In filmranch (Ingelsk: movie ranch) is in ranch dy't alteast foar in part brûkt wurdt foar de opnamen fan films en/of tillefyzjesearjes. It is in apart soarte studiokompleks dat faak gjin soundstages omfettet, mar inkeld in grut backlot mei faak wol ien of mear filmsets yn 'e iepen loft. De earste filmranches waarden yn 'e 1920-er jierren iepene troch de grutte filmstudio's fan Hollywood. It wie nammentlik dreech om foar it meitsjen fan westernfilms de topografy fan it Wylde Westen nei te bearen yn 'e studio. Ynstee waarden rustike lokaasjes útsocht yn dellings en mank heuvels dy't dêrfoar brûkt wurde koene. Ek foar grutskalige gefjochtssênes út oarlochsfilms kamen sokke lokaasjes goed te pas. Omreden fan it geunstige klimaat en de tagonklikheid út Hollywood wei binne de measte filmranches te finen yn 'e San Fernandodelling, de Santa Claritadelling en de Simidelling yn Súdlik Kalifornje.

Bekende filmranches binne: Apacheland Movie Ranch Big Sky Ranch Columbia Ranch (no de Warner Bros. Ranch) Corriganville Movie Ranch Golden Oak Ranch Iverson Movie Ranch J.W. Eaves Movie Ranch Jack Ingram Movie Ranch Lasky Ranch (San Fernando Valley Providencia Ranch) Lasky Mesa RanchMonogram Ranch (Melody Ranch) Paramount Movie Ranch Pioneertown Red Hills Ranch RKO Encino Ranch Skywalker Ranch Spahn Ranch Southfork Ranch 20th Century Fox Movie Ranch Warner Bros. Ranch

Kategory:Film- en telefyzjestudiokompleks Kategory:Filmterm Kategory:Ranch Kategory:Yntroduksje út de 20e iuw