Maxwell Fraser (Londen, 14 juny 1957 – Londen, 23 desimber 2022), better bekend as Maxi Jazz, wie in Britsk rapper, dj, lietsjesskriuwer en muzikant; hy waard bekend as frontman fan de dancegroep Faithless. Nei in tafallige moeting mei producer Rollo ûntstie it idee foar in gearwurking. In namme wie troch de oertsjûge Nichiren Shoshu Boeddhist rap betocht: Faithless. Mei Faithless behelle Maxi Jazz grutte suksesen, de grutste hits wiene, Insomnia (1996), God is a DJ (1998), en We Come 1 (2001). Yn 2022 moast Faithless harren toernee ôfsizze wêrûnder in optreden yn Nederlân om't Maxi Jazz slim siik wie.

Maxi Jazz ferstoar op 23 desimber 2022, yn 'e aldens fan 65 jier oan de gefolgen fan in sykte.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Reverence8 april 1996FaithlessSalva Mea,Insomnia,Don't Leave,ReverenceSunday 8PM28 septimber 1998God is a DJ,Take the Long Way Home,Why Go? (mei Boy George),Bring My Family BackOutrospective18 juny 2001We Come 1,Muhammad Ali,Tarantula,One Step Too Far (mei Dido)No Roots7 juny 2004Mass Destruction,I Want More,Miss U Less, See U MoreTo All New Arrivals27 novimber 2006Bombs,Music Matters,A Kind of PeaceThe Dance17 maaie 2010Sun to Me,Not Going Home,Tweak Your Nipple,Feelin' Good (mei Dido)

As gastmuzikant Single(s) Album Utbrocht yn Mei band My Culture1 Giant Leap20021 Giant Leap

Kategory:Persoan berne yn 1957 Kategory:Persoan stoarn yn 2022 Kategory:Ingelsk dance-artyst‎ Kategory:Ingelsk sjonger Kategory:Ingelsk lietsjeskriuwer Kategory:Ingelsk persoan fan Jamaikaansk komôf