Cornelius (Cor) Hendrik Rogge (Amsterdam, 21 desimber 1932 – Eerbeek, 17 jannewaris 2023) wie in Nederlânske byldhouwer, ynstallaasjekeunstner en tekener.

Biografy Cornelius Rogge waard grutbrocht yn in teosofysk gesin en de teosofy behearske syn opfettingen oer libben en dea.

Rogge studearre fan 1950 oant 1952 it Instituut voor kunstnijverheidsonderwijs (de lettere Gerrit Rietveld Akademy) yn Amsterdam. Fan 1955 oant 1957 studearre er oan de Ryksakademy fan byldzjende keunsten yn Amsterdam. Hy krige yn 1971 de American Cassandra Award en yn 1986 de David Röell Priis fan it Prins Bernhard Cultuurfonds foar hiel syn oeuvre. Wat byldhouwen oanbelanget wie er autodidakt. Rogge wie dosint oan de Academie voor Kunst en Vormgeving St. Joost yn De Bosk (1972) en de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam (1986-1988).

Rogge wie in fertsjintwurdiger fan de moderne keunst út it tiidrek nei de Twadde Wrâldoarloch. Syn wurk is oanwêzich yn de wichtige Nederlânske keunstmusea. Syn Windzuil stiet yn Amsterdam Nij-West, syn Piramide yn Amsterdam-Súd. By gelegenheid fan syn 45 - jierrige keunstnerskip waard er yn 2005 beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Yn 2012 fernijde er de kommisje-Deetman de twongen kastraasje fan Henk Heithuis. Nieuwsuur 4 april 2012

Foar de Brummenske útjouwerij De GeitenPers makke hy yn 2015 tekeningen by it ferhaal fan Wim Brands, De onverharde weg. Tegearre mei Geert Voskamp wurke er yn 1016 op oan twa publikaasjes foar deselde útjouwerij: hy skreau it ferhaal De vlindervanger en makke tekeningen by Voskamp syn Langs het kanaal.

Galery

Sjoch ek List fan Nederlânske byldhouwers

Keppelingen om utens Webside oer Cornelius Rogge Wurk fan Cornelius Rogge by it Kröller-Müller Museum Cornelius Johannes Rogge by artnet

Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk tekener Kategory:Nederlânsk ynstallaasjekeunstner Kategory:Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1932 Kategory:Persoan stoarn yn 2023