Gerard Pieter Hendrik van Velde (Wapenveld, 30 novimber 1971) is in Nederlânsk reedrydtrainer en earder reedrider. Van Velde waard yn 2002 Olympysk kampioen op de 1000 meter.

Hy die fyftjin kear mei oan it Wrâldkampioenskip Sprint, en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1992, 1994 en 2002). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear Olympysk kampioen. Hy waard ek seis kear Nederlânsk sprint kampioen. Syn grutste suksessen behelle Gerard van Velde nei't er eins al stoppe wie mei reedriden op heech nivo, om't er in protte muoite hie mei de oerstap nei de klapreed. Hy waard troch Rintje Ritsma frege mei him mei te trainen, Van Velde hapte ta en gie noch in oantal jier fierder mei reedriden. Yn 2008 stopte Gerard van Velde definityf mei reedriden op heech nivo en waard reedrydtrainer ûnder oaren fan Michel en Ronald Mulder en Jutta Leerdam.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 34,596 desimber 2003 Olympic Oval, Calgary1000 meter1.07,1816 febrewaris 2002 Utah Olympic Oval, Salt Lake City1500 meter1.48,5329 jannewaris 1939 Olympic Oval, Calgary3 km4.02,1830 novimber 1997 Olympic Oval, Calgary

Resultaten jier NKSprint NKOfstannen WKSprint WKOfstannen OlympyskeSpullen 19908ste 500 m, 16e1000 m, 17e 1991 500 m, 1000 m, 1500 m, 10e15e 1992500 m, 1000 m, 4e6e 500 m, 5e1000 m, 4e1993500 m, 1000 m, 11e 199413e500 m, 1000 m, 1500 m, 12e30e 500 m, 21ste1000 m, 9e1995500 m, 1000 m, 10e 1996500 m, 1000 m, 33ste500 m, 10e1000 m, 4e1997 11e500 m, 18e1000 m, 6e19986e500 m, 4e1000 m, 7e 2000500 m, 1000 m, 4e20ste500 m, 19e2001500 m, 7e1000 m, 12e1500 m, 19e7e500 m, 11e1000 m, 5e2002500 m, 1000 m, 1500 m, 7e4e 500 m, 4e1000 m, 2003Net finisht500 m, 1000 m, 1500 m, 8ste500 m, 4e1000 m, 2004500 m, 1000 m, 4e500 m, 8ste1000 m, Net finisht2005500 m, 1000 m, 6e1500 m, 14eNet finisht500 m, 10e2006500 m, 5e1000 m, 6e6e 20074e500 m, 4e1000 m, 9eDiskwalifisearre 200810e

Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Nederlânsk reedrydtrainer Kategory:Feluwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1971