Elysium is in Amerikaanske dystopyske science fiction-aksjefilm út 2013 ûnder rezjy fan Neill Blomkamp, mei yn 'e haadrollen Matt Damon, Jodie Foster, Alice Braga en Sharlto Copley. De titel ferwiist nei it Elysium, in foarm fan 'e ûnderwrâld yn 'e Grykske mytology dy't wol wat liket op 'e himel, mar ek nei in romtestasjon mei dy namme yn 'e film. Mids twaentweintichste iuw hawwe har dêr de superriken weromlutsen yn in paradyslike keunstmjittige wrâld, dêr't se libje as goaden. Op 'e fersmoarge, ferrinnewearre Ierde is de rest fan 'e minskheid efterbleaun, dy't libbet yn djippe earmoede en útrûpele wurdt troch grutte bedriuwen dy't út Elysium wei bestjoerd wurde. Yn Elysium bestiet de technology om alle sykten te genêzen, mar dy wurdt de rest fan 'e minskheid ûntholden. Dat liedt derta dat de siken wanhopige dingen begjinne út te heven om it romtestasjon te berikken. Elysium krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
Plot Tsjin 'e midden fan 'e twaentweintichste iuw is de Ierde slim oerbefolke en fersmoarge rekke. Inkele generaasjes lyn hawwe de superriken de planeet ferlitten om har te fêstigjen yn in reuseftich, rêdfoarmich romtestasjon yn in baan om 'e Ierde, dêr't se yn wielde libje yn grutte, superdelúkse filla's middenmank tunen en parken mei moaie blommen en beskaadzjend beamte en strewelleguod, dêr't de sinne altyd skynt. Se wurde op alle mooglik manearen fersoarge troch dêrta ûntwurpen robots, dy't alle ienfâldige wurk oernommen hawwe. Se neame it romtestasjon Elysium, nei it Elysium, it hjirneimels foar helden en healgoaden yn 'e Grykske mytology. Mei't alle sykten en ferwûnings genêzen wurde kin, hawwe de bewenners fan Elysium praktysk it ivige libben. Dat genêzen wurdt dien yn in saneamde medyske kapsule, dy't it minsklik lichem op atomêr nivo feroaret. Eltse húshâlding hat sa'n apparaat, dat lykwols faker brûkt wurdt om lju dy't ferfeeld rekke binne mei harren lichem in oar uterlik te jaan, as wêrfoar't se eins bedoeld binne.
Underwilens is it oergrutte part fan 'e minsken efterbleaun op 'e ferrinnewearre Ierde, dêr't se yn djippe earmoede libje en útrûpele wurde foar goedkeape arbeid troch grutte bedriuwen dy't fan Elysium ôf bestjoerd wurde. De minsken op 'e Ierde hawwe gjin tagong ta medyske kapsules, mei't de bewenners fan Elysium dy foar harsels hâlde. Fral dat lêste ûnrjocht liedt ta grutte opstannigens fan 'e Ierdbewenners. Yn Los Angeles bestiet in fersetsbeweging anneks minskesmokkeldersoperaasje û.l.f. in Spider, dy't besiket om romtefearen fol mei minsken dy't dat betelje kinne, nei Elysium te stjoeren. Op Elysium wurdt dat as in oarlochsdie beskôge en de ynsittenden fan 'e romtefearen as yllegalen. As Spider nei lang bodzjen trije skippen nei it romtestasjon stjoert, jout Jessica Delacourt, de ûnmeilydsume minister fan Definsje fan Elysium, befel om se del te sjitten. Twa fan 'e romtefearen wurde ferneatige; fan 'e trêde, dy't wol wit te lânjen, wurde de ynsittenden mei hurde hân oppakt om fuortendaliks weromstjoerd te wurden nei de Ierde.
Max da Costa is in fabryksarbeider yn Los Angeles mei in krimineel ferline. Hoewol't er syn libben bettere hat, kriget er fan it troch de machthawwers fan Elysium op 'e Ierde ynstelde rezjym net folle kâns om op it rjochte paad te bliuwen. Nettsjinsteande dy tsjinwurking en in útsichtleas bestean hâldt er hoek. Op in dei wurdt er by in ûngelok yn it fabryk bleatsteld oan in deadlike hoemannichte radioaktive strieling. Hy kriget, fan in ferplegingsrobot, te hearren dat er noch fiif dagen te libjen hat. Wanhopich om Elysium te berikken dêr't er himsels genêze kin yn in medyske kapsule, bejout Max him, holpen troch syn freon Julio, nei Spider, mei wa't er yn syn kriminele ferline earder gedoente hân hat. Spider wol dat Max syn reis op it folgjende yllegale romtefear fertsjinnet troch in putsje foar him op te knappen. Om't Max troch syn strielingssykte de krêft suver net iens hat om op beide fuotten te stean, lit Spider him in meganysk eksoskelet oanmjitte, wêrfan't it bestjoeringssysteem by in tige pynlike operaasje mei in neuraal ymplantaat yn syn harsens stoppe wurdt, wylst de stangen yn syn bonken fêstskroeve wurde.
Underwilens hat minister Delacourt op Elysium fan presidint Patel in offisjele warskôging (har lêste foar't er har ûntslaan sil) krigen foar it delsjitten fan 'e beide romtefearen. Hy hat har boppedat twongen om har trewant, de lichtlik psychopatyske geheim agint Kruger, dien te jaan. Hja wrokket dêroer, mei't hja Patel fiersten te sêft fynt en him as in bedriging foar de feilichheid fan Elysium beskôget. Sadwaande nimt se kontakt op mei John Carlyle, de algemien direkteur fan itselde bedriuw dat oarspronklik it kompjûtersysteem makke hat dat Elysium (letterlik) draaiende hâldt. Yn ruil foar in twahûndertjierrich kontrakt foar de levering fan oarlochsmaterieel stimt Carlyle dermei yn om foar Delacourt in rebootprogramma foar Elysium te skriuwen. Dêryn kin se nei har beleavjen dingen feroarje (lykas de namme fan 'e presidint fan "Patel" nei "Delacourt"). As se dat uploadt, sil it hiele kompjûtersysteem fan it romtestasjon eefkes útfalle en dan wer op 'e nij opstarte mei de nije gegevens. Om't se it hjir oer in gearspanning ta in steatsgreep hawwe, ferneatiget Carlyle de kompjûter dêr't er it rebootprogramma op skreaun hat en slacht er it programma op yn syn eigen harsens. Hy befeiliget it op sa'n wize dat it besykjen om it programma sûnder wachtwurd te brûken de dea fan 'e brûker ta gefolch hawwe sil.
It putsje dat Spider wol dat Max foar him opknapt, is de ûntfiering fan in boarger fan Elysium dy't de Ierde besiket, om alle gegevens yn 'e harsens fan dy persoan út te lêzen. Dy ynformaasje wol Spider foar grou jild ferkeapje oan belangstellenden. Max wrokket ûnderwilens tsjin it fabryk dêr't er troch gebrek oan feilichheidsomtinkens foar it personiel mei radioaktive strieling besmet rekke is, wêrnei't er sûnder mear oan 'e dyk set is, dat hy hat ien betingst. Hy wol dat it slachtoffer John Carlyle is, de eigner fan it fabryk. Spider stimt dêrmei yn. As Carlyle fan 'e Ierde ôfset nei Elysium, wurdt syn fleantúch delhelle troch Max, Julio en twa fan Spider syn mannen, Sandro en Manuel. Se folgje it nei it plak dêr't it delstoart, weve ôf mei de beide robotliifwachten fan Carlyle en downloade ûnder twang alle ynformaasje út syn harsens. By de sjitpartij tusken Max en syn maten en de robots is Carlyle yn it boarst rekke, en hy ferstjert koart nei de download oan bloedferlies.
Op Elysium sit Delacourt mei smert te wachtsjen op Carlyle en it rebootprogramma. As se warskôge wurdt dat Carlyle syn fleantúch delsketten is, jout se Kruger syn baan werom en set him mei twa assistinten op 'e saak. Der brekt in fjoergefjocht út wannear't Kruger mei syn trewanten Drake en Crowe op it plak arrivearret dêr't Carlyle syn fleantúch delstoart is. Dêrby komme Sandro en Manuel om. Julio wurdt troch Kruger deamakke mei in Japanske katana. Max wurdt delstutsen, mar ûntkomt, mei yn syn holle de ynformaasje fan Carlyle. Efterfolge troch Kruger-en-dy flechtet er de stêd yn, dêr't se him kwytreitsje. Hy giet om help nei Frey Santiago, mei wa't er al fan bern ôf oan befreone is. Hja wurket as ferpleechster yn in sikehûs en fersoarget by har thús Max syn wûne. Frey hat in achtjierrich dochterke, Matilda, dat it terminale stadium fan leukemy berikt hat. Sadwaande smeekt Frey Max om Matilda mei te nimmen nei Elysium, mar Max sjocht net yn hoe't er dat dwaan kin mei lju lykas Kruger efter him oan en seit dat it it feilichste is as se sa fluch mooglik ferjit dat se him sjoen hat.
As er de oare moarns de wente fan Frey ferlit, wurdt Max opmurken troch ien fan 'e drones dy't Kruger yn 'e loft hat om him op te spoaren. Max naait út en wit de drone ôf te skodzjen, mar Kruger-en-dy falle de wente fan Frey binnen en nimme har en Matilda yn gizeling. Delacourt stelt in no fly-zone yn foar hiel Los Angeles salang't Max noch op frije fuotten is. Max leveret de ynformaasje fan Carlyle by Spider ôf, dy't beseft dat it rebootprogramma brûkt wurde kin om alle Ierdbewenners boargers fan Elysium te meitsjen. De no fly-zone makket it lykwols ûnmooglik om in romtefear nei Elysium te krijen. Mei't Max noch mar in beheinde tiid te libjen hat, jout er himsels oer oan Kruger, wylst er in hângranaat yn 'e hân hâldt. Se prate ôf dat Kruger Max nei Elysium ta bringe sil en gebrûk meitsje litte sil fan in medyske kapsule; yn ruil dêrfoar kriget er alle ynformaasje dy't Max út 'e holle fan Carlyle krigen hat. As Max ta syn kjeltme Frey en Matilda al oan board fan it fleantúch anneks romteskip fan Kruger-en-dy oantreft, beswart er de lulke Frey dat er alles dwaan sil dat er kin om har út 'e benearing te helpen. Sadree't Max mei Kruger en dy ûnderweis is nei Elysium, heft Delacourt de no fly-zone op. Spider en syn mannen sette fuortendaliks ôf nei it romtestasjon.
Koart foar't it tastel mei Max deryn lânje sil yn Elysium, falle Kruger, Crowe en Drake Max oan en besykje him oermânsk te wurden. Yn 'e fjochtpartij wurdt Max de hângranaat út 'e hannen slein. It slagget Kruger-en-dy net om it wapen te pakken te krijen, en as de hângranaat ôfgiet, slacht de ûntploffing in gat yn 'e romt fan it tastel, dat dêrtroch sokke slimme skea oprint dat it delstoart. De ûntploffing hat Kruger syn gesicht fuortslein. Wylst Crowe en Drake de troch de klap fan it delstoarten fersufte Max oermasterje, ûntkomt Frey mei Matilda. Hja brekt yn 'e neiste filla yn, fynt dêr de medyske kapsule en leit Matilda deryn. It apparaat wol lykwols net wurkje om't it Matilda net as in boarger fan Elysium werkent. Tsjin dy tiid wurdt Frey efterhelle en finzen nommen. Wylst Kruger yn in medyske kapsule stoppe wurdt om syn gesicht te regenerearjen, wurdt Max by Delacourt brocht, dy't opdracht jout om it rebootprogramma te dekodearjen, ek al sil Max dêrtroch omkomme. Frey en Matilda wurde by him weihelle en yn in berchromte yn 'e wapenkeamer opsletten.
Nei't Kruger wer folslein sûn en wol út 'e medyske kapsule kommen is, hat er flink de pest yn. Delacourt komt by him del om him te beskrobjen foar alle ekstra wurk dy't er har besoarge hat. Se moat nammentlik de hiele klandestine boel stil sjen te hâlden, en dat falt net ta no't der in fleantúch delstoart is yn Elysium. Wylst se him de mantel útfeecht, slacht Kruger in spegel stikken, pakt ien fan 'e skerven op en stekt har dêrmei yn 'e hals. Dêrnei lit er har yn deselde berchromte smite dêr't Frey en Matilda ek sitte. Frey besiket Delacourt te rêden, mar it is te let; de minister hjit har om har gewurde te litten en stjert. Kruger hat it him yn 'e holle helle dat as Delacourt harsels presidint meitsje kin troch in namme yn it rebootprogramma te feroarjen, wêrom hy dan net? Hy sjocht himsels al as de nije presidint fan Elysium, en stjoert Crowe en Drake derop út om skjin skip te meitsjen. Dat bestjut dat se alle meiwurkers fan Delacourt ombringe troch hângranaten yn kantoarromten nei binnen te smiten.