Monika Pflug (München, 1 maart 1954) is in earder Dútsk reedrydster. Wilens har karriêre kaam sy út foar it doetiidske West-Dútslân. Sy is ek wol bekend ûnder har troude nammen Monika Holzner en Monika Gawenus.

Sy die fiif kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fyftjin kear oan it Wrâldkampioenskip Sprint, seis kear stie sy oan de start by it Europeesk kampioenskip en fiif kear die sy mei oan de Olympyske Winterspullen (yn 1972, 1976, 1980, 1984 en 1988). Sy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioene sprint en ien kear Olympyske kampioen op de 1000 meter. Nei de spullen fan 1988 hold Pflug op mei it reedriden op heech nivo.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 40,5322 febrewaris 1988 Olympic Oval, Calgary1000 meter1.23,4730 desimber 1983 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell1500 meter2.11,266 maart 1986 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell3 km4.54,4926 febrewaris 1981 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell

Resultaten jier EKAllround WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 197114e 16eNet finisht197215e 500 m, 5e1000 m, 1500 m, 10e19734e6e19747e7e1975 16e12e1976 500 m, 12e1000 m, 5e1979 8ste1980 19e500 m, 25ste1000 m, 21ste198114e 5e198213e14e1983 8ste1984 5e500 m, 7e1000 m, 8ste1985 5e1986 8ste1987 6e1988 Net finisht500 m, 7e

Kategory:Dútsk reedrider Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1954