thumb|It Arrondissemint Brussel mei syn 19 gemeenten It arrondissemint Brussel-Haadstêd (Nederlânsk: Arrondissement Brussel-Hoofdstad, Frânsk: Arrondissement de Bruxelles-Capitale, Dútsk: Verwaltingsbezirk Brüssel-Hauptstadt) is it iennige arrondissemint yn it Brusselsk Haadstedsk Gewest yn Belgje en om't it de iennige arrondissement yn dat gewest is, falle de grinzen tegearre mei dy fan it gewest. De haadstêd is de stêd Brussel, ien fan de 19 gemeenten fan it gewest en it arrondissemint.

Skiednis It arrondissemint waard yn 1963 oprjochte doe't yn it ramt fan it wetlik fêstlizzen fan de taalgrins it arrondissemint Halle-Vilvoorde opspjalte waard. Yn 1995 waard de provinsje Brabân, dêr't it arrondissemint yn lei ek opspjalte. It arrondissemint Nijvel foarme de nijfoarme provinsje Waalsk-Brabân en de arrondisseminten Halle-Vilvoorde en Leuven foarmen de nijfoarme provinsje Flaamsk-Brabân. It arrondissemint Brussel-Haadstêd, dy't lyk falt mei it Brusselsk haadstedsk Gewest falt dêrmei net ûnder in provinsje en hie oant 2014 dêrmei as iennichste arrondissemint in gûverneur oan it haad, doe't dêrnei dy posysje kaam te ferfallen neffens in steatsherfoarmingswet fa 2011. Dêrnei stiet oan it haad in Hege Amtner.

It arrondissemint Brussel-Haadstêd, allyk mei it Brusselsk Haadstedsk Gewest bestiet út 19 gemeenten, dêr't de stêd Brussel de grutste fan is.

De gemeenten binne: Anderlecht Brussel (Bruxelles) Ixelles/Elsene Etterbeek Evere Ganshoren Jette Koekelberg Auderghem/Oudergem Schaerbeek/Schaarbeek Berchem-Sainte-Agathe/Sint-Agatha-Berchem Saint-Gilles/Sint-Gillis Molenbeek-Saint-Jean/Sint-Jans-Molenbeek Saint-Josse-ten-Noode/Sint-Joost-ten-Node Woluwe-Saint-Lambert/Sint-Lambrechts-Woluwe Woluwe-Saint-Pierre/Sint-Pieters-Woluwe Uccle/Ukkel Forest/Vorst Watermael/Boitsfort/Watermaal/Bosvoorde

Alle gemeenten hawwe harrensels as dielgemeente útsein de stêd Brussel dy't sûnt 1921 de folgjende dielgemeenten hat: Haren Laken (Laeken) Neder-Over-Heembeek

Kategory:Geografy fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1963