Hotel Mumbai is in Australysk-Amerikaansk-Yndiaaske aksje-skriller út 2018 ûnder rezjy fan Anthony Maras, mei yn 'e haadrollen Dev Patel en Nazanin Boniadi. De film is basearre op 'e wierbarde oanslaggen dy't yn 2008 troch islamistyske terroristen útfierd waarden yn 'e Yndiaaske stêd Bombay (Mumbai). Yn 'e plot fan Hotel Mumbai giet de oandacht benammen út nei de oanslaggen op it Taj Mahal Palace Hotel en de gizeling fan hotelgasten dêre, wêrby't in oansjenlik diel fan it hotelpersoniel op syn post bleau en helddedieden ferrjochte om 'e hotelgasten te beskermjen. Hotel Mumbai waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, yn septimber 2018, en draaide datselde jiers ek op it Filmfestival fan Adelaide, hoewol't de film pas yn 2019 yn 'e bioskopen kaam. Fan 'e filmkritisy krige Hotel Mumbai oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e bioskopen die de film it lykwols midsmjittich en kaam er nei alle gedachten net út 'e kosten.

Plot Op 26 novimber 2008 giet de jonge ober Arjun nei syn wurk yn it Taj Mahal Palace Hotel yn Bombay. Hy is let om't de oppas foar syn jonge dochterke net opdaagjen kommen is en hat yn 'e haast syn wurkskuon fergetten. Yn it Taj tsjinnet er ûnder de strikte sjef-kok Hemant Oberoi, dy't de obers yn 't sin bringt dat yn it hotel "de gast God is". As Arjun op slippers oansetten komt, wol Oberoi him nei hûs stjoere, mar Arjun hat it salaris fan eltse tsjinst bitter nedich om syn jonge gesin fan te ûnderhâlden, dat hy smeekt Oberoi om bliuwe te meien. Uteinlik kriget de sjef-kok moederaasje mei him en lient er him syn eigen reserveskuon, dy't Arjun lykwols in maat te lyts binne. Under de gasten fan dy dei binne de rike Britsk-Iraanske erfgenamte Zahra Kashani mei har Amerikaanske man David en harren soan Cameron, in poppe dy't fersoarge wurdt troch bernefamke Sally, en teffens Vasili Gordetsky, in ûnbehouwen âld-kommando fan 'e Russyske Spetznaz, dy't no in rike sakeman is.

Underwilens arrivearje mei in rubberboat oer see yn Bombay tsien jonge islamistyske terroristen fan 'e yn Pakistan fêstige organisaasje Lashkar-e-Taiba, dy't har út 'e haven wei yn taksys oer it súdlike diel fan 'e stêdekloft fan Bombay ferspriede. Hja wurde oer de mobile tillefoan oanstjoerd troch in opdrachtjouwer dy't himsels "Broer Bolle" neamt. Dy jûns sette de mannen útein mei in rige koördinearre oanslaggen op tolve ûnderskate lokaasjes, te begjinnen mei it Spoarstasjon Chhatrapati Shivaji, dêr't twa fan 'e mannen mei mitrailleurs yn it wylde wei om har hinne begjinne te sjitten en dêrby 58 reizgers deadzje en 104 oaren ferwûnje. De pleatslike plysje set in klopjacht yn op dy beide terroristen, dy't dwers troch de oangrinzgjende wiken giet. Wylst de plysje yn dat diel fan 'e stêd gearlutsen wurdt, begjinne de oare terroristen mei oanfallen op oare plakken. Yn it Leopold Café sjitte se 10 minsken dea.

De Australyske backpackers Eddie en Bree witte út it Leopold Café te ûntkommen en flechtsje yn panyk mei in kloft oare omstanners troch strjitten fan Bombay oant se foar de doarren fan it Taj Mahal Palace Hotel bedarje. De portiers besykje de wanhopige kliber earst tsjin te kearen, mar se krije al rillegau opdracht om eltsenien binnen te litten. Mei de echte flechtlingen komme ek de terroristen Imran en Abdullah it Taj binnen, dêr't se yn 'e lobby mitrailleurs en hangranaten út harren rêchsekken foar 't ljocht helje en begjinne te sjitten op 'e alle kanten út spattende oanwêzigen. De beide terroristen krije net folle letter fersterking fan in pear trewanten. De sitewaasje groeit de pleatslike plysje alhiel boppe de holle, mei't se net traind of tarist binne om mei terroristyske oanslaggen om te gean en boppedat te krijen hawwe mei ferskate soartgelikense gefallen ferspraat troch de stêd. Se kinne sadwaande inkeld in kordon om it Taj hinne lizze en wachtsje oant in spesjale kommando-ienheid arrivearret út 'e Yndiaaske haadstêd New Delhi, dat tûzenen kilometers fierderop leit.

Yn it hotel is it klearebare gaos. Arjun hat op it momint dat de oanfal begjint, tsjinst yn it restaurant fan it hotel, dêr't ûnder de iters David en Zahra binne en teffens Gordetsky. Hja ferskânzje har yn it restaurant, dêr't Arjun alle lampen út en de doar fan op 't slot docht. Underwilens stiet Sally sûnder euvelmoed yn 'e hotelkeamer fan David en Zahra ûnder de dûs wylst se op 'e lytse Cameron past, en is se sadwaande ûnberikber foar de har wanhopich opskiljende âlden fan it jonkje. Backpacker Eddie wit út in finster op 'e earste ferdjipping te springen, wêrby't er in skonk brekt. Hy wurdt troch de plysje yn feilichheid brocht, mar hy is by harren flecht troch it hotel syn freondinne Bree út it each ferlern.

As Sally einlings ûnder de dûs wei komt en har mobile tillefoan opnimt, kringt der op datselde stuit in beblette âldere frou de hotelkeamer binnen, flechtet by de fernuvere Sally lâns en slút harsels op yn 'e badkeamer. In pear terroristen komme it minske efternei, en Sally wit, mei Cameron op 'e earm, krekt op 'e tiid in skûlplak te finen yn in ynboude kleankast by de keamersdoar. Hja sjocht troch de skreven yn 'e lûvredoar fan 'e kast mei ôfgriis ta hoe't de mannen de badkeamersdoar iepenbrekke en de frou koelbloedich fermoardzje foar't se eefkes nei it húske geane en har dan wer ôfjouwe. David beslút dat er besykje moat om Sally en Cameron te berikken. Hy lit Zahra yn it restaurant efter en glûpt nei boppen ta. Hy belibbet ûnderweis ferskate nuodlike aventoeren, mar wit ûnskansearre Sally en Cameron te berikken.

Underwilens ropt sjef-kok Oberoi de kokenstêf en de obers byinoar en kundiget oan dat er fan doel is de gasten te helpen om te ûntsnappen. Hy freget de oare leden fan it personiel om help, mar jout dêrby daliks oan dat it neat is om harren foar te skamjen as se derfoar kieze út te piken; se hawwe ommers allegear in eigen húshâlding dêr't se om tinke moatte. Guon kieze der yndie foar om troch de kokendoar út it hotel fuort te glûpen, mar de measten beslute te bliuwen. Under lieding fan Oberoi sammelet de kokenstêf safolle mooglik hotelgasten yn 'e Chambers Lounge, in tige eksklusive heareklub yn it hotel, dy't gjin ynterne finsters hat, mar wol tarist is mei in grutte dûbele doar fan massyf hout, foarsjoen fan in stevich slot en in pear skoattels. Oberoi skillet Arjun op en riedt him mei klam oan om 'e gasten út it restaurant ek nei de Chambers Club te bringen. Arjun liedt dêrnei in stik as fyftjin hotelgasten, ûnder wa Zahra Kashani en Vasili Gordetsky, fia de betsjindetreppen nei de Chambers Lounge ta.

Yn 'e lobby hawwe twa fan 'e terroristen in pear resepsjonistes finzen nommen dy't op harren post bleaun wiene, ferskûle efter de baalje. Se hâlde ien fan harren in pistoal tsjin 'e holle oan, wylst se de oare de gasten opskilje litte dy't harren yn har eigen hotelkeamer ferskânze hawwe, mei it boadskip dat de plysje by harren foar de doar stiet om harren yn feilichheid te bringen. Wannear't de hotelgasten de doar iependogge, wurde se lykwols deasketten troch it oare pear terroristen. As de resepsjonistes dat hearre, wegerje se noch fierder mei te wurkjen, en wurde se allebeide fermoarde.

Zahra stjoert David in tekstberjocht wêryn't se him opropt om ek nei de Chambers Lounge ta te kommen. Sadwaande set David mei Sally en Cameron dêrhinne, mar hy wurdt opmurken troch ien fan 'e terroristen. Hy hat noch tiid om Sally, dy't Cameron op 'e earm hat, yn in kast mei handoeken en bêdrêding te triuwen foar't de terrorist om 'e hoeke komt en him oermânsk wurdt. Mei't se op dat stuit op 'e siik binne nei rike hotelgasten om as gizelders te brûken, wurdt David net deasketten, mar finzen nommen. Nei't er fuortfierd is, ûntdekt Sally dat de kastdoar inkeld fan bûtenôf iepene wurde kin en dat se no opsletten sit. David wurdt nei in hotelkeamer brocht dy't de terroristen as provisoarysk haadkertier brûke. Dêr wurdt er twongen om mei de hannen op 'e rêch fêstbûn op 'e búk op 'e flier lizzen te gean en him stil te hâlden.

Underwilens wurdt bûtendoar, by it plysjekordon, dúdlik dat de kommandotroepen út New Delhi net foar de oare moarns arrivearje sille. Hoewol't se opdracht krigen hawwe om ôf te wachtsjen en inkeld yn te gripen as de terroristen nei bûten ta komme, beslute resjersjeur Vam en syn partner Kanu dat se sa lang net wachtsje kinne. Mei de pleatslike plysje sa oerwurke, meitsje se gjin kâns om it hotel te weroverjen, mar Vam ornearret dat it al in slok op in boarrel skele soe as se de befeiligingskeamer witte soene te berikken, dêr't de bylden fan 'e befeiligingskamera's yn it hiele hotel binnenkomme; dan soene se de bewegings fan 'e terroristen yn 'e gaten hâlde kinne. Dat, Vam, syn partner en fjouwer unifoarmearre plysjes kringe it Taj binnen, dêr't se lykwols yn 'e lobby mei hangranaten bekûgele wurde. De unifoarmearre plysjes komme om, mar Vam en Kanu witte te ûntkommen, djipper it hotel yn.

In resepsjoniste bringt nochris ferskate tsientallen gasten nei de Chambers Lounge, ûnder wa de Australyske backpackster Bree, dy't swier ferwûne rekke is troch in skot yn it boarst, krekt boppe it hert. As dúdlik wurdt dat se it sûnder medyske help net oerlibje sil, biedt Arjun him oan as frijwilliger om te besykjen har it hotel út te helpen. Op 'e betsjindetreppen nei ûnderen ta komt it duo de beide plysjeresjersjeurs tsjin. Bree sjocht twa Yndiaaske manlju mei fjoerwapens en flechtet yn panyk fuort, wêrnei't se frijwol daliks in echte terrorist tsjin it liif rint en deasketten wurdt.

Arjun liedt de beide plysjeminsken nei de befeiligingskeamer ta. Dêr sjogge se op 'e bylden fan in befeiligingskamera hoe't in terrorist, dy't it identiteitsbewiis fan ien fan 'e fermoarde plysjes út 'e lobby brûkt, Oberoi besiket te bepraten om 'e doarren fan 'e Chambers Lounge te iepenjen. As Arjun de beide resjersjeurs fertelt dat dêr mear as fyftich hotelgasten sammele binne mei tsientallen leden fan it personiel, geane de beide resjersjeurs daliks dy kant út, ek al binne se mar bewapene mei pistoalen, wylst de terroristen mitrailleurs ta har foldwaan hawwe. Arjun skillet Oberoi op en warskôget him krekt op 'e tiid om 'e doarren net iepen te dwaan. De terrorist besiket dan de doarren iepen te brekken troch in ornaminteel stânbyld as stoarmraam te brûken, mar de swiere doarren jouwe gjin krimp. Twa oare terroristen komme opdaagjen, en foar't se op it idee komme kinne om in hângranaat te brûken, wurde se oanfallen troch Vam en Kanu. It slagget harren net om 'e terroristen te deadzjen, mar se witte ien te ferwûnjen troch him yn 'e skonk te sjitten. Kanu rekket ferwûne, dat Vam skuort him mei en pykt út. De trije terroristen geane efter de flechtsjende plysjes oan en litte de Chambers Lounge fierders gewurde. Vam en Kanu witte it hotel wer út te kommen.

De yn 'e skonk sketten terrorist is Imran. Mei't er kwealk noch rinne kin, wurdt hy neitiid troch de oaren oanwiisd as bewekker fan 'e gizelders. As er allinne mei harren is, skillet er syn heit op. It docht bliken dat de terroristen by harren ôfreis út Pakistan, om 'e oanslaggen yn Bombay te dwaan, har famylje wiismakke hawwe dat se yn training giene foar it leger. It wurdt ek dúdlik dat "Broer Bolle" ûnthjitten hie om in oansjenlik bedrach ta kompinsaasje oer te meitsjen oan harren famyljes, mar dat er dat net dien hat, ta argewaasje fan Imran, dy't almar mear desyllúzjonearre rekket mei de hiele sitewaasje.