Sutfen (Nederlânsk en offisjeel: Zutphen) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De haadstêd is de stêd Sutfen. De gemeente hie op  ynwenners (boarne: CBS) op in oerflak fan 42,93 km².

Mei yngong fan 1 jannewaris 2005 fusearre de gemeente Warnsveld mei de gemeente Sutfen. Sût 2001 foarmet Sutfen mank mei de Gelderske gemeenten Apeldoarn, Brummen, Epe, Lochem en Voorst en de Oeriselske geme ente Dimter it gearwurkingsferbân Stêdetrijehoeke of Cleantech-regio. Dat regionale gearwurkingsferbân hat as doel yn 2030 enerzjyneutraal te wêzen en ûntwikkelet meiïnoar oparbeidzjend belied op fysyk (romtlike oardering, wenjen, ferkear ensfth), ekonomysk en sosjaal mêd.

Geografy thumb|left|Gemeentekaart fan Sutfen De gemeente leit yn it noardeasten fan de provinsje Gelderlân en is part fan it gearwurkingsferbân Stêdetrijehoeke dêr't sân Gelderske en ien Oeriselske gemeente yn meiwurkje, neamd nei de trije stêden Apeldoarn, Dimter en Sutfen. De gemeente grinzget oan de gemeenten Lochem, Bronckhorst, Brummen en Voorst.

Yndieling De gemeente Sutfen hat de yndieling fan de stêd yn wiken feroare troch wijen gear te foegjen en oare nammen te jaan. Sa is de wyk Noordveen ûntstien wêrûnder de gânse noardlike stêd dêr't ûnder oaren it Deventerwegkwartier en Voorsteralleekwartier falle. Tusken it sintrum en it dorp De Hoven streamt de rivier de Isel;

Hjoeddeistige wykyndieling Sintrum Noordveen De Hoven Waterkwartier Zuidwijken Leesten Noorderhaven

Doarpskearnen Warnsveld, eardere selsstannige gemeente, sûnt 1 jannewaris 2005 part fan de gemeente Sutfen, likernôch 9.000 ynwenners.

Buorskippen De Hoven, doarp oan de westkant fan de Isel Bronsbergen, buorskip súdlik fan Sutfen op in rivierdunekompleks oan de Isel Warken, buorskip eastlik fan it doarp Warnsveld

Keppeling om utens Webstee gemeente Sutfen

Kategory:Sutfen Kategory:Gemeente yn Gelderlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2005