The Dictator is in Britsk-Amerikaanske satiryske swarte komeedzje, dêr't ek eleminten fan in romantyske komeedzje yn ferwurke sitte. De film datearret út 2012 en stie ûnder rezjy fan Larry Charles. It wie in projekt fan 'e Britske komyk Sasha Baron Cohen, dy't de titelrol spile en teffens as senarioskriuwer en produsint by de film belutsen wie. De wichtichste ûnderstypjende rollen waarden spile troch Anna Faris en Ben Kingsley. De titel betsjut "De Diktator". It ferhaal giet oer Haffaz Aladeen, de diktator fan it fiktive Noardafrikaanske lân Wadiya, dy't ûnder in besyk oan 'e Feriene Naasjes yn New York troch syn omke Tamir ferfongen wurdt troch in dûbelgonger dy't docht wat Tamir seit. Aladeen ûntkomt lykwols oan 'e dea en wurdt winkelbetsjinde yn in feganistyske supermerk, dêr't er op wraak sint en plannen smeit om wer oan 'e macht te kommen. Behalven mei diktators en de Arabyske wrâld hat de film ek de gek mei Joaden en de Feriene Steaten. Fan 'e filmkritisy krige The Dictator mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie it in kommersjeel súkses.

Plot It fiktive Noardafrikaanske lân Wadiya (op in lânkaart toand mei deselde grinzen as Eritreä) wurdt no al jierrenlang regearre troch admiraal-generaal Haffaz Aladeen. Dat is in bernige, seksistyske, rasistyske, anty-Westerske, antysemityske diktator, dy't himsels omjout mei tsjeppe boarstige froulike liifwachten, en dy't fierders islamistysk terrorisme oanfiteret en eigen nukleêre wapens ûntwikkelje lit om Israel te ferdylgjen. Hy biedt yn syn paleis ûnderdak oan 'e echte Osama bin Laden, nei't de Amerikanen in jier earder dy syn dûbelgonger fermoarde hawwe. (Dêr hat er trouwens al spyt fan, mei't je neffens Aladeen pas witte wat terrorisme is as je nei it húske moatte nei't Bin Laden dêr krekt west hat.)

Op it persoanlike flak jout Aladeen lieding oan in kultus fan selsferhearliking, bgl. troch alderhanne wurden út it Wadiyaanske wurdboek te ferfangen troch "Aladeen". Syn rykdom en politike ynfloed brûkt er om alderhanne Hollywood-stjerren te beteljen om seks mei him te hawwen, ûnder wa Megan Fox, Oprah Winfrey en Arnold Schwarzenegger. Eins is er lykwols mar in sielich mantsje dat tige iensum is.

Nettsjinsteande al Aladeen syn nuvere fiten is it syn ûnwil om 'e grutte ierdoaljefoarrieden fan Wadiya eksploitearje te litten, dat ta in konfrontaasje mei it Westen liedt. Aldadeen hat nammentlik op syn heite stjerbêd in ûnthjit oan syn heit dien, dy't foar him diktator wie, dat er it lânskip en de natoerskientme fan Wadiya nea bedjerre soe troch de oaljeyndustry yn it lân ta te litten. Dat kin it oan oalje ferslave Westen lykwols net tastean, dat de Feilichheidsried fan 'e Feriene Naasjes jout Aladeen in ultimatum om 'e ierdoaljemaatskippijen yn syn lân oalje opboarje te litten, of oars komt der in militêre ynfal. Aladeen beslút dêrop nei it Haadkertier fan 'e Feriene Naasjes yn New York te reizgjen om 'e Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes ta te sprekken.

De earste nachts nei syn oankomst yn New York wurdt Aladeen bewusteleas slein en ûntfierd út syn hotelkeamer. As er wer bykomt, wurdt er fêstholden troch Clayton, in Amerikaanske hierling dy't foar de doer fan syn ferbliuw yn New York oansteld wie as haad befeiliging. It docht bliken dat dy Clayton eins in hiermoardner is, dy't betelle wurdt om Aladeen út 'e wei te romjen. Ynstee dat er de diktator gewoan deasjit, wol er him op yngewikkelde wize deamartelje. Hy begjint mei it ôfskearen fan it ikoanysk ringburd fan 'e diktator. As er dat neitiid foar de eagen fan Aladeen ferbrâne wol, stekt er by fersin himsels yn 'e brân. Clayton komt om, wylst Aladeen himsels wit te befrijen om dêrnei yn syn ûnderguod en mei in kealskeard kin te ûntsnappen. Hy stelt de klean fan in dakleaze en tsjocht New York yn.

As er weromkomt by syn hotel, it Lancaster, ûntdekt Aladeen lykwols dat de steatsgreep it wurk is fan syn ferriedlike omke en rjochterhân Tamir Aladeen. Dyselde hie syn broer, Aladeen syn heit, opfolgje wollen as diktator, mar waard oerslein. Sûnt hat er tasjen moatten hoe't syn omkesizzer der in potsje fan makket. No hat er de echte Aladeen ferfongen troch de dûbelgonger Efawadh, in ûnnoazele geitehoeder dy't krekt docht wat hy seit (as er teminsten begrypt wat der fan him frege wurdt, wat lang net altyd sa is). It is Tamir syn bedoeling om Efawadh in nije, demokratyske grûnwet ûndertekenje te litten, dy't de doar iepenje soe foar Westerske ierdoaljemaatskippijen. Mei Exxon, BP, Gazprom en de Sineeske steatsoaljemaatskippij hat Tamir oerienstimming berikt oer it beteljen fan in 'finerslean' oan himsels.

De echte Aladeen is sûnder syn burd ûnwerkenber, dat hy komt it hotel net yn. Underwilens lêst Tamir yn 'e krante dat der in ferkoald lyk fûn is; dat is fan Clayton, mar Tamir giet derfan út dat it fan Aladeen is. As Aladeen middenmank in demonstraasje tsjin himsels mei geweld it Lancaster Hotel besiket binnen te kringen, wurdt er delhuft troch de plysje. Hy wurdt rêden troch de feministyske aktiviste Zoey, dy't har dappere mei-demonstrant (tinkt se) meinimt nei har feganistyske supermerk anneks cateringservice en him in baan oanbiedt. Aladeen stegeret har ôf en pykt út nei't er har en al har meiwurkers op 'e meast polityk ynkorrekte wize misledige hat. By tafal sjocht Aladeen letter op 'e strjitte "Nukleêre" Nadal rinnen, it eardere haad fan it nukleêr wapenprogramma fan Wadiya, dy't Aladeen eksekutearje litten hie nei in rûzje oer de foarm fan 'e te ûntwikkeljen kearnwapens (rûn of puntich). De diktator snapt net hoe't hy noch libje kin, en folget him nei de buert Lyts Wadiya, dy't befolke wurdt troch allegear flechtlingen en asylsikers út syn heitelân. Yn it "Dea oan Aladeen"-Restaurant, sjocht Aladeen noch folle mear lju fan wa't er de eksekúsje befelle hat. Nei in mislearre krewearjen om syn identiteit te ferbergjen, wurdt Aladeen der troch in ober fan it restaurant fan beskuldige in 'Aladeen-sympatisant' te wêzen. Hy wurdt op in hier nei lyncht, mar "Nukleêre" Nadal, de iennichste dy't begrypt wa't se foar harren hawwe, komt him te help. Hy leit Aladeen út dat syn boal by it ferset sit, en dat gjinien fan alle minsken dy't er eksekutearje litten hat ek wier eksekutearre is. Ynstee binne se allegearre it lân útsmokkele en yn ballingskip gien yn 'e Feriene Steaten. Nadal stimt deryn ta om Aladeen te helpen de gearspanning fan Tamir leech te lizzen en wer diktator te wurden, op it betingst dat er sels dan wer haad fan it nukleêre wapenprogramma wurde mei.

Mei't de cateringservice fan Zoey it kontrakt krigen hat om it iten en drinken te fersoargjen op 'e seremoanje wêrby't Efawadh de nije grûnwet ûndertekenje sil, stiet Nadal der o sa by Aladeen op oan om werom te gean nei Zoey, syn ûntskuldigings oan te bieden en de baan dy't se him oanbea dochs noch oan te nimmen. Op dy manear kin er nammentlik maklik yn it Lancaster Hotel ynfiltrearje, Efawadh útskeakelje, syn plak ynnimme en op it moment suprème de grûnwet ferskuorre ynstee fan him ûndertekenje. Mei tsjinnichheid jout Aladeen ta dat dat in goed plan is, dat hy giet werom nei Zoey, makket it goed mei har en komt yn har saak te wurkjen. Se groeie nei inoar ta nei't Zoey syn seksuele avânses ôfstegeret en him (troch in tichte doar hinne) leart hoe't er himsels ôflûke moat (wat er earder nea leard hat om't der oant no ta altyd wol in frou wie om seks mei te hawwen).

Mei Nadal giet Aladeen op in rûnflecht foar toeristen yn in helikopter, wêrby't se it om-en-by fan it Lancaster Hotel út 'e loft wei ferkenne wolle. Harren uterlik, taal en de dwersferkearde wurden dy't se brûke, oertsjûgje de oare toeristen der lykwols fan dat se Arabyske terroristen binne dy't in nije oanslach op New York út 'e loft wei oan it tarieden binne. Fan gefolgen wurde se arrestearre. As Zoey delkomt op it plysjeburo om 'e boarch foar Aladeen yn te lizzen, seit se de plysje wiidweidich it mannewaar op oer etnysk profilearjen en rasisme. Dy konfrontaasje makket dat Aladeen fereale op har rekket.

Om har te helpen, bepraat er har om him foarman yn har saak te meitsjen, wêrnei't er as in diktator yn it lyts regaad makket en dingen docht dêr't Zoey te goed foar is, lykas de takeferdieling fan 'e wurknimmers oanpasse sadat se tenei putsjes opknappe dêr't se oanlis foar hawwe, ferfelende klanten op hurdhannige manear it gat fan 'e doar wize, en in stellende meiwurker derfan oertsjûgje syn libben te betterjen troch him te marteljen mei elektryske skokken. As in ynspekteur fan 'e Waretsjinst de saak mar in midsmjittige wurdearring jout, lit Aladeen syn frou en bern gizelje oant er omlyk wol. As de grutte supermerkkeatling oare kant strjitte de saak fan Zoey út 'e merk driget te drukken, leit Aladeen dêr in ôfhoude holle tusken de wettermeloenen, wat ta de sluting fan it filiaal liedt. (De holle is fan in al ferstoarn ûnderwrâldfiguer, dy't Nadal en Aladeen yn 'e deakiste ûnthalze hawwe om't er krekt sa'n burd hat as Aladeen hie. Aladeen moat dat burd wer hawwe om it plak fan Efawadh ynnimme te kinnen.)

Meitiid krije Aladeen en Zoey in relaasje, mar sy makket it út as Aladeen oan har opbychtet wa't er eins is. Se kin net fan in man hâlde dy't syn eigen folk sa brút ûnderdrukt. Boppedat seit se de catering fan 'e seremoanje ôf. Dat betsjut dat Aladeen en Nadal in oare manear fine moatte om Aladeen yn it hotel te krijen. Se beslute ta in zipline fan in foaroersteand gebou ôf. Aladeen kringt troch it finster de hotelkeamer fan Efawadh yn, oan wa't Tamir ferteld hie dat Aladeen siik wie. No fertelt Aladeen de ûnnoazele suffert dat er wer better is en sa kin er sûnder swierrichheden syn eigen plak wer ynnimme.

By de ûndertekeningsplechtichheid ferskuort Aladeen de nije grûnwet foar it each fan 'e gearklofte media. Hy lit Tamir arrestearje en hâldt dêrnei in hertstochtlike taspraak oer de deugden fan 'e diktatuer boppe dy fan 'e demokrasy. [Yn dy satiryske monolooch beskriuwt er in diktatuer, mar neamt er allegear dingen op dy't ek fan tapassing binne op 'e Feriene Steaten.] As er lykwols in gûlende Zoey efter yn 'e seal gewaarwurdt, feroaret de taspraak stadichoan fan toan. Aladeen swart úteinlik dat er Wadiya demokratisearje sil en eksploitaasje fan 'e oaljefjilden tastean sil, mar net ûnder de grûnwet fan Tamir, dy't de rykdom yn 'e hannen fan in lyts klykje lju om 'e macht hinne jaan soe, mar op in wize wêrby't de hiele befolking fan 'e nije wolfeart profitearje sil. Zoey komt nei foarren ta en Aladeen ferklearret har syn leafde. Underwilens brekt de poerrazene Tamir los en besiket Aladeen dea te sjitten, mar Efawadh springt yn 'e baan fan it skot en wurdt yn 'e holle rekke. Lokkigernôch binne de harsens foar him gjin lichemsdiel fan belang, dat hy oerlibbet it ûnferoare. Tamir wurdt neitiid yn 'e boeiens slein en ôffierd.

In jier letter wurde yn Wadiya de earste demokratyske ferkiezings holden, dy't troch kiezeryntimidaasje en stimbusfraude einigje yn in oerweldigjende oerwinning foar presidint-premier-admiraal-generaal Aladeen. Neitiid trout er mei Zoey, mar by it sluten fan it houlik wurdt er ûnoangenaam ferrast as bliken docht dat sy Joadsk is. Under de ôftiteling wurde bylden toand fan it konfoai fan Aladeen (dat no troch de ynfloed fan Zoey bestiet út eko-freonlike auto's) by in besyk fan 'e presidint oan Nadal. Dyselde is no wer haad fan it nukleêr wapenprogramma fan Wadiya, mar hy en Aladeen krije op 'e nij rûzje oer de foarm fan 'e kearnbommen. Yn in tillefyzje-ynterview mei har en Aladeen makket Zoey bekend dat se swier is fan harren earste bern; Aladeen reägearret troch te freegjen oft it "in jonkje of in abortus" is.

Langere ferzje