260px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Ynskedee yn de 30'er jierren; allinne de trep foar it stasjon is oerbleaun Stasjon Ynskedee (Es) is in Nederlânsk stasjon. It waard iepene op 1 july 1866; it hjoeddeiske stasjonsgebou is yn 1950 boud. It stasjon leit oan de râne fan it sintrum fan Ynskedee. It âlde stasjon stie op it plak fan it hjoeddeiske P+R parkweg, boud oan Steatsline D (Stasjon Sutfen – Stasjon Glanerbrug; iepene tusken 1865 en 1868).

Gebou

It earste stasjongebou waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 july 1866 har doarren foar treinreizigers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hengelo. It stasjongebou waard yn 1950 ferfongen troch in nij stasjon. Fan it âlde stasjonsgebou is allinne de trep nei it eardere gebou bewarre bleaun.

Yn it Ynskedeeske weropbouplan fan nei 1945 waarden grutte wizigingen trochfierd yn de haadweistruktuer. Dêrtroch waard de spoarline yn westlike (Hengelooske) rjochting ophege. In nij stasjon wie sadwaande needsaaklik. Hja wiene fan miening dat it âlde Stasjonsgebou te fier bûten it sintrum fan 'e stêd lei. It nije stasjonsgebou kaam 500 meter westliker te stean op it plak fan de eardere trein remize.

Arsjitekt Schelling ûntwurp it nije stasjon. Typearjend is it brûken fan beton en alle pylders. It haadgebou is rjochte op de kopspoaren. It gebou is opset út modules fan 5,25x5,25 meter. De haadgebou is foar Schelling it belangrykste ûnderdiel fan it stasjon. Net fanwegen de hichte, mar fanwegen syn iepenheid. Dy iepenheid stimulearre er troch iepen slútstiennen te brûken. De heakfoarmige plattegrûn beakent in stasjonsplein ôf dat oarspronklik brûkt waard foar as busstasjon en taksystânplak. Yn de jierren 70 waard it busstasjon ferpleatst nei de sydkant fan it gebou, wêrtroch't de haadyngong amper mear brûkt waard om't reizgers benammen fia de sydyngong it stasjon ynrûnen.

Yn 2000 waard it stasjon yngeand ferboud. De sydyngong ferdwûn en midden yn it haadgebou waard in nije yngong makke.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 1600 Intercity (NS) Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst 1700 Intercity (NS) De Haach Sintraal – Gouda – Utert Sintraal – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst 7000 Sprinter (NS) Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst RS 237900 Stoptrein (Keolis) Swol – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst IC 2317900 Intercity (Keolis) Swol – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst RB 64 Regionalbahn (DB NRW) Münster – Steinfurt-Burgsteinfurt – Gronau – Ynskedee RB 51 Regionalbahn (DB NRW) Dortmund – Preußen – Lünen – Coesfeld – Gronau – Ynskedee

Kategory:Bouwurk yn Ynskedee Ynskedee Kategory:Bouwurk út 1866 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1952 Kategory:Bouwurk út 1951