Iron Man 3 is in Amerikaanske superheldefilm út 2012 ûnder rezjy fan Shane Black, mei yn 'e haadrollen Robert Downey jr. en Gwyneth Paltrow. De titel ferwiist nei de haadpersoan, de superheld Iron Man (de "Izeren Man"), oarspronklik in stripfiguer fan Marvel Comics. It ferhaal folget Iron Man as er wrakselet mei in posttraumatysk stress-syndroom, wylst er tagelyk de ynternasjonale terrorist útskeakelje moat dy't himsels 'de Mandaryn' neamt. Dêrby wurdt er efterfolge troch de gefolgen fan syn eigen minne beslissings út it ferline. Iron Man 3 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film makket diel út fan Phase 2 fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget as sadanich op The Avengers. De folgjende film fan 'e rige is Thor: The Dark World, dy't itselde jiers útkaam. Iron Man 3 wûn trije Saturn Awards en waard nominearre foar de Oscar foar bêste special effects.

Plot Yn 1999, op in Aldjiersjûnsfiering op in konvinsje yn it Switserske Bern, moetet Tony Stark wittenskipster Maya Hansen, de útfynster fan 'Extremis', in eksperimintele, regenerative behanneling dêr't planten troch opbetterje kinne fan ferwûnings. Yn 'e lift, krekt as Stark Maya oan it fersieren is, wurdt er oansprutsen troch de lichaamlik beheinde wittenskipper Aldrich Killian. Dyselde freget him om 'e lapen mei him gear te smiten, sadat er syn bedriuw Advanced Idea Mechanics (AIM) fan 'e ûndergong rêde kin. Om fan 'e opdringerige, ferfeelsume man ôf te kommen, seit Stark ta dat er him mei tweintich minuten op it dak fan it hotel moetsje sil om te bepraten hoe't se gearwurkje kinne, sûnder ea ek mar in sekonde fan doel te wêzen om dy ôfspraak nei te kommen. Ynstee slagget er mei Maya op bêd, mar as sy it de oare moarns mei Stark oer Extremis hawwe wol, wat foar har de reden wie om him op te sykjen, blykt er al útpykt te wêzen.

Yn desimber 2012, in goed healjier nei't Stark yn 'e foarm fan syn superhelde-alter ego Iron Man yn New York meifochten hat tsjin in bûtenierdske ynvaazje fan 'e Ierde (sjoch: The Avengers), wrakselet er mei in posttramatysk stress-syndroom en hat er geregeldwei panykoanfallen fanwegen syn ûnderfinings by it sluten fan it wjirmgat boppe de stêd. As er sliept, kriget er nachtmerjes, dat hy hat him oanwûn om safolle mooglik wekker te bliuwen en bringt syn nachten troch mei it ûntwerpen en bouwen fan en omnifeljen mei tsientallen nije Iron Man-harnassen. Dat liedt ta spannings mei syn freondinne Pepper Potts.

Dyselde hat ûnderwilens de deistige lieding oer Stark Industries oernommen. Op har wurk wurdt se opsocht troch Killian, dy't (neffens him tanksij jierren fan fysioterapy) no net mear lichaamlik beheind is. AIM is no dwaande mei de ûntwikkeling fan Extremis foar minsken en hy biedt oan om datoangeande gear te wurkjen mei Stark Industries. Pepper, dy't ynsjocht hoe ienfâldich oft Extremis militarisearre wurde kinne soe, stegeret him lykwols ôf. Neitiid begjint Happy Hogan, Stark syn eardere liifwacht dy't no haad befeiliging is by Stark Industries, Killian en in anonime selskipsman te folgjen om't er it net rjocht stiet wat de beide mannen by de ein hawwe.

Underwilens hawwe de Feriene Steaten te lijen ûnder in rige bomoanslaggen, opeaske troch in ynternasjonale terrorist dy't himsels de Mandaryn neamd, nei de histoaryske magistraten yn it Keizerryk Sina. De plysje- en feilichheidstsjinsten steane mei lege hannen, mei't der gjin fragminten fan 'e bommen weromfûn wurde dêr't se ûndersyk nei dwaan kinne. As Happy de selskipsman fan Killian folget nei it Grauman's Chinese Theatre, in ferneamde bioskoop yn Hollywood, rekket er sa swier ferwûne by in nije bomoanslach, dat er yn koma komt te lizzen. In breinroere Stark kundiget nei in besyk oan it sikehûs live op 'e tillefyzje oan dat er mei de Mandaryn ôfweve sil, wêrnei't er it adres fan syn filla oan see yn Malibu opjout foar it gefal dat de terrorist him thús opsykje wol.

Net folle letter komt Maya Hansen by Stark oan 'e doar om him earne foar te warskôgjen, krekt op it stuit dat Stark en Pepper in heechoprinnende rûzje hawwe oer de fraach oft se ûnderdûke moatte, ja of nee. Maya komt nea oan har warskôging ta, mei't de rûzje pas einiget as der trije gefjochtshelikopters arrivearje dy't út 'e loft wie de filla fan Stark mei raketten ûnder fjoer nimme. Pepper oerlibbet de oanfal mei Maya, mar Stark stoart mei de restanten fan 'e filla by it klif del yn 'e Stille Oseaan en wurdt dea waand.

Eins ûntkomt Stark yn in eksperiminteel nij Iron Man-harnas oan 'e dea trochdat er rêden wurdt troch syn keunstmjittige yntelliginsje J.A.R.V.I.S. As er wer by by bewustwêzen komt, docht bliken dat J.A.R.V.I.S. him nei Rose Hill flein hat, op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Tennessee. Dêr hat jierren lyn in opmerklike bomoanslach fan in Amerikaanske feteraan út 'e Irakoarloch op 'e pleatslike tsjerke plakfûn, en Stark en J.A.R.V.I.S. hiene earder bepraat hoe folle oft dy oanslach liek op 'e resinte oanslaggen fan 'e Mandaryn. Troch alle beproevings dêr't it eksperimintele harnas oan bleatsteld is, rekket it lykwols stikken. Stark komt fêst te sitten yn in wintersk Tennessee en moat in skûlplak foar de nacht sykje. Dat fynt er yn it skuorke anneks wurkplak fan 'e teenager Harley Keener, dy't him neitiid helpt om it Iron Man-harnas safierhinne op te kallefaterjen dat it wer opladen wurde kin.

Wylst dat syn beslach kriget, lit Stark him yn Rose Hill rûnliede troch Harley. Hy docht ûndersyk nei de oanslach dêre en hat in moeting mei frou Davis, de mem fan 'e soldaat dy't de selsmoardoanslach begien hawwe soe. Hja jout him in dossier fan har soan dêr't út blykt dat er ien fan in stikmannich lichaamlik beheinde feteranen wie dy't ûnderwurpen wiene oan terapy mei Extremis om harren amputearre lichemsdielen wer oangroeie te litten. Njonkelytsen wurdt it Stark dúdlik dat de 'bomoanslaggen' eins âld-soldaten binne by wa't it lichem de behanneling op eksplosive wize ôfstjit. Dàt is de reden dat er nea fragminten fan bommen fûn binne: de 'bom' is folslein biologysk. Stark ûnderfynt út 'e earste hân hoe't Extremis wurket as er oanfallen wurdt troch in froulike feteraan, Ellen Brandt, en troch Eric Savin, de selskipsman fan Killian dy't earder de erchtinkendheid fan Happy Hogan wekke. Stark wit lykwols Brandt te deadzjen, wylst er Savin tydlik útskeakelet.

Underwilens dûkt Killian wer yn Los Angeles op, dêr't er Pepper oermasteret en ûntfierd, holpen troch Maya, dy't dat, sa blykt no, altyd al fan doel wie. Maya wie poer tsjin op it plan fan Killian om Stark te fermoardzjen, mei't se ferlet hat fan syn technyske kennis om 'e flaters út Extremis te heljen. Dêrom besocht se him ek te warskôgjen foar de oanfal op syn filla yn Malibu. Troch Pepper yn gizeling te nimmen, hawwe Killian en Maya no in twangmiddel yn 'e hannen om Stark meiwurkje te litten. De Amerikaanske ynljochtingetsjinsten sykje wilens noch altyd fierder nei it skûlplak fan 'e Mandaryn yn 'e grinskrite fan Afganistan en Pakistan. Kolonel James Rhodes, foarhinne War Machine mar no omneamd ta de Iron Patriot, wurdt dêr troch Extremis-feteraan Taggart yn in mûklaach lokke om syn Iron Man-eftige harnas te stellen.

Mei help fan 'e weropstarte J.A.R.V.I.S. spoart Stark it haadkertier fan 'e Mandaryn op, net yn Sintraal-Aazje, mar yn Miami. Mei ymprovisearre wapenreau ynfiltrearret er dêr, mar ynstee fan 'e rabiate terrorist dy't er ferwachtet, fynt er dêr de oan legerwâl rekke, drugsferslaafde Ingelske akteur Trevor Slattery, dy't troch Killian ynhierd is om 'e Mandaryn te spyljen yn 'e fideoboadskippen dy't fia ynternet en tillefyzje ferspraat wurde. Slattery liket alhiel gjin euvelmoed te hawwen yn 'e dieden dêr't de Mandaryn ferantwurdlikens foar opeasket. Wylst Stark noch besiket te ferwurkjen wat dat allegear betsjut, komt Savin him fan efteren oer it mad en slacht him bewusteleas.

Wannear't Stark wer bykomt, wurdt er fêstholden troch Maya, dy't him besiket te ferlieden om har mei har fierdere ûndersyk foar Extremis te helpen. Ynstee bepraat Stark har om hìm te helpen tsjin Killian. As dyselde opdaagjen komt, jout er ta dat er himsels Maya har ûndersyk yn earste ynstânsje ta-eigene hat om syn eigen lichaamlike beheining te oerwinnen, en dat er letter it programma útwreide hat om oarlochsfeteranen te genêzen. De ûntploffings hat er taskreaun oan in terroristysk komplot om 'e flaters yn 'e wurking fan Extremis op minsken te fertsjustermoanjen. Want as dy bekend waarden, soe dat fuortendaliks de ein fan it programma en dêrmei fan AIM betsjutte. Killian lit Stark ek live-bylden sjen fan in pinige Pepper, dy't ûnderwurpen wurdt oan Ekstremis-terapy. Dêrmei wol er net iens sasear Stark syn meiwurking ôftwinge, as wol wraak nimme foar Stark syn achteleas negearjen fan him, trettjin jier lyn. Dat is foar Maya de drip dêr't de amer fan oerrint. Mei't se sels ek Extremis-terapy ûndergien hat, driget se harsels op te blazen, en dêrmei it haadkertier fan AIM, as Killian Stark en Pepper net gean lit. Killian sjit har lykwols dea foar't se dat drigemint útfiere kin.

Yn 'e tuskentiid is it eksperimintele Iron Man-harnas yn it skuorke fan Harley yn Rose Hill einlings en te'n lêsten sa goed as folslein weropladen. Stark ropt it nei him ta, en de ûnderdielen fleane mei kûgelsfaasje de pear tûzen kilometer nei Miami, dêr't se har om syn lichem hinne foarmje. Hy wit te ûntsnappen en jout him by Rhodes, dy't ûnderwilens syn Iron Patriot-harnas oan Killian kwytrekke is. Op basis fan dingen dy't Slattery Killian sizzen heard hat, krije de beide mannen foar it ferstân dat Killian fan doel om 'e presidint fan 'e Feriene Steaten Ellis oan te fallen oan board fan it presidinsjele fleantúch Air Force One. Se warskôgje fise-presidint Rodriguez, dy't seit dat er alaarm slaan sil. Dat docht er lykwols net, om't er ûnder ien tekken skûlet mei Killian, dy't tasein hat it lichaamlik beheinde dochterke fan Rodriguez te genêzen.

Savin kringt Air Force One binnen troch him yn it Iron Patriot-harnas foar te dwaan as Rhodes, wêrnei't er, as it tastel ienris yn 'e loft is, de presidinsjele liifwachten fan 'e Secret Service deadet en de presidint sels ûntfiert troch him bewusteleas yn it Iron Patriot-harnas te stopjen en fuortfleane te litten. De oare ynsittenden lit er út it fleantúch falle, dat er dêrnei sabotearret om it delstoarte te litten. Stark kringt it tastel binnen en deadet Savin, wêrnei't er weardefolle tiid fergrieme moat om 'e út it fleantúch fallen bemanningsleden en passazjiers te rêden ear't se op it ierdoerflak te pletter falle. Dat slagget, en hy lit de hiele kloft sêft delkomme yn it oerflaktewetter fan in ynham fan 'e Atlantyske Oseaan, mar dêrnei wurdt er, as er leech oer in brêge fljocht, hommels skept troch in passearjende frachtwein. Stark oerlibbet dat tanksij syn harnas, mar it harnas is nei syn groatsje.

Stark en Rhodes folgje it spoar fan Killian nei in skansearre oaljetanker yn 'e haven fan Miami, dêr't Killian fan doel is om, sabeare as de Mandaryn, presidint Ellis live op 'e tillefyzje te eksekutearjen. As fise-presidint Rodriguez dêrnei presidint wurdt, sil der feitliks in steatsgreep dien wêze, mei as resultaat in nij regear dat Killian syn ûndersyk en tapassing fan Extremis op feteranen ûnderstypje sil. Dat is lykwols bûten Stark en Rhodes rekkene. De beide mannen kringe de oaljetanker binnen, wêrnei't Rhodes de presidint besiket te befrijen, wylst Stark op 'e siik giet nei Pepper. Underwilens is yn Malibu by de ruïne fan 'e filla fan Stark it púnromjen safierhinne foardere, dat der in ûndergrûnske klûs bleatlein wurdt. De doar giet iepen en út 'e djipte fljocht it iene nei it oare Iron Man-harnas te foarskyn, bestjoerd troch J.A.R.V.I.S., dy't allegearre koers sette nei Miami.