Salamanca is in stêd en gemeente yn 'e autonome Spaanske regio Kastylje en Leön. De stêd is ek it haadplak fan 'e provinsje mei deselde namme. Yn it jier 1988 krige Salamanca fan UNESCO de status fan wrâlderfgoed. Salamanca wie boppedat yn it jier 2002 tegearre mei Brugge 'Kulturele Haadstêd fan Europa'.

Skiednis De âlde Ibearyske delsetting waard yn it jier 219 f.Kr. troch Hannibal belegere. Under Romeinsk en Westgoatysk bewâld (133 f.Kr. oant ± 712) waard de stêd 'Helmantica' neamd. Yn dat tiidrek waard de delsetting in belangryk hannelssintrum. thumb|left|Tagong universteit Yn 'e 8e iuw oermasteren moslims de stêd, mar al yn it jier 939 waard de stêd nei de Slach fan Simancas wer kristlik (reconquista). Salamanca waard ynnearsten in grinsstêd foar it kristlike Spanje en hie jimmeroan wer te meitsjen mei oanfallen fan it islamityske suden. Dat late ta in ûntfolking en pas nei de oermastering fan it emiraat Toledo troch Alfons VI fan Leön yn it jier 1085 koene de ynwenners fan 'e stêd wer rommer sykhelje en naam de befolking wer ta (repoblación). De nije kristlike ynwenners kamen yn 1162 tsjin Kastylje-Leön yn opstân en fregen yn 1163 stipe fan Portugal, dat Salamanca twa jier lang besette.

Yn 1218 waard de foarrinner fan 'e earste universiteit fan Spanje yn Salamanca stifte. Yn 1254 krige dy skoalle de status fan universiteit en tagelyk befêstige paus Aleksander IV de universiteit mei in bul de akademyske status.

Salamanca makke syn bloeitiid yn 'e 16e iuw mei. Yn it jier 1524 waard mei de bou fan it Sint-Stefanuskleaster (Convento de San Esteban) útein set.

By de Slach by Salamanca op 22 july 1812 fersloech in Britsk-Portugeesk leger ûnder Wellington it Frânske leger ûnder Marmont.

It besjen wurdich De stêd is twa katedralen ryk, de âlde katedraal út 'e 12e iuw en de nije katedraal út 'e 16e iuw. Beide katedralen foarmje ien kompleks. De toer fan 'e nije katedraal moast fersterke wurde fanwegen skuorren troch de ierdskodding fan Lissabon. Foar de katedraal oer leit it biskoplike paleis. Yn 'e tiid fan 'e Spaanske Boargerkriich wie Salamanca al gau yn hannen fan 'e nasjonalisten en wie it paleis foar in skoft it haadkertier fan generaal Franco.

De Plaza Mayor, dêr't eartiids it bollefjochtsjen holden waard, is ien fan 'e moaiste pleinen fan Spanje. Filips V fan Spanje, de earste Spaanske kening út it Frânske hûs Bourbon, liet it yn 1729 foar de ynwenners bouwe fanwegen de trou fan Salamanca yn 'e súksesjekriich.

Bekend is ek it Casa de las Conchas (Hûs fan 'e Skelpen), in stedspaleis dat yn Plateresco-styl boud waard. De gevel is fersierd mei mear as 300 Jakobsskelpen fan goudgiele sânstien, dy't symboal steane foar it pylgerjen nei Santiago de Compostela.

De Puente Romano oer de Tormes is in Romeinske brêge dy't noch jimmeroan brûkt wurdt.

Befolkingsferrin De ûntfolking fan it plattelân as gefolch fan 'e mechanisaasje en de skaalfergrutting yn 'e lânbou soarge yn 'e 20e iuw foar in foarse befolkingsoanwaaks fan 'e stêd. Dochs groeit Salamanca stadiger as de boomende haadstêdregio. De tin befolke omjouwing fan 'e stêd jout útsein yn 'e sektor toerisme fierder net in soad ekonomysk perspektyf.

Jier 1857 1900 1950 2000 2022 Ynwenners 15.213 25.690 80.239 158.556 142.412

Kategory:Plak yn Kastylje en Leön Kategory:Wrâlderfgoed yn Spanje