Django Unchained (útspr.: [ˈʤæŋɡoʊ ʌnˈʧeːnd], likernôch: "dzjêng-goo an-tsjeend") is in Amerikaanske refizjonistyske westernfilm út 2012 ûnder rezjy fan Quentin Tarantino, mei yn 'e haadrollen Jamie Foxx en Christoph Waltz. De titel betsjut "Django Los fan 't Tsjoar". It ferhaal giet oer de befrijde negerslaaf Django, dy't in preemjejager wurdt yn it Wylde Westen en it Amerikaanske Suden fan 'e ein fan it Antebellum. Mei syn blanke freon King Schultz spoart er syn trochferkochte frou Broomhilda op, dy't as slavinne fêstholden wurdt op 'e plantaazje Candyland fan Calvin Candie yn Mississippy. De beide mannen betinke in yngewikkeld plan om Candie in mouwe oan te naaien en Broomhilda frij te krijen.
Django Unchained krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't der in beskate kontroverse ûntstie oangeande de historisiteit, it geweld yn 'e film en it mannichfâldige (en histoarysk korrekte) gebrûk fan it wurd nigger ("nikker") troch de blanke personaazjes, dat troch party resinsinten as oanstjitjaand ûnderfûn waard. Nettsjinsteande dat wie de film yn 'e bioskopen in ûnbidich kommersjeel súkses. Django Unchained wûn twa Oscars, twa Golden Globes, twa BAFTA's, in Saturn Award en ferskate oare prizen. De film waard ek nominearre foar sawol de Oscar foar Bêste Film as de Golden Globe foar Bêste Film – Drama.
Plot Yn it Teksas fan 1858 driuwe de bruorren Ace en Dicky Speck in groep negerslaven yn keatlings troch de wyldernis. As de nacht falt, wurdt de groep oanholden troch in King Schultz, in fan oarsprong Dútske toskedokter, dy't belangstelling seit te hawwen foar de oankeap fan in beskate slaaf dy't fan 'e Carrucanplantaazje komt en de trije bruorren Brittle fan gesicht ken. Ien fan 'e slaven, Django, blykt yndie fan dyselde plantaazje te kommen. Ace Speck stiet it spul net, dat hy rjochtet syn gewear op Schultz en sommearret him om op te sokkebaljen of oars. As dúdlik wurdt dat it Ace mienen is mei de bedriging, reägearret Schultz troch syn pistoal te lûken en Ace dea te sjitten.
Hy sjit ek it hynder dea fan Dicky, dy't ûngelokkich mei in brutsen skonk ûnder it kadaver fêst komt te sitten. Schultz befreget Django fierder oer de bruorren Brittle, en as er befredigjende antwurden kriget, smyt er it jild foar de oankeap fan Django by Dicky Speck del en ferfalsket er in bewiis fan oankeap. Hy jout Django de jas en hoed en it hynder fan Ace Dicky en riidt mei him fuort. As er by de oare negerslaven lâns komt, smyt er harren de kaaien fan har keatlings ta en suggerearret er dat Dicky Speck deameitsje, de liken fan 'e beide bruorren ferbergje en útpike nei oarden dêr't gjin slavernij bestiet. As Django ûnder it fuortriden omsjocht, wurdt er gewaar dat de oare negerslaven Schultz syn suggestje opfolgje.
Letter fertelt Schultz oan Django dat er in echte toskedokter is, mar dat er dat berop al yn gjin jierren mear útoefene hat. Hy hat nammentlik in folle lukrativere manear ûntdutsen om 'e kost te fertsjinjen: troch preemjejager te wêzen. De trije bruorren Brittle, Big John, Li'l Raj en Ellis, wurde socht foar moard, en de preemje dy't harren op 'e holle set is, wurdt útkeard oft se no libben of dea ynlevere wurde. (Schultz jout der de foarkar oan om se dea yn te leverjen, mei't se dan minder tsjinakselje.) Syn probleem is: hy ken de bruorren Brittle net en wit sadwaande net hoe't se derút sjogge. Mar Django ken harren wol. Dat, hoewol't Schultz eins it ynstitút fan slavernij ferspijt, sil er der dochs gebrûk fan meitsje om Django syn help ôf te twingen. Mar hy stelt dizze ôfspraak foar: Django helpt him de bruorren Brittle te identifisearjen, en dêrnei jout Schultz Django syn frijheid.
Django hat sa syn eigen redens om 'e bruorren Brittle te haatsjen. Hy en syn frou Broomhilda von Schaft, in hûsslavinne dy't grutbrocht is op 'e plantaazje fan 'e Dútske famylje Von Schaft, en dy't sadwaande sawol Ingelsk as Dútsk sprekt, hawwe besocht te ûntkommen fan 'e Carrucanplantaazje, mar se binne opspoard en werombrocht. Dêrnei hawwe de bruorren Brittle, dy't de slave-opsichters op 'e Carrucanplantaazje wiene, Broomhilda tramtearre mei swypslaggen. Neitiid hat de âlde Carrucan har beiden by wize fan straf apart faninoar ferkocht. De bruorren Brittle hawwe sadwaande noch wat fan Django te goede, en hy giet dêrom grif akkoart mei it foarstel fan Schultz.
Schultz en Django folgje it spoar fan 'e bruorren Brittle nei Tennessee, dêr't se harren ûnder in falske namme weromfine as slave-opsichters op 'e plantaazje fan Spencer "Big Daddy" Bennett. Django sjit Big John en Li'l Raj dea, wylst Schultz, dy't in skerpskutter is, de flechtsjende Ellis fan syn hynder sjit. Neitiid pike se gau-gau mei de trije liken út, mar dy nachts wurdt harren kamp oerfallen troch Big Daddy en in troep maskere ruters. Schultz is harren lykwols in stap foar en bringt fan op ôfstân de eksplosiven yn syn rydtúch ta ûntploffing. Dêrby komme in protte maskere manlju om en de oaren naaie út. Schultz jout Django syn gewear en lit him besykje om Big Daddy fan syn hynder te sjitten, wat wûnderwol slagget. Hy stelt tefreden fêst dat Django mei fjoerwapens in natoertalint is.
Neitiid stiet it Schultz nuveraardich tsjin om Django frij te litten, om't er him ferantwurdlik foar him fielt. Hy stelt in nije ôfspraak foar: hy jout Django syn frijheid en nimt him oan as assistint, wêrnei't se tegearre de winter trochbringe mei it ynjen fan preemjes. Yn 'e maityd sil er mei Django ôfreizgje nei Greenville (Mississippy), dêr't Django en Broomhilda ferkocht binne en dêr't noch in bewiis fan ferkeap wêze moat dat harren fertelle kin wa't Broomhilda oankocht hat. Django giet fannijs akkoart. De beide mannen reizgje werom nei Teksas, dêr't Django syn earste preemje inet en op oantrúnjen fan Schultz it opspoaringsberjocht as oantinken bewarret. Se bringen de winter yn 'e Rocky Mountains troch, dêr't se ferskate sochte kriminelen opspoare en deasjitte en de preemjes binnenswylje.
Mei de maityd reizgje se tegearre nei Greenville, dêr't Schultz (oars as mei Django it gefal west hie) maklik tagong kriget ta it argyf fan 'e slavefeiling. It docht bliken dat de nije eigner fan Broomhilda in Calvin J. Candie is, de sjarmante mar wrede eigner fan 'e plantaazje Candyland. Django wol dêrhinne ride en besykje Broomhilda frij te keapjen, mar Schultz freget him wat er sil as Candie wegeret mei te wurkjen. Hy stelt ynstee in slûchslimmer plan foar. Candie is nammentlik ien dy't gaadlike manlike slaven yn gladiatoreftige "mandingo"-gefjochten oant de dea mei-inoar wrakselje lit. Schultz sil him foardwaan as in leafhawwer fan sokke gefjochten, dy't ien fan Candie syn mandingoslaven foar de healwiis hege priis fan $12.000 keapje wol [yn jild fan 2020 is dat $359.000]. By syn praat mei Candie sil er him der o sa op foarstean litte dat er in Dútser is en dat er de klank fan syn eigen taal mist. Candie sil dan perfoarst sizze dat hy in slavinne hat dy't Dútsk sprekt. Schultz sil freegje oft er net ris in skoftke mei har petearje mei en letter sil er har op 'e mandingo ta keapje (wêrby't er fansels nea foar de mandingo betelje sil) en mei Django en Broomhilda weiwurde om nea wer wat fan him hearre te litten.
Schultz, as leafhawwer fan mandingogefjochten en aspirearjend eigner fan in eigen mandingokampioen, en Django as ekspêr op it mêd fan 'e kwaliteit fan slaven dy't him advisearje moat, nimme kontakt op mei Leonide Moguy, de abbekaat fan Candie. Dyselde bringt harren yn 'e stêd mei de plantaazje-eigner yn kontakt. It giet dat it slydjaget: Schultz neamt de priis dy't er foar in mandingoslaaf oer hawwe soe, en Candie kin sa'n bedrach net negearje en nûget harren út op Candyland. By oankomst op 'e plantaazje treft it selskip in kloft slave-opsichters anneks spoarsikers dy't D'Artagnan weromhelle hawwe, in mandingoslaaf dy't besocht hat út te naaien. Candie boartet op wrede wize mei de man om. It deart Schultz oan en hy besiket tuskenbeiden te kommen, mar Django hâldt him tsjin om foar te kommen dat er út syn rol falt en harren ferriedt. Dêrop lit Candie D'Artagnan troch de speurhûnen fan 'e slave-opsichters útinoar skuorre, ta sichtbere oerstjoerens fan Schultz.
As se by it haadgebou fan 'e plantaazje oankomme, freget Schultz oft er de Dútssprekkende Broomhilda moetsje kin, oer wa't Candie him ûnderweis ferteld hat. Hy ljochtet har yn oer it plan fan him en Django. Dy jûns, ûnder iten, komme Schultz en Candie ta oerienstimming oer de oankeap fan 'e mandingofjochter Eskimo Joe foar de priis fan $12.000. Schultz betinget wol dat de slaaf earst troch in dokter fan syn kar lichaamlik ûndersocht wurde moat, en dat der troch syn abbekaat en Moguy in formeel kontrakt opsteld wurde moat foar't er safolle jild oerdraacht. Dat liket Candie hiel reedlik ta, en de beide mannen beslute oer fiif dagen de keap te foltôgjen. Letter fernimt Schultz sa sydlingswei oft it ek mooglik is om Broomhilda te keapjen, mei't er fan harren Dútske petear sa genoaten hat. Candie, dy't him tige goedgeunstich sind is nei it fertsjinjen fan $12.000, sjocht der gjin beswier yn om foar $300 ôfstân fan 'e slavinne te dwaan, mar ear't er dat sizze kin, wurdt er ûnderbrutsen.
It is Stephen, in tige trouwe en manipulative âlde hûsslaaf dy't foar Candie as majordomo fungearret, dy't útfigelearret wat der geande is troch de temûke blikken dy't Broomhilda op Django werpt. Hy nimt syn master apart en leit him de sitewaasje út. Candie, dy't sels yn 'e fierste fierte gjin ûnrie roek, is poerrazen om sa bedragen te wurden. Hy lit Schultz en Django troch syn liifwacht Butch Pooch ûnder skot hâlde en ûntwapenje. Dêrnei easket er no daliks $12.000 foar Broomhilda ynstee fan foar in mandingokampioen. Under bedriging mei de dea giet Schultz akkoart. De keap wurdt dêrnei op min ofte mear beskaafde wize ôfhannele. Der ûntstiet lykwols in probleem as Candie derop stiet om ta ôfrûning fan it spul mei Schultz te fûstkjen, eat dat Schultz wegeret om't er net de hân skodzje wol fan 'e man dy't syn slaven oan 'e hûnen opfuorret. Candie warskôget dat de hiele keap net trochgiet as Schultz net mei him fûstket, mar Schultz kin him net foarstelle dat Candie de $12.000 weromjaan sil. Dêrop jout Candie opdracht oan Pooch om syn ôfseage jachtgewear Broomhilda tsjin 'e holle oan te setten. Schultz liket dan troch de bocht te gean en stekt de hân nei Candie út, mar op it lêste momint skoddet er in derringer út 'e mouwe en sjit Candie dea.
Pooch sjit dêrnei Schultz dea mei it ôfseage jachtgewear. Django grypt in revolver en begjint alle mannen fan Candie dea te sjitten, ûnder wa Pooch en de abbekaat, Moguy. Uteinlik moat er him lykwols oerjaan as Stephen beävensearret dat Broomhilda yn gizeling nommen wurdt. De oare moarns, nei't er martele is, risselwearret Billy Crash, de foarman fan Candyland, om Django te kastrearjen. Dat wurdt lykwols op it lêste momint foarkomd troch Stephen, dy't Lara Lee, de suster fan Candie, bepraat hat om Django te ferkeapjen oan 'e LeQuint Dickey Mining Company, in mynboubedriuw dat berucht is om 'e minne behanneling fan syn slaven, dy't harsels letterlik deawurkje moatte.
Underweis nei de myn mei in groep oare slaven ûnder bewekking fan Roy, Floyd en Frankie, trije wurknimmers fan 'e LeQuint Dickey Mining Company, betinkt Django in plan om frij te kommen. Hy fertelt it net bjuster skrandere trio bewekkers dat er gjin slaaf, mar in preemjejager is, en dat er op Candyland wie om in binde sochte banditen, dy't dêr beskûl fûn hat, dea te sjitten foar de preemjes op har hollen ter wearde fan $11.500. Dat slagge lykwols net, en ynstee waard Calvin Candie deasketten troch de banditen, dy't him dêr de skuld fan joegen. Django wit de bewekkers te oertsjûgjen fan syn ferhaal troch harren it opspoaringsberjocht fan syn earste preemje sjen te litten, dat er noch yn 'e broeksbûse hat. De bewekkers sjogge it ynjen fan safolle preemjejild wol sitten, dat se prate mei him ôf dat se fjouweresom werom sille nei Candyland. Sadree't se him in revolver jouwe, sjit er harren alle trije dea.