Saint-Amand-les-Eaux (Nederlânsk: Sint-Amands-aan-de-Skarpe) is in stêd en gemeente yn it Frânske Noarderdepartemint (regio Opper-Frankryk). De stêd makket diel út fan it arrondissemint Valenciennes en fan 'e histoaryske lânstreek Frânsk-Flaanderen. Saint-Amand-les-Eaux leit oan 'e rivier de Scarpe, in kanalisearre sydrivier fan 'e Skelde.
Geografy It plak leit yn it hert fan it 'Parc naturel régional Scarpe-Escaut', tichteby de Belgyske grins.
It oerflak fan Saint-Amand-les-Eaux is 33,8 km² en de gemeente is yn ferskillende wiken en buorskippen yndield:
Westlik fan 'e stedskearn: La Bruyère, Le Moulin Blanc en Le Saubois Sudlik en eastlik, oan 'e oare kant fan 'e Scarpe: La Collinière, Moulin des Loups, La Grise Chemise, Le Thumelart, Mont des Bruyères, La Croisette, Cubray en Saint-Amand-Thermal.
Fral it noardlike diel fan 'e gemeente is beboud. Yn it súdeastlike diel leit it steatsbosk fan Saint-Amand.
Skiednis thumb|left|De Sint-Amandusabdij foar de revolúsje. Saint-Amand-les-Eaux ûntstie om 'e Sint-Amandusabdij hinne, ien fan 'e grutste abdijen fan Henegouwen en Flaanderen. Dy abdij waard yn 'e jierren 633-639 troch Amandus fan Maastricht boud op 'e grûn, dy't, lykas beskreaun yn 'e Vita Sancti Amandi, syn freon kening Dagobert I, him foar dat doel skonken hie.
Yn 'e Frânske Revolúsje is it Benediktynske kompleks hast hielen ôfbrutsen. Fan 'e abdij bleaune allinne de barokke tsjerketoer (1626) en de tagongspoarte oer. De bylden yn 'e toer waarden ek yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje fernield. De tagongspoarte is yn ; e styl fan 'e Flaamske renêssânse en jout tsjintwurdich ûnderdak oan it gemeentehûs.
Nei de Frânske Revolúsje wie de offisjele gemeentenamme Saint-Amand; sûnt 1962 waard dêr 'les-Eaux' oan tafoege.
It besjen wurdich left|thumb|Moulin Blanc. De toer fan 'e eardere abdijtsjerke, sûnt 1846 in monument historique. l'Echevinage, de eardere tagong fan 'e abdij, sûnt 1883 in monument historique''. Stedssintrum: Église Saint-Martin. Moulin des Loups: Église Notre-Dame-des-Malades. La Croisette: Église Saint-Jean-Baptiste Le Moulin Blanc: Église Sainte-Thérèse Le Moulin Blanc: Moulin Blanc (mûne). De stêd hat meardere boarnen, dy't fan it plak in kuerplak makken dêr't mineraalwetter produsearre wurdt. Op it gemeentlike begraafplak fan Saint-Amand-les-Eaux is in Britsk kriichsgrêf út 'e Earste Wrâldkriich. Ek is dêr it grêf fan 'e yn Saint-Amand-les-Eaux berne Louise de Bettignies, dy't foar de Britten yn 'e Earste Wrâldkriich spionearre.
Befolkingsferrin Jier 1800 1851 1901 1946 1975 2006 2020 Ynwenners 8.039 9.527 13.705 14.218 16.692 16.590 15.997
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn Opper-Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Opper-Frankryk