skeleton Crew wurdt hiel geheimsinnich dien en is (begjin april 2023) noch neat bekend.
Rolferdieling De rolferdieling fan Star Wars: Skeleton Crew is (begjin april 2023) noch net bekend. Der is inkeld bekendmakke dat akteur Jude Law cast is yn in net neier beneamde rol.
Keppelings om utens Ynformaasje oer Star Wars: Skeleton Crew yn 'e Internet Movie Database
Skeleton Crew Kategory:Amerikaanske science fiction-searje Kategory:Amerikaanske aventoeresearje Kategory:Amerikaanske aksjesearje Kategory:Amerikaanske fantasysearje Kategory:Science fiction-aventoeresearje Kategory:Science fiction-aksjesearje Kategory:Science fiction-fantasysearje Kategory:Ingelsktalige telefyzjesearje Kategory:Fiktyftalige telefyzjesearje Kategory:Telefyzjesearje út 2023 Kategory:Telefyzjesearje fan Lucasfilm Kategory:Telefyzjesearje oer romtefeart Kategory:Telefyzjesearje oer bûtenierdske wêzens Kategory:Telefyzjesearje oer robots Kategory:Telefyzjesearje oer tsjoenderij