thumb|250px|Pleuni Touw mei Willem Nijholt yn De stille kracht (1974) Pleuntje (Pleuni) Touw (Bergen op Zoom, 8 novimber 1938) is in Nederlânske aktrise.

Wurkpaad Pleuni Touw kaam yn 1962 fan de Arnhimske toanielskoalle en makke yn it neijier fan dat jier har debút yn it teäter by it Nieuw Rotterdams Toneel yn De keuken fan Arnold Wesker. Se wie oant 1973 aktyf by ferskate toanielselskippen en makke dêrnei de oerstap nei de frije sektor. Yn 1975 troude se mei akteur Hugo Metsers, mei wa 't se in eigen toanielproduksjebedriuw begûn, BV Polona. Mei Metsers spile se dêrnei yn de ferskate stikken dy't Polona produsearre, lykas Rose en Schijn bedriegt.

Yn har hiele karriêre wie Touw te sjen yn tal fan films, telefyzjesearjes en teäterproduksjes. Yn 1982 makke se har debút as sjongster mei it album Al mijn geheimen. Yn 2009 wûn se in Gouden Kalf foar bêste froulike byrol yn de film Bride Flight.

Pleuni Touw wie de earste Nederlânske aktrise dy't neaken op de telefyzje ferskynde. Dat barde yn 1974 yn de searje De stille kracht, in drama basearre op de roman mei deselde namme fan Louis Couperus; har tsjinspiler wie Willem Nijholt. Keunstneres Phil Bloom wie har yn 1967 as earste bleate frou op de Nederlânske telefyzje foargien. Dat wie yn it programma Hoepla fan de VPRO. De neakensêne bleau dêrnei kontroversjeel en hoewol't Touw populêre erkenning krige, waard se oerslein foar lettere rollen.

Yn 2012 spile se de haadrol yn it medyske drama Dokter Deen, wêryn't se de geastlik labile mem fan it personaazje fan Monique van de Ven spile. Letter dat jier aktearre se yn de Nederlânske bewurking fan de Amerikaanske sitcom The Golden Girls út 1985.

Telefyzje Zingend in de wildernis – Belle (1963) Maigret (ôfl. 'Maigret en de kabeljauwvissers', 1968) Villa des Roses (1968) De glazen stad – Bea Stein (1968) Neutraal terrein – Carol (1971) Uilenspiegel – Kalleke (1971) Een avond bij Eva – Eva (1972) De stille kracht – Leonie (1974) De verlossing – Madame Janssens (1975) Uit de wereld van Guy de Maupassant – Madame (ôfl. t Seintje/Gered' (1977) Hij en zij – Helen Bleeker (1978) Liefde half om half – Theresa Phillips (1979) De Fabriek – Mary Rustenburg (1981) Te laat geboren – Elanor Gilbert (1985) In de Vlaamsche pot – Muoike Nellie (ôfl. 'Een schat van een mens', 1990) Suite 215 – Toontje (ôfl. 'Van de hoed en de rand' (1992) Diamant – Hester van Tellingen (1993-1994) Toen was geluk heel gewoon – Agnes (ôfl. 'Daar komt de bruid', 1995) Morgen ga ik zelf – Tilly (2001) Gemeentebelangen – Nina (2002) Wet en Waan – Lottie (ôfl. 'Opera', 2003) Gooische Vrouwen – Mem fan Claire (ôfl. 'Verleiding', 2009) Dokter Deen – Femke Deen, mem fan Maria Deen (2012-2018) Golden Girls – Toos (2012)

Film Rufus (1975) – Nicole Zwaarmoedige verhalen voor bij de centrale verwarming (1975) – Juffer Lenie Het debuut (1977) – Rita Mijn vriend (1979) – Helene Te Winckel Lieve jongens (1980) – Corinne Het verboden bacchanaal (1981) – Betsy van Heesteren De zwarte ruiter (1983) – Milou De tussentijd (1993) – Leonore Filmpje! (1995) – Frou Lozig De Vriendschap (2001) – Zwaantje De dominee (2004) – Muoike Jet Bride Flight (2008) – de âlde Ada Stuk! (2014) – Beppe

Toaniel 1962 - De keuken - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel 1962 - De nacht van de leguaan - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel 1963 - Damesorkest - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel 1963 - De revisor - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel 1963 - Kimbelijn - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel 1964 - Kiss Me Kate - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel 1964 - De plaatsbekleder - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel 1964 - La mamma - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel 1964 - Roddels en fijne vijgen - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel 1965 - Oorlog is zo'n aardig spel - Ensemble 1965 - Hooikoorts - Ensemble 1966 - Het uur der verrukking - Ensemble 1966 - De koopman van Venetië - Ensemble 1967 – Dallas, 22 november 1963 - Ensemble 1967 - Je kunt 't toch niet meenemen – Ensemble 1967 - Ondine - Ensemble 1967 - Pygmalion - Ensemble 1967 - Elckerlyc - Stichting Delfesta 1968 - Kleren maken de man - Zuidelijk Toneel Globe 1969 - Ceremonie voor een vermoorde neger - Zuidelijk Toneel Globe 1969 - Het spel der vergissingen - Zuidelijk Toneel Globe 1970 - De Spaanse hoer - Zuidelijk Toneel Globe 1970 - Kortsluiting - Zuidelijk Toneel Globe 1971 - De filantroop - Zuidelijk Toneel Globe 1971 - De hertogin van Malfi - Zuidelijk Toneel Globe 1972 - De Italiaanse strohoed - Zuidelijk Toneel Globe 1972 - Ziekenzorg of Zuster Norton verliefd - Zuidelijk Toneel Globe 1973 - Steel wat minder – 7e gebod - Toneelraad Rotterdam 1974 - Ik lach erom - Stichting Toneelgroep Podium 1974 - Suiker - Zuidelijk Toneel Globe 1975 - Privé voor twee - Joop van den Ende Theaterproducties BV 1976 - De mandarijnenkamer - Joop van den Ende Theaterproducties BV 1976 - Liefde half om half - Joop van den Ende Theaterproducties BV 1977 - De stoeipoes - Joop van den Ende Theaterproducties BV 1978 - Lipstick - Joop van den Ende Theaterproducties BV 1979 - Gekke mensen? - Joop van den Ende Toneelprodukties bv 1980 - Wie is wie? - Joop van den Ende Toneelprodukties bv 1981 - Tartuffe - RO Theater 1981 - Rosa - Polona Produkties BV 1982 - Spotgeesten - Polona Produkties BV 1983 - Schijn bedriegt - Polona Produkties BV 1984 - Bezoek van een oude dame - Nieuwe Komedie 1984 - Te laat geboren - Polona Produkties BV 1985 - Top Girls - Polona Produkties BV 1986 - Het kan vreemd gaan - Polona Produkties BV 1987 - Hedda Gabler - Polona Produkties BV 1988 - Een vrouw alleen - Polona Produkties BV 1988 - Open huwelijk - Polona Produkties BV 1988 - Twee op de wip - Impresariaat John de Crane 1989 - De kersentuin - RVT v.z.w. 1990 - Wie is bang voor Virginia Woolf? - Impresariaat John de Crane 1991 - Revue revue! - Domizia Theaterproducties BV 1991 - Grote drama's - Schouwburg Arnhem 1991 - Straat - RO Theater 1993 - Ex - Phosphor Producties B.V. 1994 - Little Voice - Bergen Theatre 1995 - Het hart van Herman - Festival van het Ongespeelde Stuk 1995 - Torch Song Trilogy - Joop van den Ende Theaterproducties BV 1996 - De poel - Festival van het Ongespeelde Stuk 1997 - Elektra - RO Theater 1997 - Het belang van Ernst - Noord Nederlands Toneel 1997 - Onder het melkwoud - RO Theater 1998 - Pterodactyls - Noord Nederlands Toneel 1999 - De manke - Noord Nederlands Toneel 1999 - De meeuw - Noord Nederlands Toneel 2001 - Het huis van Bernarda Alba - Het Nationale Toneel 2002 - Lied in de schemering - Joop van den Ende Theaterproducties BV 2002 - Momenten van geluk - Joop van den Ende Theaterproducties BV 2005 - Het kan weer vreemd gaan'' - Egmond Theater BV

Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1938