Jurassic Park is in Amerikaanske science fiction-horrorfilm út 1993 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Sam Neill, Laura Dern en Jeff Goldblum. De titel kin oerset wurde as "Sjuerapark", en ferwiist nei it Sjuera, in geologysk tiidrek doe't de dinosauriërs de wrâld behearsken. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Michael Crichton, dy't ek as senarioskriuwer by it projekt belutsen wie. It ferhaal fynt plak op it fiktive tropyske eilân Isla Nublar, foar de Pasifyske kust fan Kosta Rika. Dêr hat de rike sakeman John Hammond in safarypark opset dêr't troch kloanen en genetyske manipulaasje dinosauriërs wer ta libben brocht binne. Foarôfgeande oan 'e iepening fan it park nûget Hammond syn beide pakesizzers en in selekt selskip fan wittenskippers út om alles te testen. As bedriuwsspionaazje ta sabotaazje liedt, komme de besikers by stoarm yn it park fêst te sitten, wylst alle ferbliuwen fan 'e dinosauriërs iepengeane.

Foar de werjefte fan 'e dinosauriërs makke Jurassic Park gebrûk fan baanbrekkende special effects. Fan 'e filmkritisy ûntfong de film tige loovjende resinsjes en yn 'e bioskopen wie it in reuseftich kommersjeel súkses en woeks Jurassic Park út ta de (doe) meast opbringende film aller tiden. De film waard bekroane mei trije Oscars, in BAFTA, fjouwer Saturn Awards, in Hugo Award en ferskate oare wichtige prizen. Yn 2018 waard Jurassic Park opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register. It súkses fan 'e film late wrâldwiid ta in raazje op it mêd fan dinosauriërs, en teffens ta it ûntstean fan 'e Jurassic Park-franchise, yn it ramt wêrfan't yn 2022 de fyfde ferfolchfilm útkaam. It direkte ferfolch op Jurassic Park wie The Lost World: Jurassic Park, út 1997.

Plot De smoarrike Skotske sakeman John Hammond hat in safarypark fêstige op Isla Nublar, in (fiktyf) eilân yn 'e Stille Oseaan, dat 200 km foar de kust fan Kosta Rika leit. Hy hat it park, mei de namme Jurassic Park, befolke mei in grut tal ûnderskate soarten dinosauriërs dy't allegearre al miljoenen jierren lyn útstoarn binne. De bisten binne wer ta libben brocht troch it kloanen fan dinosaurus-DNA, dat oantroffen is yn bloeddrippen yn 'e lichems fan prehistoaryske langpoaten dy't bewarre bleaun binne yn fossilisearre beamsop, oftewol barnstien. De gatten yn it genoom fan 'e dinosauriërs binne neitiid troch genetyske manipulaasje opfolle mei it DNA fan kikkerts.

As der in wurknimmer fan Jurassic Park omkomt by it ferpleatsen fan in gefaarlike Velociraptor¹, stjoere de ynvestearders abbekaat Donald Gennaro, dy't derop stiet dat de feilichheid fan it park garandearre wurdt troch in stikmannich foaroansteande saakkundigen. Gennaro komt sels mei de glêde wiskundige en gaosteorist dr. Ian Malcolm op 'e lapen. Hammond reizget nei Montana ta, dêr't er de stive paleöntolooch dr. Alan Grant en dy syn freondinne, paleobotaniste dr. Ellie Sattler, foar it putsje wit te bestrûpen troch oan te bieden harren opgravings foar de kommende trije jier te finansieren. ¹) De Velociraptors út Jurassic Park komme net oerien mei de leden fan it echte skaai fan dinosauriërs mei dy namme. Dy wiene ntl. in stik lytser en dêrmei ek oansjenlik minder gefaarlik. Koart foar't de film útkaam, waard by paleöntologysk ûndersyk lykwols de Utahraptor ûntdutsen, dy't wol deeglik yn hege mjitte oerien kaam mei de Velociraptor út 'e film. Special effects-technikus Stan Winston makke doe de grap: "Wy hawwe him makke, en doe hawwe sy him ûntdutsen." Troch nije ûntdekkings geane paleöntologen der no fan út dat Velociraptors eins ek oerdutsen wiene mei fearren ynstee fan dat se keal wiene mei in skobbe hûd, lykas yn 'e film.

As de trije saakkundigen op Isla Nublar arrivearje sûnder dat Hammond se krekt fertelt hat hoe en wat, binne se alhiel feralterearre as se ûnderweis nei it besikerssintrum in libbene Brachiosaurus sjogge. Yn it besikerssintrum krije se in rûnlieding wêrby't harren útlein wurdt hoe't it team fan wittenskippers dat Hammond gearbrocht hat, it kloanen en de genetyske manipulaasje útfierd hat. Se binne tsjûge fan it út it aai kommen fan in Velociraptor en om't dy bisten sa gefaarlik binne dat Grant dêr ûngerêst fan wurdt, bringe se in besyk oan it Velociraptor-ferbliuw, ein in koai, dy't hermetysk ôfsletten is mei tige hege, tige sterke stekken dy't oanhâldend ûnder stroom steane.

De hiele rûnlieding ropt by de saakkundigen inkeld mear fragen op. Under de lunch is Malcolm it meast útsprutsen yn syn feroardieling fan Hammond syn dwaan, mei't er fynt dat de dinosauriërs har kâns hân hawwe, en dat se troch de natoer ôftanke binne, en dat it dêrom ûnfoechsum is om te besykjen en bring se werom. Boppedat, hoe kin Hammond miene dat it mooglik is om bisten yn 'e stringen te hâlden dy't al miljoenen jierren wei binne en dêr't we frijwol neat oer witte? Hammond leit út dat der soarchfâldich op ta sjoen is dat alle dinosauriërs op it eilân wyfkes binne, dat fuortplanting is ûnmooglik. Malcolm lit him net oertsjûgje, en hâldt út dat de natoer yn sokke sitewaasjes altyd wol foar in oplossing soarget. Ek fynt er it lakonike ynsetten fan genetyske manipulaasje troch Hammond-en-dy wat dat om problemen freget. Nei syn miening sil Jurassic Park yn triennen einigje. Grant en Sattler binne mylder as Malcolm, mar sjogge likemin yn hoe't dit wurkje kin. Inkeld Gennaro is nei it sjen fan 'e Brachiosaurus lôgjende entûsjast oer it park.

Nei it iten jouwe Hammond syn pakesizzers, it alvejierrige famke Lex en it sânjierrige jonkje Tim, har by de gasten foar in toer troch it safarypark. Hammond bliuwt efter yn it kontrôlesintrum, dat yn itselde gebou ûnderbrocht is as it besikerssintrum. Dêrwei hâldt er mei haadtechnikus Ray Arnold, haadparkwachter Robert Muldoon en haad automatisearring Dennis Nedry tafersjoch oer de toer. It sit Hammond net bot mei: de measte dinosauriërs bliuwe ferburgen yn 'e oerwâldfegetaasje as de selsridende elektryske auto's der lâns komme, en it iennichste libbene eksimplaar dat se sjogge, is in sike Triceratops. Ta oermjitte fan ramp leit Isla Nublar yn it paad fan in orkaan, dêr't Hammond fan hope hie dat er ôfbûge en it eilân misse soe. Dat bart lykwols net, sadat de toer oan 'e ein fan 'e middei hommels ôfbrutsen wurde moat. Wylst de measte wurknimmers fan it safarypark it eilân ferlitte op in fearboat nei it fêstelân fan Kosta Rika, keare de selsridende auto's werom nei it besikerssintrum mei alle gasten útsein Sattler, dy't langer by de Triceratops bliuwe wol en letter by it sintrum ôfset wurde sil troch bistedokter Harding.

Underwilens lêst haad automatisearring Dennis Nedry út in eigen skript. Hy hat finansjele swierrichheden, dy't er sels feroarsake hat, mar hy is fan miening dat er sa geniaal is en sok briljant wurk leveret, dat Hammond him better heart te beteljen. Mei't Hammond dat wegeret, wrokket Nedry tsjin syn baas en hat er him ta bedriuwsspionaazje omkeapje litten troch Dodgson, in man dy't foar Biosyn Genetics wurket, in konkurrint fan Hammond syn bedriuw InGen. Hy hat in spuitbus skearsjippe krigen mei dêryn in lyts kuolfek ferburgen, dêr't er in stikmannich stellen embryo's fan ûnderskate soarten dinosauriërs yn ferstopje kin. Om himsels tagong ta de embryo-opslach te jaan en neitiid mei it stellen guod by de fearboat te kommen, stelt Nedry in meastepart fan 'e automatisearre systemen fan it park bûten wurking. Troch dy sabotaazje reitsje de elektryske toerauto's strâne krekt foar it ferbliuw fan 'e Tyrannosaurus rex, in reuseftige rôfdinosaurus.

De Tyrannosaurus rex brekt troch de no net mear ûnder stroom steande stekken hinne. Gennaro naait út en siket beskûl yn in bouwurk dat in pear iepenbiere húskes befettet, mar de dinosaurus ferwoastget it gebou en ferslynt de abbekaat. De auto dêr't Lex en Tim yn efterbleaun binne, wurdt ek oanfallen troch de Tyrannosaurus rex, mar Grant en Malcolm komme harren te help. Malcolm rekket slim ferwûne en bliuwt efter, wylst Grant mei Lex op 'e rêch by in steile wand njonken it paad del klimt. De Tyrannosaurus rex triuwt de auto mei Tim der noch yn ek oer de râne, dy't op in hier nei boppe-op Grant en Lex falt en úteinlik hingjen bliuwt yn in beam. Nei't er mei Lex feilich de grûn berikt hat, klimt Grant yn 'e beam om Tim te rêden, wêrby't se op 'e nij oan 'e dea ûntsnappe as de auto losrekket en boppe-op harren falt.

Underwilens besiket Nedry mei syn bút fan dinosaurusembryo's de fearboat te berikken foar't dy ôfset, mar yn it tsjuster en de rein en wyn rekket er paadbjuster. As er mei syn Jeep út 'e bocht fljocht en útstapt om 'e auto mei de ynboude liere oan in beam wer flot te lûken, wurdt er oanfallen, deade en opfretten troch in Dilophosaurus.² Muldoon en Sattler geane derop út om 'e oare gasten te sykjen. Se treffe Malcolm ferwûne oan en fine fuotprinten werom fan Grant, Lex en Tim dy't by it autowrak ûnderoan 'e beam wei liede, mar moatte dan sjen dat se fuortkomme as de Tyrannosaurus rex weromkomt. It bist efterfolget harren wylst se yn in Jeep útpike, en se witte mar nauwerneed te ûntkommen. ²) De Dilophosaurus yn 'e film ferskilt sterk fan 'e echte Dilophosaurus. Hy waard yn 'e film folle lytser makke sadat it filmpublyk him net mei de Velociraptors betiizje soe, en de halskraach en it spuien fan gif binne folslein fiktyf.

Grant, dy't net goed mei bern omgean kin en oan Sattler ferteld hat dat er fynt dat se lûdroftich en ferfelend binne en stjonke, sit no ynienen mei twa bern oantangele dêr't er ferantwurdlik foar is. Hy nimt Lex en Tim mei djipper it park yn, by it territoarium fan 'e Tyrannosaurus rex wei, en se bringe de nacht troch heech yn in beam, dêr't se de oare moarns wekker makke wurde troch in blêde-itende Brachiosaurus. As se dy deis fierder tsjogge yn 'e rjochting fan it besikerssintrum, fine se in stikmannich útkommen dinosaurusaaien. Grant beseft dan dat Malcolm gelyk hie doe't er sei dat de natoer wol in oplossing betinke soe. Om't Hammond-en-dy it DNA fan 'e dinosauriërs oanlinge hawwe mei kikkert-DNA, en guon Westafrikaanske kikkerts spontaan fan geslacht feroarje kinne as se har earne befine dêr't allinne mar soartgenoaten fan itselde geslacht binne, kinne de dinosauriërs fan Isla Nublar dat no ek.

Mei't se net by steat binne om Nedry syn befeiliging fan it kompjûtersysteem te omsilen, beslute Hammond en Arnold om it hiele systeem út te setten en dan wer hielendal op 'e nij op te starten. Dêrfoar lûke Hammond, Arnold, Sattler, Muldoon en Malcolm har werom yn in bunker foar needgefallen. It útsetten fan it systeem giet poerbêst, mar it wer opstarten wol net om't de stoppen trochslein binne. It is ienfâldich genôch om dy wer om te setten. It probleem is allinnich dat de stoppen yn 'e kelder fan in gebou hielendal oan 'e oare kant fan it kompleks sitte. Arnold giet dêrhinne om it putsje op te knappen, mar hy komt net werom. Dêrom sette de mei in swier jachtgewear bewapene Muldoon en Sattler him efternei. Se ûntdekke dat troch it útsetten fan it systeem ek de noch funksjonearjende elektryske ôffredings deäktivearre binne, mei as gefolch dat de trije Velociraptors no frij omrinne.