Crouching Tiger, Hidden Dragon (Ferienfâldige Sineesk: 卧虎藏龙; Tradisjoneel Sineesk: 臥虎藏龍; formele pinyin-transliteraasje: Wò Hǔ Cáng Lóng) is de ynternasjonale titel fan in Taiwaneesk-Sineesk-Hongkongsk-Amerikaanske film út 2000. Dizze Mandarynsktalige film heart ta it wuxia-sjenre fan 'e tradisjonele Sineeske histoaryske fantasy en waard regissearre troch de Taiwaneeske regisseur Ang Lee. De haadrollen waarden fertolke troch Chow Yun-fat, Michelle Yeoh en Zhang Ziyi. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Wang Dulu út 1942.
It ferhaal folget de legindaryske swurdfjochter Lǐ Mùbái, dy't yn it njoggentjinde-iuwske Keizerryk Sina wraak nimme wol op in mysterieuze moardneresse mei de bynamme 'de Jadefoks'. Hy ûnderhâldt in komplekse relaasje mei Yú Xiùlián, de eigneresse fan in bedriuw dat befeiligingslju ferhiert oan hannelskarafanen. Xiùlián komt yn Peking yn 'e kunde mei de jonge ealfrouwe Yù Jiāolóng, de dochter fan gûverneur Yù, dy't op it punt stiet om troch har heit úthylke te wurden. It docht bliken dat it fanke mear is as se liket. De striid om it besit fan it romrofte swurd fan master Lǐ bringt alle haadpersoanen byinoar. Crouching Tiger, Hidden Dragon waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De film krige fan 'e filmkritisy yn oerweldigjende mjitte positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in reuseftich kommersjeel súkses. Crouching Tiger, Hidden Dragon wûn fjouwer Oscars, twa Golden Globes, fjouwer BAFTA's en in grut tal oare prizen. Yn 2016 waard in ferfolchfilm makke ûnder de titel Crouching Tiger, Hidden Dragon: Sword of Destiny.
Titel De titel fan 'e film, Crouching Tiger, Hidden Dragon, is in letterlike oersetting fan út it Sineesk (Ferienfâldige Sineesk: 卧虎藏龙; Tradisjoneel Sineesk: 臥虎藏龍; formele pinyin-transliteraasje: Wò Hǔ Cáng Lóng). Oerset yn it Frysk betsjut it "Beslûpende Tiger, Ferburgen Draak". Dat is in sitaat dat ferwiist nei in sitewaasje dy't smoarfol sit mei ûnopmurken masters. It komt út in tige ferneamd gedicht út it wurk fan 'e dichter Yǔ Xìn (513-581), dêr't stiet: "暗石疑藏虎 / 盤根似臥龍", wat safolle betsjut as "efter de rots yn it tsjuster ferberget him wierskynlik in tiger, en de reuseftige rûngeande woartel liket wol in yninoar krûpte draak". Mei it each op 'e feministyske ûndertoan fan 'e film, mei in plot dy't fierhinne droegen wurdt troch de trije froulike personaazjes Yú Xiùlián, Yù Xiāolóng en Jadefoks, wurdt suggerearre dat mei dy ferburgen masters út it ferline froulju bedoeld wurde.
Wò Hǔ Cáng Lóng is ek in Sineeske útdrukking dy't ferwiist nei ûnderstreamings fan emoasje, hertstocht en ferburgen begearte dy't ûnder it oerflak beskûlgeane fan 'e fatsoenlike omgong yn 'e hegere maatskiplike fermiddens. Dêropta betsjutte de lêste wurdlidden fan 'e foarnammen Xiǎohǔ en Xiāolóng respektivelik "tiger" en "draak".
Plot N.B.: by Sineeske nammen komt de foarnamme efter de efternamme. Dus by Lǐ Mùbái bgl. is Lǐ de efternamme en Mùbái de foarnamme. Yn it achttjinde- of njoggentjinde-iuwske Keizerryk Sina, ûnder de Qing-dynasty, is master Lǐ Mùbái (útspr. likernôch: "ly mûbai") in ferneamd swurdfjochter fan 'e Wudangsekte. Syn freondinne Yú Xiùlián (útspr. likernôch: "ú sjû-ljen") is har heit opfolge as de eigneresse fan in súksesfol bedriuw dat befeiligingspersoniel ferhierd oan hannelskarafanen. Se is net troud, in feit wêrmei't se harsels bûten de oarder pleatst hat, mei't soks maatskiplik eins net akseptabel is. Mùbái en Xiùlián koesterje al tige lang romantyske gefoelens foarinoar, mar hawwe dêr nea wat mei dien. Xiùlián wie nammentlik ferloofd mei Meng Sizhao (útspr. likernôch: "mung si-dzjau"), de bêste freon fan Mùbái, foar't dyselde stoar, en sadwaande fiele se har allebeide noch bûn oan 'e neitins fan Sizhao en hawwe se nea oer harren gefoelens praat.
Mùbái kiest derfoar om op te hâlden as swurdmaster, mei't er fynt dat er al tefolle minsken om hals brocht hat. Hy jout syn romrofte iuwenâlde swurd, dat "It Griene Lot" hjit (fanwegen syn kleur), oan Xiùlián as se mei in karafaan nei Peking sil. Dêr moat se it oerdrage oan harren beider woldogger, hear Te (útspr. likernôch: "tee"). Mùbái wol no inkeld noch wraak nimme op 'e moardneresse dy't bekendstiet as 'Jadefoks'. Dyselse woe lang lyn de geheimen fan 'e Wudangsekte leare, mar doe't har dat wegere waard om't se in frou wie, deade se de master fan Mùbái en Sizhao en stiel se it boek dêr't er al syn kennis yn opskreaun hie.
Nei't Xiùlián yn Peking oankommen is, bejout se har nei hear Te ta, oan wa't se It Griene Lot oerdraacht. Hy nimt it swurd mar mei tsjinnichheid oan, om't er fynt dat it Mùbái sines bliuwe moat, en jout it in eareplak yn syn hûs. Hy stiet der by Xiùlián tige op oan om yn syn fillakompleks te útfanhûzjen. Wylst se dêr ferbliuwt, komt Xiùlián yn 'e kunde mei de jonge frou Yù Jiāolóng (útspr. likernôch: "ú tsjaulûng"), de dochter fan 'e rike en machtige gûverneur Yù (útspr. likernôch: "ú"), in oare gast fan hear Te. Hja stiet op it punt om te trouwen, mar dat is foar har gjin gelegenheid fan gelokkigens, mei't se úthylke wurde sil oan in man om 'e politike karriêre fan har heit te skewielen. Jiāolóng benidet Xiùlián om har frijheid, ek al besiket Xiùlián har út te lizzen dat sa'n frijheid mei syn eigen priis komt. De beide froulju slute freonskip, wat bot tsjin 't sin is fan 'e gûvernante fan Jiāolóng, dy't fynt dat in jonge ealfrouwe har net mei sa'nent as Xiùlián ynlitte moat.
Jûns glûpt in maskere dief de wente fan hear Te binnen en stelt It Griene Lot. Xiùlián en Liú Tàibǎo (útspr. likernôch: "ljoo taibau"), in tsjinner fan hear Te, folgje de dief oant er weiwurdt yn 'e gebouwen dêr't gûverneur Yù en syn gefolch hûsfêste binne. Tàibǎo komt by syn speurtocht op it spoar fan in âldere man en in jonge frou, dy't by it fillakompleks fan hear Te omhingje. As er harren de oare deis opspoart, docht bliken dat it master Cài (útspr. likernôch: "tsai") en syn dochter Cài Mèi (útspr. likernôch: "tsai mee") binne. Hy is in plysje-ynspekteur út it binnenlân, waans frou fermoarde is troch Jadefoks. Hy hat it spoar fan 'e moardneresse folge nei it gefolch fan gûverneur Yù en fermoedet dat hja dêr op 'e iene of oare manear yn ynfiltrearre is. As er dat heart, giet Tàibǎo derfan út dat Jadefoks dejinge is dy't It Griene Lot stellen hat. Net lang nei de tsjeafte fan syn swurd arrivearret Mùbái yn Peking; eltsenien nimt oan dat er kommen is om syn swurd te sykjen, mar yn in petear mei Xiùlián fertelt er dat er neat fan 'e ferdwining fan it wapen ôfwist oant er yn Peking oankaam. Ynstee suggerearret er dat er har efternei reizge is.
Underwilens daget Jadefoks fia in skreaun boadskip dy jûns ynspekteur Cài en syn dochter en Tàibǎo út ta in krêftmjitting. Nei in lang gefjocht stiet se op it punt it trijetal oermânsk te wurden, as Mùbái op it toaniel ferskynt en Jadefoks tebek driuwt. Sy bringt út dat se de master fan Mùbái fermoarde hat om't dy wol mei har op bêd woe, mar har net as learling oannimme woe. It liek har dêrom net mear as poëtyske rjochtfeardichheid as er deadien waard troch in frou. Krekt as Mùbái har deameitsje sil, komt de maskere dief dy't It Griene Lot stellen hat tuskenbeiden en helpt Jadefoks. Wylst de dief it opnimt tsjin Mùbái, bynt Jadefoks de striid wer oan mei Tàibǎo, ynspekteur Cài en Cài Méi, wêrby't se de ynspekteur deadet foar't de dief, dy't yn it gefjocht ferslein is troch Mùbái, har meiskuort en se tegearre weiwurde.
Neitiid docht bliken dat de dief eins nimmen oars is as Yù Jiāolóng, wylst Jadefoks har langjierrige gûvernante is. Nei't Jadefoks Jiāolóng fjochtsjen sjoen hat mei Mùbái, beseft se dat har pupil har bedragen hat. It hânboek dat Jadefoks fan 'e master fan Mùbái stiel, stelde har foar in probleem: mei't se analfabeet wie, koe se inkeld de diagrammen folgje, mar de tekst bleau in riedsel foar har. Dêrom naam se in betrekking as gûvernante oan yn 'e húshâlding fan gûverneur Yù. Se ferlate de doe achtjierrige Jiāolóng om har learling te wurden en fertroude op it famke, dat lêze koe, om har de tekst fan it hânboek te ferklearjen. Ut it gefjocht tusken Jiāolóng en Mùbái docht lykwols bliken dat Jiāolóng ynformaasje foar Jadefoks efterholden hat, en dat se dêrtroch ûnderwilens har mentor fier foarbystribbe is yn har kunde fan fjochtsport.
Dy nachts kringt in Oeigoerske bandyt, dy't fan Luó Xiǎohǔ hjit (útspr. likernôch: "lwoo sjauhû"), yn 'e sliepkeamer fan Jiāolóng yn en freget har om mei him út te naaien. Yn in lange flashback wurdt toand wat der barde doe't gûverneur Yù jierren lyn oansteld waard yn in ûnherberchsume woastynkrite yn Sinkiang-Oeigoerje, yn it uterste westen fan it Keizerryk Sina. Underweis mei har mem om har dêr by har heit te jaan, waard de karafaan dêr't Jiāolóng mei reizge, oanfallen troch banditen. De ûnferskrokken en skelmdoggerige rôverhaadman Xiǎohǔ stiel de ornamintele kaam fan Jiāolóng, wêrnei't se har flaufallen mem yn 'e koets efterliet, in bandyt fan syn hynder skuorde en Xiǎohǔ efterfolge om har kaam werom te krijen. Hoewol't se him in kear bewusteleas sloech en hy har letter in skoft finzen hold, rekken se úteinlik smoarfereale opinoar. Xiǎohǔ fertelde Jiāolóng doe in leginde oer in man dy't fan in klif sprong om syn winsk útkomme te litten; om't er suver fan hert wie, oerlibbe er dat. De syktocht nei syn dochter dy't gûverneur Yù optúgde, makke lykwols dúdlik dat se tegearre nea feilich wêze soene, dat op 't langelêst oertsjûge Xiǎohǔ Jiāolóng derfan om werom te kearen nei har famylje. Dat wie in beslút dêr't er letter alderraarste spyt fan krige, dat hy ferliet de woastyn om har te sykjen. Jiāolóng wegeret lykwols om mei him út te naaien en freget him om fuort te gean, hoewol't se begjint te gûlen nei't er oan har fersyk foldien hat.
Underwilens is Xiùlián ta de (korrekte) konklúzje kommen dat Jiāolóng de dejinge is dy't It Griene Lot stellen hat. Se giet by har op besite en praat derop om dat hear Te de saak fierder gewurde litte sil as it swurd weromjûn wurdt. Dy nachts bringt Jiāolóng it swurd yndie werom. Se wurdt trappearre troch Mùbái, dy't har befjochtet en op 't lêst oanbiedt om har as learling oan te nimmen, ek al is se in frou. Jiāolóng stegeret him ôf. Inkele dagen letter fynt it houlik fan Jiāolóng mei Lǔ Jūnpèi (útspr. likernôch: "lû tsjûnpee") plak. Wannear't de breidsstaasje foarbykomt, springt Xiǎohǔ ynienen foar 't ljocht en ropt mei útset lûd Jiāolóng oan om it houlik net troch te setten. As bewekkers him efternei sette, ûntkomt er oer de dakken. Wylst it houlik plakfynt, beprate Mùbái en Xiùlián Xiǎohǔ om nei it Wudangberchtme te gean en dêr op syn leafste te wachtsjen. Mei in yntroduksjebrief fan Mùbái sil er dêr talitten wurde en feilich wêze foar de famylje fan Jiāolóng, dy't poerrazen op him is om't er harren mei syn dwaan danich yn ferlegenheid brocht hat.
Op 'e houliksnacht, noch foar't it houlik konsummearre is, naait Jiāolóng út by har man wei en stelt op 'e nij It Griene Lot om dat wapen mei te nimmen. Yn 'e momkape fan in jongeman wurdt se yn in herberge oanfallen troch in groep krigers dy't op it swurd longerje. Yn in lang gefjocht, wêrby't de herberge slim skansearre rekket, weeft se mei de hiele kloft ôf. Mùbái en Xiùlián folgje har spoar, dat deunby it plak lâns liedt dêr't Xiùlián wennet. Hja giet nei hûs, dêr't hja opsocht wurdt troch Jiāolóng. Xiùlián fertelt har dat Xiǎohǔ yn it Mudangberchtme op har wachtet. Jiāolong mei der lykwols net oer dat oaren har sa mei har priveelibben bemuoie, en de beide froulju krije spul, dat útrint op in gefjocht. Hoewol't Xiùlián dúdlik de bettere fjochtster is, slacht Jiāolóng mei It Griene Lot elts wapen stikken dat Xiùlián te pakken krije kin. Lang om let wit Xiùlián har tsjinstanster te ferslaan mei in brutsen swurd, mar as se dan genede toant, ferwûnet de dwerse Jiāolóng har oan 'e boppe-earm.