De Bretonnen (Bretonsk: Bretoned; Frânsk: Bretons) binne in folk dat lânseigen is op it skiereilân Bretanje, in lânfoarm dy't fan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa yn westlike rjochting útstiket yn 'e Atlantyske Oseaan. De Bretonnen binne Kelten en stamje ôf fan lju dy't yn 'e fyfde en sechsde iuw it eilân Grut-Brittanje ûntflechten foar de Angelsaksyske ynvaazje om har oare kant It Kanaal nei wenjen setten yn wat doe noch Armoarika hiet. Yn 'e Midsiuwen foarme Bretanje in ûnôfhinklike steat, earst it Keninkryk Bretanje en letter it Hartochdom Bretanje, dat yn 1532 anneksearre waard troch it Keninkryk Frankryk. Sûnt foarmje de Bretonnen as etnyske groep in minderheid yn Frankryk. Se sprekke fan âlds twa rivalisearjende talen: it Keltyske Bretonsk en it Romaanske Gallo. Geandewei de njoggentjinde en de tweintichste iuw hat lykwols it meastepart fan 'e Bretonnen it Frânsk as memmetaal krigen. Bretonnen binne yn grutte mearderheid kristenen, wêrby't oant de 1970-er jierren fral de Roomsk-Katolike Tsjerke tige ynfloedryk wie.

Etymology It etnonym 'Bretonnen' is ôflaat fan it toponym 'Bretanje'. Dat komt fan it Frânske Bretagne, dat weromgiet op it Latynske Britannia, it "Lân fan 'e Brittanjers". Dy oantsjutting wie yn 'e Romeinske Tiid inkeld yn gebrûk foar it eilân Grut-Brittanje, wêrfan't it grutste diel doedestiden de Romeinske provinsje Brittanje (Britannia) foarme. Uteinlik giet it Latynske Britannia werom op in Gryksk wurd, Πρεττανικη, Prettanike, of Βρεττανίαι, Brettaniai. Dy oantsjuttings waarden brûkt troch Pyteäs, in ûntdekkingsreizger út 'e Grykske koloanje Massalia, dy't om 320 f.Kr. hinne de kustlinen fan 'e Britske Eilannen ferkende. Hy naam it wurd oer fan in tige gongber endonym út 'e talen fan 'e Brytoanyske Kelten, dat rekonstruëarre is as *Pritanī.

Geografy It heitelân fan 'e Bretonnen is it skiereilân Bretanje, dat fan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa ôf nei it westen ta útstiket, de Atlantyske Oseaan yn. It wurdt yn it noarden ôffrede troch It Kanaal, yn it westen troch de Keltyske See en yn it suden troch de Golf fan Biskaje. Yn it easten sit it fêst oan 'e rest fan Frankryk, wêrby't it (fan noard nei súd) grinzget oan histoaryske kriten Normanje, Maine, Anzjû en Vendée. Geografysk kin Bretanje opdield wurde yn Opper-Bretanje, dat rûchwei de eastlike helte foarmet, en Neder-Bretanje, de westlike helte. Bestjoerlik is it skiereilân sûnt 1790 opdield yn fiif Frânske departeminten: Côtes-d'Armor, Finistère, Ille-et-Vilaine, Morbihan en Loire-Atlantique. De earste fjouwer dêrfan binne sûnt 1957 feriene yn 'e bestjoerlike regio Bretanje (net te betiizjen mei it hiele skiereilân). Loire-Atlantique, dat de histoaryske haadstêd Nantes (Bretonsk: Naoned; Gallo: Nauntt) omfettet, bleau dêr lykwols bûten en waard ynstee yndield by de regio Lân fan 'e Loire.

Skiednis Oarsprong Yn 'e Aldheid stie it skiereilân Bretanje by de Romeinen bekend as "Armoarika". Tsjin 'e ein fan 'e fjirde iuw, doe't de stadige fal fan it Romeinske Ryk geande wie, kamen de earste lju út 'e Romeinske provinsje Brittanje oer om har yn Armoarika nei wenjen te setten. De kolonisten wiene benammen ôfkomstich út Cornwall, Devon en Wales, dielen fan it eilân Grut-Brittanje dêr't it Latyn de lânseigen Brytoanyske talen noch net ferkrongen hie. De lânferhuzers brochten sadwaande harren eigen taal mei, dy't yn Bretanje woartelskeat en him ûntwikkele ta it Bretonsk.

De skiednis efter de lânferhuzing fan 'e Brittanjers nei Armoarika is ûndúdlik, hoewol't it barren wol yn it ramt fan it Grutte Folkeferfarren pleatst wurde kin. Midsiuwske Bretonske, Anzjevynske en Welske boarnen lizze lykwols in bân tusken de lânferhuzing fan 'e Brittanjers en it mooglik mytyske figuer fan Conan Meriadoc. Dat wie neffens Welske boarnen in prins dy't mei in leger út Grut-Brittanje oerkaam op befel fan 'e Romeinske usurpator Magnus Maksimus. Dyselde stjoerde nammentlik in diel fan syn Brittanyske troepen nei Galje om syn oanspraken op 'e troan fan it Romeinske Ryk krêft by te setten, en joech syn ûnderhearrigen yn Armoarika lân om har op te fêstigjen. Dat ferhaal waard befêstige troch de greven fan Anzjû, dy't harren ôfstamming weromfolgen nei in Romeinsk ofsier fan keizer Gratianus (de fijân fan Magnus Maksimus), dy't troch Conan op befel fan Magnus Maksimus út Armoarika ferballe waard.

It is ûndúdlik hoefolle fan dat ferhaal op wierheid berêst, mar yn elts gefal fûn it grutste part fan 'e lânferhuzing fan Brittanjers nei Bretanje nei alle gedachten plak yn 'e fyfde en sechsde iuw, as direkt gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje. Histoarisy lykas Léon Fleuriot hawwe suggerearre dat de lânferhuzing yn twa weagen plakfûn: earst in lytse weach fan soldaten en harren húshâldings ûnder Conan Meriadoc yn 'e fjirde iuw, en letter in gruttere weach fan flechtlingen as gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje. Yn elts gefal wie it dizze folksferhuzing dy't late ta de (wer)fêstiging fan in Keltyske taal op it skiereilân en ta it ûntstean fan in ûnôfhinklik Bretanje.

Keninkryk Bretanje

De Brittannyske ymmigranten fêstigen ferskate lytse keninkrykjes yn Bretanje, dêr't troch houlikspolityk en ferovering úteinlik trije steaten fan oerbleaune: Domnonée (ferneamd nei Devon), Cornouaille (ferneamd nei Cornwall) en Broërec. Tusken 845 en 851 feriene Nominoë, dy't yn it hjoeddeistige Bretanje as "heit fan it heitelân" sjoen wurdt, de trije keninkrykjes ta ien lân dat yn 't earstoan in Frankysk fazalsteatsje wie. Om dyselde snuorje hinne waard ek de kerstening fan Bretanje foltôge. Erispoë, de soan en opfolger fan Nominoe, fersloech de Westfrankyske kening Karel de Keale yn 851 yn 'e Slach by Jengland en bewissige sa de ûnôfhinklikheid fan wat doe it Keninkryk Bretanje waard, mei himsels as earste kening. Yn 867 wûnen de Bretonnen in nije oarloch fan 'e Franken en berikte harren keninkryk syn maksimale omfang, wêrby't de Kanaaleilannen en dielen fan Normanje, Maine en Anzjû der yn opnommen waarden.

Oan it begjin fan 'e tsiende iuw kaam it Keninkryk Bretanje bleat te stean oan fûleindige ynfallen fan 'e Wytsingen, dy't laten ta ferswakking. Yn 914 waard de stêd Nantes ferovere troch de Wytsingen en yn 919 waard hiel Bretanje troch harren beset. Pas yn 937 koe Nantes troch Alan II fan Bretanje befrijd wurde. Dyselde krige dêrfoar stipe fan syn peetbroer, kening Æthelstan fan Ingelân, en ek fan Æthelstan syn omkesizzer, kening Loadewyk IV fan Frankryk. Ut tank foar dy bystân brocht Alan yn 939 hulde oan Loadewyk, wat Bretanje yn namme ta in Frânsk lien makke en yn status omleechbrocht fan in keninkryk ta in hartochdom.

Hartochdom Bretanje

De ûnôfhinklikheid en soevereiniteit fan it Hartochdom Bretanje, dat as ûnôfhinklik lân yn West-Jeropa bestie fan 939 oant 1532, waarden fan it begjin ôf oan ûndermine trochdat de Bretonske eallju inoar yn 'e regel as wichtichste rivalen seagen, en der net foar tebekskrillen om bûnsgenoatskippen oan te gean mei útlânske machten om inoar yn 't fet te draaien. Dêrby kaam noch dat de keningen fan Frankryk it hartochdom beskôgen as behearrend ta harren ynfloedssfear; hja stjoerden dêrom gesanten dy't har allegeduerigen mei de ynterne polityk fan it hartochdom bemuoiden. Ek de kulturele ynfloed fan Frankryk wie tige sterk. Sa ferfong it Hartochdom Bretanje al yn 'e trettjinde iuw it Latyn as offisjele taal troch it Frânsk. Underwilens besochten de hartoggen fan Bretanje om tusken de klippen troch te lavearjen en sa harren ûnôfhinklikens te behâlden. Dêrfoar besochten se harren folle machtiger buorlju, it Keninkryk Ingelân en it Keninkryk Frankryk, tsjinoar út te spyljen.

Yn 'e fjirtjinde iuw rekke Bretanje dêrtroch betize yn 'e Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk. De Bretonske Súksesjeoarloch, wêryn't twa Bretonske faksjes mei stipe fan Ingelân, resp. Frankryk besochten de hartochstroan te bemachtigjen, wie in regionaal sydtoaniel fan dat grutte konflikt. Nei't de striid yn 1364 yn it foardiel fan 'e Ingelske partij, it Hûs Montfort, besljochte wie, folge in perioade fan wiere ûnôfhinklikens fan Bretanje om't Frankryk doe sa ferwakke wie dat it net iens mear besocht om 'e gong fan saken yn it hartochdom nei syn hân te setten. Troch Ingelske diplomatike flaters ferfrjemden se de Bretonnen lykwols fan har, mei as gefolch dat Arthur, greve fan Richemont (de lettere hartoch Arthur III fan Bretanje) en syn omkesizzer Peter II fan Bretanje oan 'e Frânske kant wichtige rollen spilen yn 'e lêste stadia fan 'e Hûndertjierrige Oarloch.

Neitiid boaze de druk fan Frankryk lykwols al rillegau wer oan. De lêste regearjende hartoch fan Bretanje, Frâns II, dy't yn 1458 oan 'e macht kaam, hie allinne mar in dochter, Anna fan Bretanje, yn in tiid dat froulju net yn tel wiene en inkeld by hege útsûndering op 'e troan kamen. Dat bea Frankryk in kâns om in ein oan 'e selsstannigens fan Bretanje te meitsjen en it lân te anneksearjen. Om 'e Frânske ynfloed tebek te kringen, gie Frâns II yn 1488 in bûnsgenoatskip oan mei de fijannen fan Frankryk: keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk, kening Ferdinand II fan Aragon en kening Hindrik VII fan Ingelân. It Bretonske leger waard lykwols yn dit konflikt mei Frankryk, dat neitiid de Dwaze Oarloch neamd is, yn 'e Slach by Saint-Aubin-du-Cornier ferpletterjend ferslein troch kening Loadewyk XI fan Frankryk. Dat wie foar in grut part te witen oan 'e korrupsje fan it hof fan Frâns II en oan ynterne skelen mank de Bretonske adel, fan wa't in diel oan 'e Frânske kant tsjin 'e eigen hartoch meifocht.

De gefolgen fan 'e nederlaach wiene foar Bretanje rampsillich; ynstee dat de Frânske ynfloed weromkrongen waard, boaze dy allinnich mar fierder oan. By fan it Ferdrach fan Verger, dat Frâns II twongen wie te ûndertekenjen, moast hy himsels ûnderwerpe as in fazal fan Karel VIII fan Frankryk. Boppedat wie fan dat stuit ôf foar in houlik fan syn dochter Anna de goedkarring fan 'e Frânske Kroan nedich. Doe't dyselde yn 1490 dochs úthylke waard oan Maksimiliaan I, late dat ta in nije oarloch mei Frankryk. Karel VIII belegere Rennes en liet it houlik annulearje, om't it nea konsummearre wie. Ynstee naam Karel VIII doe sels Anna ta frou. Doe't er yn 1498 kaam te ferstjerren sûnder libbene bern produsearre te hawwen, moast Anna trouwe mei syn neef en opfolger Loadewyk XII. Anna fan Bretanje besocht om 'e nocht de ûnôfhinklikens fan Bretanje te frijwarjen, en kaam yn 1514 te ferstjerren. Hja waard opfolge troch har dochter, Klaudia fan Frankryk, dy't lykwols inkeld yn namme regearre, mei't de wiere hearskippij by de keningen fan Frankryk bleau. Nei't sy yn 1524 ferstoarn wie, waard it Hartochdom Bretanje yn 1532 troch Frâns I fan Frankryk formeel troch Frankryk anekksearre.

Provinsje Bretanje Yn 'e perioade fan 'e fyftjinde oant en mei de achttjinde iuw makke Bretanje op ekonomysk mêd in gouden tiidrek troch. It skiereilân lei oan 'e hannelsrûten fan en nei Londen, Spanje en de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen en it ûnderfûn in ûnbidige protte foardiel fan 'e skepping fan it Frânske koloniale ryk. Havenstêden as Brest en Saint-Brieuc kamen yn dy tiid op, en Lorient, dat oarspronklik stavere waard as L'Orient ("de Oriïnt"), in ferwizing nei de hannel dêr't it foar bedoeld wie, waard stifte yn 'e santjinde iuw. Saint-Malo stie yn dy tiid bekend as in skûlplak foar kapers en seerôvers, wylst Brest him ûntjoech ta in marinehaven en Nantes ryk waard fan 'e Atlantyske slavehannel. It Bretonske binnenlân stie bekend om 'e produksje fan himpen tou, kanvas en linnense lekkens.