Brokeback Mountain is in Amerikaanske romantyske dramafilm tsjin in neo-westerneftergrûn út 2005. De film waard makke troch fan Taiwaneeske regisseur Ang Lee, mei yn 'e haadrollen Heath Ledger en Jake Gyllenhaal. It senario waard skreaun op basis fan it koarte ferhaal mei deselde namme fan Annie Proulx. De titel betsjut letterlik "Brutsenrêchberch" en ferwiist nei in geografyske lokaasje yn 'e film. It ferhaal giet oer in pear Amerikaanske cowboys dy't inoar yn 1963 yn Wyoming moetsje en fereale opinoar reitsje. It dan algemien jildende stelsel fan noarmen en wearden, dat homoseksualiteit net akseptearret, twingt harren lykwols om net inkeld har relaasje, mar har hiele seksuele oriïntaasje geheim te hâlden. Dat, om oan maatskiplike ferwachtings te foldwaan, trouwe se allebeide mei froulju dy't neat fan harren djipste gefoelens ôfwitte, wylst se ferskate kearen yn it jier tegearre de bergen yngeane, sabeare om te angelfiskjen.

Brokeback Mountain waard it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. Yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súkses, en troch filmkritisy waard er rûnom mei it heechste lof ûnthelle, benammen wat de rezjy fan Lee en it aktearjen fan Ledger en Gyllenhaal oanbelange. Brokeback Mountain wûn trije Oscars, fjouwer Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Dramafilm), de Gouden Liuw fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, fjouwer BAFTA's, twa Independent Spirit Awards, fjouwer Satellite Awards en ferskate oare prizen. Yn 2018 waard Brokeback Mountain foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register. De film wie it mulpunt fan ferskate lytse kontroverses, lykas oer de fraach wat no krekt de seksuele oriïntaasje fan 'e beide haadpersoanen wie en wêrom't Brokeback Mountain de Oscar foar Bêste Film ferlear oan Crash. De film wurdt tsjintwurdich beskôge as in kearpunt yn 'e opname fan films oer homoseksuelen en oare seksuele minderheden yn 'e mainstream-filmyndustry.

Plot Yn 1963 wurde yn 'e Amerikaanske steat Wyoming de cowboys Ennis Del Mar en Jack Twist oannommen troch skieppeboer Joe Aguirre om syn skiep te hoedzjen as se foar de simmer heech yn 'e Rocky Mountains weide wurde op 'e berchgreiden fan 'e Brokeback Mountain. It is de bedoeling dat de beide jongemannen ferskate moannen boppe-op 'e berch trochbringe sille, dêr't se folslein opinoar oanwiisd binne en gjin kontakt mei oare minsken hawwe, útsein as ien fan harren ien kear yn 'e safolle tiid de berch del riidt om nije itensfoarrieden op te heljen.

Ennis en Jack hawwe al ferskate wiken tegearre op Brokeback Mountain trochbrocht as se op in jûn in pear flessen whisky leegje en bêst dronken reitsje. Dy nachts nimt Jack it inisjatyf om Ennis te fersieren. Ennis twifelet yn 't earstoan, mar jout úteinlik ta, wêrnei't de beide mannen seks hawwe yn harren tintsje. Neitiid seit Ennis tsjin Jack dat dit mar foar ien kear wie, en Jack stimt dêrmei yn en heakket deroan ta dat it harren eigen saak is dy't nimmen oars wat oangiet. Al rillegau bart it lykwols wer, en de beide mannen krije in hertstochtlike romantyske relaasje, wêrby't se allebeide smoarfereale opinoar reitsje.

Se beseffe allebeide wol dat it op 'en langen doer tusken har neat wurde kin, om't homoseksualiteit rjocht yngiet tsjin 'e noarmen en wearden fan harren tiid en plak, en bot negative reäksjes opropt. Dat, oan 'e ein fan 'e simmer nimme Ennis en Jack ôfskie en geane se elts har eigen wei. Ennis, dy't ferloofd is mei syn langjierrige ferkearing Alma Beers, trout yn novimber en stiftet in gesin. Yn 'e folgjende jierren krije hy en Alma twa dochters, Alma jr. en Jenny.

Jack komt it jiers dêrop werom by Aguirre, yn 'e hope dat Ennis ek weromkomme sil. Aguirre, dy't de beide mannen it foargeande jiers trappearre hie doe't er by de berch opkaam om in boadskip fan Jack syn mem oer te bringen, wegeret him fanwegen syn homoseksualiteit op 'e nij yn 'e tsjinst te nimme. Jack ferfart neitiid nei Teksas, dêr't er as bollerider oan it rodeosirkwy dielnimt. Op ien fan 'e rodeo's moetet er de tûneracer Lureen Newsome, mei wa't er noch dyselde nacht op bêd slagget. Nettsjinsteande it feit dat har heit, de rike lânbouwurktugeferkeaper L.D. Newsome, it grouwéligen hekel oan Jack hat, trouwe se en krije in soan.

Nei fjouwer jier spoart Jack Ennis op. Hy hifket de boel troch in briefkaart te stjoeren, dêr't Ennis posityf op reägearret. Dêrnei komt Jack út Teksas oer op besite. Sadree't de beide mannen inoar wer sjogge, wurdt de leafde foarinoar harren oermânsk en wikselje se op in beskut plak (tinke se) in hertstochtlike tongtút út. Ennis syn frou Alma is dêr lykwols tafallich tsjûge fan, en hja is skokt. Nei't se seks hân hawwe yn in motel, komt Jack mei it foarstel op 'e lapen om in boerespultsje te keapjen en har dêr tegearre nei wenjen te setten. Ennis stegeret him ôf, mei't er wiif en bern net yn 'e steek litte wol. Boppedat wit er noch goed hoe't syn heit him, doe't er in jonkje fan acht, njoggen jier wie, meinommen hat om it ysbaarlik tramtearre lyk sjen te litten fan in âldman dy't lyncht wie om't er fertocht waard fan homoseksualiteit.

Dat, Ennis en Jack moatte der genoegen mei nimme om inoar in pear kear yn it jier te sjen, as se tegearre de Brokeback Mountain op geane om dêr sabeare te angelfiskjen. Underwilens buorkje beide houliken stadichoan efterút. Lureen jout it tûneracen op en docht tenei de boekhâlding yn har heite bedriuw, wylst Jack dêr ferkeaper fan lânbouwurktugen wurdt. Dat is in baan dêr't er goed yn is, mei syn flotte babbel, mar dat smyt him gjin respekt fan syn skoanheit op. Yn 1975 einiget it houlik fan Ennis en Alma yn in skieding. As Jack dat heart, riidt er fol goede moed nei Wyoming ta om by Ennis fannijs syn plan op 't aljemint bringen om har tegearre earne nei wenjen te setten. Dat soe dan earne wêze moatte dêr't nimmen harren ken, mar Ennis wegeret om by syn dochters wei te ferhúzjen. Jack riidt sûnder wat bedijd te hawwen werom nei Teksas. Hy is emosjoneel oerstjoer en wipt oer de grins mei Meksiko om dêr treast te finen yn 'e earms fan in manlike prostituee.

Datselde jiers mei Thanksgiving ferliest Jack einlings syn geduld mei de behanneling dy't er fan syn skoanheit kriget, en seit er him it mannewaar op. Dêrmei wint er te'n lêsten wat respekt fan 'e âldman en nije leafde fan Lureen. Dyselde jûns bringt Ennis yn Wyoming troch by syn dochters en Alma en har nije man Monroe. As se allinne binne yn 'e koken, sprekt Alma Ennis oan op it wiere aard fan syn relaasje mei Jack. It petear draait út op in heech oprinnende rûzje, wêrnei't Ennis alle kontakt mei Alma (mar net mei syn dochters) ferbrekt. Yn 'e jierren dêrnei hat Ennis in romantyske relaasje mei de servearster Cassie Cartwright, dy't folslein fan har útgiet en úteinlik foar har yn triennen einiget. Dat komt om't Ennis emosjoneel alhiel yn 'e knoop sit, mar har dêroer net bêst yn fertrouwen nimme kin, sa't sy graach wol. As Ennis syn dochter Alma jr. Cassie moetet, wurdt suggerearre dat sy wit hoe't it mei har heit sit, mar sy kin Cassie likemin helpe, hoewol't se har derfan bewissiget dat se har net te min foar har heit fynt. Jack en Lureen reitsje befreone mei in oar troud pear, Randall en Lashawn Malone, en it wurdt suggerearre dat Jack en Randall in koarte affêre hawwe.

Oan 'e ein fan in 'fisktripke' op 'e Brokeback Mountain yn 'e maityd fertelt Ennis oan Jack dat er pas yn novimber fan dat jier wer frij krije kin foar in folgjend tripke, en net yn augustus, sa't se ôfpraat hiene. Fanwegen de alimintaasjebetellings dêr't er ta ferplichte is, kin er it der nammentlik net op oankomme litte om syn baan te ferliezen. Hy en Jack krije dêr heech oprinnend spul oer, wêrby't se inoar der de skuld fan jouwe dat se nea byinoar wêze kinne. Jack seit dat er der net oer kin om mar sa'n bytsje tegearre te wêzen, en dat er faker ferlet hat fan seks. Ennis, dy't der gjin inkeld probleem mei hat as Jack mei froulju omslacht, beskôget in eventuele relaasje mei in oare man as oerhoer en ferrie. Uteinlik lizze se it by foar't se útinoar geane.

Inkele moannen letter kriget Ennis in briefkaart werom dy't er oan Jack stjoerd hie, mei de tekst "Ferstoarn" derop stimpele. Hy skillet Lureen op, dy't him fertelt dat Jack op ûnwierskynlike wize omkommen is doe't er op in ôfhandich plak in lekke bân krige dy't by it ferwikseljen yn syn gesicht ûntplofte. Syn noas en ûnderkaak waarden dêrtroch brutsen en hy rekke bewusteleas. Mei't er op 'e rêch lei, ferdronk er yn syn eigen bloed foar't immen him fûn. Ennis fisualisearret by it ferhaal lykwols in brute, homofobyske oanfal fan trije manlju op Jack, dy't him nei in yngeande mishanneling mei in krúskaai yn it gesicht slane. Lureen fertelt fierder dat Jack sein hie dat er kremearre wurde woe en dat syn jiske útstruid wurde moat oer de Brokeback Mountain. As Ennis seit dat er wit wêr't dat is, riedt Lureen him oan om mei Jack syn âldelju te praten, dy't de helte fan 'e jiske krigen hawwe.

Ennis siket John Twist en de frou op yn 'e hope dat se him tastimming jaan sille om 'e útstruiïng te dwaan, mar Twist stegeret him ôf en seit dat de jiske gewoan byset wurde sil yn it famyljegrêf, eat dêr't Jack him blykber te goed foar fielde. Op útnûging fan frou Twist besjocht Ennis de sliepkeamer fan Jack, dy't se al dy jierren yn 'e âlde steat beholden hat. Dêr fynt er, efteryn 'e kleankast, syn eigen oerhimd, wêrfan't er miende dat er dat dy earste simmer op Brokeback Mountain weibarge hie. Ynstee, sa docht no bliken, hie Jack it stellen as oantinken oan him. Oan deselde hinger fynt er ek Jack syn oerhimd, besmodzge mei it bloed fan in rûzje dy't se yn 1963 hiene en dy't op slaanderij útrûn. Ennis hâldt de oerhimden him tsjin it gesicht oan en lit de rook him weromfiere nei it ferline, wêrnei't er súntsjes gûlt. As er wer ûnder komt, hat er de beide oerhimden by him, dy't er ferburgen hâldt foar John Twist. Oan frou Twist lit er se wol sjen, en sy knikt lichtsjes ta teken dat er se meinimme mei.

Letter set Ennis him nei wenjen yn in steancaravan yn in trailerpark. Hy kriget dêr besite fan syn no njoggentjinjierrige dochter Alma jr., dy't him fertelt dat se har ferloofd hat mei har frijer Kurt. Se freget him om syn seine, dy't er jout nei't er har befrege hat oer de jonge dy't er noch nea met hat. Dêrnei nûget se him út op har trouwerij, dy't yn 'e simmer holden wurde sil. Ennis antwurdet dat er om dy tiid fan it jier drok dwaande wêze sil mei de round-up (it byinoar driuwen fan it slachtfee), mar as er de teloarstelling yn Alma har eagen sjocht, beseft er dat er no gjin oare ferplichtings mear hat en antwurdet er dat er der wêze sil, sels al soe it him syn baan kostje. Nei't Alma ôfset is, giet Ennis nei de kleankast ta, dêr't oan 'e binnenkant fan 'e doar syn âlde oerhimd hinget mei dêryn it oerhimd fan Jack, en dêrnjonken, mei in punêze fêstmakke, in ansichtkaart mei in foto fan 'e Brokeback Mountain. Hy stoarret dêr in skoftke nei foar't er fuortrint mei triennen yn 'e eagen.

Rolferdieling haadrollen personaazje     akteur/aktrise Ennis Del Mar Heath Ledger Jack Twist Jake Gyllenhaal

byrollen personaazje akteur/aktrise Alma Beers Del Mar Michelle Williams Lureen Newsome Twist Anne Hathaway Cassie Cartwright Linda Cardellini L.D. Newsome Graham Beckel Joe Aguirre Randy Quaid Alma Del Mar jr. Kate Mara Lashawn Malone Anna Faris Randall Malone David Harbour John Twist Peter McRobbie frou Twist Roberta Maxwell Monroe Scott Michael Campbell Fayette Newsome Mary Liboiron predikant by trouwerij Larry Reese Timmy Marty Antonini

Produksje en distribúsje Foarskiednis