Nils Göran van der Poel (Trollhättan, 25 april 1996) is in earder Sweedsk reedrider. Van der Poel is twa kear eare foar syn prestaasjes mei de Oscar Mathisen-trofee.
Hy die trije kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, en it Europeesk kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen, en twafâldich Olympysk kampioen.
Van der Poels pake emigrearre yn 1953 út Nederlân wei nei Sweden, en boaske yn Sweden mei in Hongaarske dy't yn 1956 nei Sweden flechte wie fanwegen de Hongaarske Opstân. Van der Poel is yn de Sweedske taal grutbrocht en is de Nederlânske en Hongaarske taal, fan syn pake en beppe fan heit syn kant net machtich. Van der Poel is in wat wispelturig man, en stopte yn 2015 en yn 2018 al ris mei reedriden. om him te rjochtsjen op syn studzje syn tsjinstplicht en oare sporten bygelyks it Ultrarinnen. Nei de Winterspullen fan 2022 stoppe er foar de tredde kear mei it reedriden.
Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 37,335 maart 2022 Vikingskipet, Hamar1000 meter1.13,9215 novimber 2014 Vikingskipet, Hamar1500 meter1.47,184 desimber 2021 Utah Olympic Oval, Salt Lake City3 km3.51,1215 novimber 2014 Vikingskipet, Hamar5 km6.01,563 desimber 2021 Utah Olympic Oval, Salt Lake City10 km12.30,7411 febrewaris 2022 National Speed Skating Oval, Peking
Resultaten jier EKAllround WKAllround WKOfstannen OlympyskeSpullen 201424ste19e201712e 10 km, 8ste2018 6e 5 km, 14e20214e 5 km, 10 km, 2022 5 km, 10 km,
Kategory:Sweedsk reedrider Kategory:Sweedsk Olympysk kampioen Kategory:Sweedsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1996