thumb|Boargemaster Russchen en keningin Juliana (1950) Jacob Russchen (Donkerbroek, 18 maaie 1897 – Boalsert, 25 july 1976) wie in Nederlânske politikus út namme fan de ARP.
Hy waard berne as soan fan Jannes Russchen (1860-1953; lânbouwer) en Pietertje Wierda (1865-1950 ). Nei de hbs waard er ynearsten lânbouwer. Oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch ferkocht er de pleats en ferhuze nei Wolvegea. Russchen waard yn dy perioade aktyf yn yllegaliteit ûnder de skûlnamme 'Peter'. Geschiedenis van het verzet in Friesland Archieven.nl Hy wie gemeenteriedslid yn Weststellingwerf en lid fan it haadbestjoer fan de Christelijke Boeren-en Tuindersbond (CBTB) foardat er yn 1948 beneamd waard ta boargemaster fan Warkum.
Russchen gie 1962 mei pinsjoen en yn 1976 ferstoar er yn de âldens fan 79 jier yn in ferpleechhûs yn Boalsert.
Kategory:Boargemaster fan Warkum Kategory:Frysk gemeenteriedslid Kategory:ARP-politikus Kategory:Frysk boer Kategory:Persoan berne yn Donkerbroek Kategory:Persoan stoarn yn Boalsert Kategory:Persoan berne yn 1897 Kategory:Persoan stoarn yn 1976