The Usual Suspects is in Amerikaanske ûnôfhinklike neo-noir-misdieskriller út 1995 ûnder rezjy fan Bryan Singer, mei yn 'e haadrollen Kevin Spacey en Gabriel Byrne. De titel betsjut "De Gewoanlike Fertochten", en is in ferwizing nei in ferneamde dialoochregel út 'e filmklassiker Casablanca, út 1942: "Round up the usual suspects," ("Pak de gewoanlike fertochten mar op."). The Usual Suspects folget it ferhear troch de plysje fan Roger "Verbal" Kint, in lichaamlik beheinde lytse oplichter dy't ien fan mar twa oerlibbenen is fan in bloedbad op in skip yn 'e haven fan Los Angeles. Mei flashbacks en voice-overs docht dyselde syn ferhaal oer in yngewikkelde rige foarfallen dy't him en syn maten nei it skip ta brocht hawwe en oer de mysterieuze en machtige krimineel Keyzer Söze dy't harren twong om foar him te wurkjen. De film waard foar it earst fertoand op it Sundance Filmfestival foar ûnôfhinklike films en waard ek sjen litten op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. The Usual Suspects krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie kommersjeel ridlik súksesfol yn 'e bioskopen. Hy wûn twa Oscars, twa BAFTA's en ferskate oare prizen. De Oscar foar bêste manlike byrol betsjutte de trochbraak yn 'e karriêre fan Kevin Spacey.
Plot De behurde krimineel Dean Keaton leit slim ferwûne op it dek fan in skip yn 'e haven fan Los Angeles. Der bûcht him in man oer him hinne dy't er oansprekt as "Keyser", en dy't him deasjit en it skip yn 'e brân stekt foar't er sels útpykt. De oare deis treft de plysje op en om it troch de brân ûntplofte skip de stoflike omskotten oan fan teminsten 27 manlju. Der binne mar twa oerlibbenen: Ákos Kovács, in Hongaarske gangster dy't mei swiere brânwûnen yn it sikehûs opnommen wurdt, en Roger "Verbal" Kint, in lytse oplichter oanhelle mei harsensferlamming, dy't mei de skrik frijkommen liket te wêzen. Dave Kujan, in spesjaal agint fan 'e Amerikaanske Dûane, reizget út New York wei ôf nei Los Angeles om Kint yn it ferhear te nimmen. De foarfallen dy't Kint mei syn maten Dean Keaton, Michael McManus en Todd Hockney nei it skip ta brocht hawwe, wurde troch Kint oan Kujan beskreaun yn in rige flashbacks, hjir en dêr foarsjoen fan in voice-over.
Seis wiken earder waarden Kint, Keaton, McManus, Hockney en in fyfde krimineel, Fred Fenster, yn New York arrestearre op fertinking fan 'e kaping fan in frachtwein. Hoewol't McManus en Fenster al jierrenlang gearwurken en Kint en Keaton inoar koene, kamen de fiif foar de rest op it plysjeburo mei-inoar yn 'e kunde. Tanksij it yngripen fan Edie Finneran, Keaton syn faam dy't abbekate is, kaam it fiiftal rillegau wer op frije fuotten. Dêrop besleaten se om in oerfal út te fieren dêr't se tagelyk mei wraak nimme koene op it New York Police Department (NYPD): se berôven in juwiellesmokkelder dy't eskortearre waard troch korrupte plysjes, en soargen derfoar dat de media op it plak delikt oanwêzich wiene foar't de saak yn 'e dôfpot ferdwine koe. Dêrtroch kaam in korrupsjeskandaal oan it ljocht dêr't mear as fyftich plysjeminsken by belutsen blieken te wêzen, en dêr't it hiele NYPD troch yn 'e pine set waard. Underwilens hiene Kint en syn maten miljoenen dollars oan juwiellen bútmakke.
Neitiid reizgen de fiif kriminelen ôf nei Los Angeles, dêr't McManus kunde hie oan in heler dy't Redfoot hiet, sadat se de juwiellen omsette koene yn jild. Redfoot behelle harren yn in nije oerfal op in juwiellekoerier, dy't lykwols misrûn en derop útdraaide dat se de koerier en syn beide liifwachten deaskeaten. Yn 'e koffer dy't se dêrby bútmakken, blieken boppedat gjin juwiellen te sitten, mar drugs. Kint-en-dy fielden harren begryplikerwize besoademitere, en regelen in nije moeting mei Redfoot om ferhaal te heljen. Dyselde fertelde harren dat er sels neat oer de oerfal wist behalven wat him ferteld wie troch in abbekaat dy't Kobayashi hiet.
Wylst Kujan Kint ûnderfreget, komt út in ferklearring fan Kovács de namme 'Keyser Söze' nei foarren, dy't de Hongaar omskriuwt as 'de duvel sels'. As Kujan Kint mei dy namme konfrontearret, reägearret Kint tige ergere, mei't dat blykber immen is dy't er út syn ferhaal weilitte woe.
Hy fertelt Kujan dan in 'leginde' oer Söze, dy't himsels trochdien is troch Keaton. Söze wie in lytse Turkske drugsdealer dy't yn konflikt rekke mei de Hongaarske maffia. De Hongaren namen syn frou en trije bern yn gizeling en ferkrêften syn frou, mar doe't Söze thúskaam en se him lytsman meitsje woene, loek er in pistoal en skeat earst syn eigen frou en bern dea en dêrnei alle Hongaren op ien nei, dy't er ûntkomme liet om dit ferhaal te fersprieden. Neitiid socht er alle leden fan 'e Hongaarske binde op en makke harren dea, en ek har froulju en bern, har âldelju en har freonen, oan sels de lju ta dy't harren jild skuldich wiene, sadat it op 't lêst wie as hiene se nea bestien. Sa waard Söze, yn 'e wurden fan Kint, "in grizelferhaal dat kriminelen jûns oan harren bern fertelle."
Nei harren twadde moeting mei Redfoot regelen Kint-en-dy in moeting mei Kobayashi, dy't tsjin harren sei dat hy dejinge wie dy't efter harren arrestaasjes yn New York siet om't er harren gearbringe woe foar in oerfal dy't se útfiere moatte soene foar syn baas, de machtige en mysterieuze Keyser Söze. (Dat plantsje waard lykwols yn 'e bulten jage troch it flugge yngripen fan Edie Finneran.) Kobayashi fertelde harren ek dat se alle fiif, sûnder dat se it wisten, yn it ferline fan Söze stellen hiene. Dat se dat net bewust dien hiene, wie de iennichste reden dat se noch libben. Söze fûn lykwols dat se him wat skuldich wiene en easke dat se in oerfal foar him útfiere soene op in skip yn 'e haven fan Los Angeles. Dêr soe nammentlik in drugsdeal plakfine tusken de Hongaarske maffia en in Argentynske binde dy't mei Söze yn konflikt ferkearde. De fiif mannen mochten fan Söze de $91 miljoen dy't de Hongaren foar de kokaïne betelje soene, sels hâlde, as se der mar foar soargen dat de Argentinen sawol it jild as de drugs kwytrekken. Neitiid soene se lyk wêze mei Söze.
De fiif kriminelen wifelen oft se dwaan soene wat Kobayashi fan harren frege. Keaton wie derfan oertsjûge dat Söze net bestie en dat Kobayashi dy namme inkeld brûkte om harren bang te meitsjen. Fenster spile fan ruten, mar neitiid krigen de oaren in tillefoantsje fan Kobayashi wêryn't dy harren fertelde wêr't se him fine koene. Yndie troffen se Fenster op dat plak deasketten oan. Dêrop krongen se yn 'e momkape fan fervers de wolkekliuwer binnen dêr't it abbekatekantoar fan Kobayashi fêstige wie. Se skeaten syn liifwachten dea en woene him ek fermoardzje, oant er Keaton frege hoe't it dan moast mei Edie Finneran. It die bliken dat Kobayashi de faam fan Keaton nei Los Angeles ta lokke hie foar in útleveringssaak en dat er har 24 oeren deis beselskipje liet troch in 'liifwacht', dy't opdracht hie om har te ferkrêftsjen en fermoardzjen as der wat mei Kobayashi barde. Itselde lot soe yn sa'n gefal famyljeleden fan 'e oare trije kriminelen treffe. Keaton, McManus, Hockney en Kint bûnen doe yn en besleaten dochs mar de oerfal op it skip út te fieren.
Underwilens docht troch ûnderfreging fan Kovács en út ûndersyk oan board fan it skip bliken dat der nea in lading kokaïne oan board west hat. As er dêrmei konfrontearre wurdt, befêstiget Kint dat. Se foelen it skip by nacht oan, nei't de Hongaren arrivearre wiene mei it jild. Se fermoarden alle Hongaarske en Argentynske gangsters dy't se tsjinkamen, mar koene gjin kokaïne ûntdekke. Efterinoar waarden Hockney, in ûnbekende man dy't op it skip finzen holden waard, McManus en doe Keaton deamakke troch in ûnsjoene oanfaller, dy't it skip yn 'e brân stiek wylst Kint taseach fan in plak op 'e kade ôf dêr't er him ferskûle hie.
Kujan is der ûnderwilens efter kommen wat der wier ferhannele waard tusken de Argentinen en de Hongaren. It gie allegear om 'e man dy't op it skip finzen holden waard, in smokkelder dy't Arturo Marquez hiet. Dyselde hie in ferklearring ôflein oan 'e plysje, wêryn't er úthold dat er Keyser Söze identifisearje koe. Hy wie koartby frijkommen troch tadwaan fan Edie Finneran, dy't ûnderwilens ek fermoarde weromfûn is. Doe't bekend waard wat Marquez de plysje ferteld hie, ferkochten syn eigen minsken (de Argentinen) him oan 'e Hongaren, dy't nei alle gedachten konneksjes hiene mei de binde dy't troch Söze jierren lyn útrûge wie. Kujan, dy't al jierren efter Keaton oan sit en wat him oangiet in beskate foarm fan tunnelfyzje hat, riddenearret dat Keaton ferantwurdlik west hawwe moat foar de moarden op Marquez, McManus, Hockney en Finneran, dat er syn eigen dea yn sêne set hat en dat hy en Söze ien en deselde binne.
Kujan praat in skoft op Kint yn, oant dy einlings tajout dat Keaton yndie it masterbrein wie dat efter alle oerfallen siet. Hy wegeret lykwols om syn earder, oan it Los Angeles Police Department (LAPD) ôfleine ferklearring te wizigjen, om't er yn ruil dêrfoar ymmuniteit fan rjochtsferfolging krigen hat. Kujan wol dat er kroantsjûge wurdt, mar Kint laket dat foarstel fuort, om't dat mei wissichheid syn dea wurde soe. Hy ornearret dat er, sa't it no is, teminsten noch in kânske hat dat er it oerlibje sil. Hy wegeret dêrom en tsjûgje yn 'e rjochtseal tsjin Keaton of wa ek, en om't der jild foar him ynlein is, komt er op boarchtocht frij.
Net folle letter kriget Kujan foar it ferstân dat Kint syn hiele ferhaal út 'e tomme sûgd hat om nammen fan persoanen en plakken hinne dy't op papierren fermeld steane op it prikboerd, dêr't Kujan sels it hiele skoft mei de rêch nei ta stien hat. En de namme 'Kobayashi' stie op 'e ûnderkant fan 'e kofjemok dêr't er sels út dronk. Underwilens stapt Kint it plysjeburo út en mankepoatet fuort. Geandewei begjint er lykwols normaler te rinnen, oant der fan syn mankens neat mear oer is, wylst er ek de hân ûntspant dêr't er earder sabeare neat mei koe. Op basis fan it sinjalemint dat Kovács trochjûn hat, is in skets fan it gesicht fan Söze makke, dat krekt op dat stuit trochfakst wurdt fan it sikehûs nei it plysjeburo. De skets liket as twa drippen wetter op Kint, wêrmei't befêstige wurdt dat Kint eins Söze is. Kujan efterfolget Kint nei bûten ta, mar mist him op in pear tellen as Kint (Söze) by "Kobayashi" yn 'e auto stapt en fuortriidt.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Roger "Verbal" Kint Kevin Spacey Dean Keaton Gabriel Byrne
byrollen personaazje akteur/aktrise dûane-agint Dave Kujan Chazz Palminteri Michael McManus Stephen Baldwin Todd Hockney Kevin Pollak Fred Fenster Benicio del Toro Kobayashi Pete Postlethwaite Edie Finneran Suzy Amis FBI-agint Jack Baer Giancarlo Esposito brigadier Jeff Rabin Dan Hedaya Redfoot Peter Greene Keyser Söze (yn flashbacks) Scott B. Morgan
Produksje en distribúsje Produksje The Usual Suspects waard regissearre troch Bryan Singer nei in senario fan Christopher McQuarrie. Dyselde basearre it personaazje fan Keyser Söze op John List, in boekhâlder út Nij-Jersey dy't yn 1971 syn gesin fermoarde en doe spoarleas ferdwûn en in nije identiteit oannaam, foar't er hast tweintich jier letter pakt waard. De namme wie basearre op dy fan McQuarrie syn eardere baas by in abbekatekantoar yn Los Angeles, dy't Kayser Sume hiet; hy feroare lykwols de efternamme om gjin problemen te krijen mei de echte man. It wurd söze fûn er yn it Turksk-Ingelsk wurdboek fan syn keamergenoat en soe "te folle prate" betsjutte. (Wa't dat wit kin útriddenearje wa't yn 'e film de echte Keyser Söze is, mei't oan it begjin ferteld wurdt dat Roger Kint syn bynamme 'Verbal', Ingelsk foar "ferbaal", krigen hat om't er it foar de moade hat om mar troch te ratteljen.)