Divergence is it ienentweintichste diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Ofwiking". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Divergence ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn septimber 2020, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Todd Lockwood. __TOC__ Wat foarôf gie Trijehûndert jier earder wie it romteskip de Phoenix by de Ierde wei ôfset om in minsklike koloanje te stiftsjen op in gaadlik plak yn it hielal. Troch in technysk probleem rekke it skip lykwols fan koerts en ferdwaalde it. De Phoenix belâne sûnder brânstof yn it sinnestelsel fan in binêre stjer, dy't sa'n radio-aktive strieling ôfsmiet dat de kolonisten en bemanningsleden dy't dêr mei mynwurkersfartugen (bedoeld foar in folle freonliker miljeu) branje wûnen út asteroïden, krepearren as rotten. Doe't der einlings genôch brânstof ynnommen wie, sprong it skip nei it earste it bêste geunstich útsjende sinnestelsel ta, mei in griene, fruchtbere wrâld. Dêr oankommen die lykwols bliken dat dy planeet al in yntelliginte libbensfoarm hie, nammentlik de atevi, in ras fan mânske swarthûdige humanoïde wêzens dy't mei kop en skouders útstutsen boppe de langste minske.
Omtrint de tiid dat de Phoenix by harren wrâld arrivearre, hiene de atevi krekt de steamtrein útfûn. De minsklike kolonisten bouden yn in baan om 'e Ierde fan 'e atevi in romtestasjon, dat se Alpha neamden. It wie de bedoeling fan 'e skipsbemanning om yn dit sinnestelsel nije branje yn te nimmen en dan wer ôf te setten, op 'e siik nei in bekend diel fan it hielal en de minsklike Ierde, mar de kolonisten hiene tsjin dy tiid wol goed har nocht. Sy seagen in prima wrâld rjocht ûnder harren, en wegeren dy te ferlitten. Nei 120 jier kaam it ta in brek tusken de kolonisten en de skipsbemanning, dy't einige mei de ôfreis fan 'e Phoenix, wylst de kolonisten it stasjon Alpha ôfsleaten en har oan parasjutes nei it planeetoerflak sakje lieten.
Divergence spilet twahûndert jier letter en likernôch fjirtjin jier nei de ûnferwachtse weromkear fan de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid ferrûn sadwaande alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.
Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.
Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron; de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht); en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene.
Doe't de Phoenix nei in reis dy't twa jier duorre hie, weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wachte Bren-en-dy dêr in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hie in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset wie. De weromkear fan 'e Phoenix mei oan board de paidhi, de aiji-dûairiêre en de erfgenamt fan 'e aiji, late ta in kontrarevolúsje (sjoch: Pretender) wêrby't de usurpator Murini en dy syn trewanten binnen inkele dagen ûnder fuotten helle waarden en Tabini wer oan 'e macht brocht waard. Neitiid holden de swierrichheden dy't fuortkamen út 'e steatsgreep Bren lange tiid oan it wurk. It die bliken dat Murini inkeld in strieman west hie foar in ksenofobysk diel fan it machtige Slûpmoardnersgilde, it saneamde Skaadgilde, dat de tiid twahûndert jier tebek draaie woe en alle minsken fan 'e planeet ferdriuwe woe. De lieder fan it Skaadgilde wie in âldere burokraat dy't Shishogi hiet en út 'e Ajuri-clan kaam; nei't dyselde ûnder fuotten helle waard, giene de no fierhinne liederleaze eleminten fan it Skaadgilde troch mei in soarte fan guerriljastriid fanút de Dojisigin Marid, yn it suden fan it superkontinint fan 'e atevi-wrâld.
Ynhâld Yn Divergence is Bren wer op 'en paad yn it gefolch fan Ilisidi, de aiji-dûairiêre, beselskippe fan syn liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini, syn majordomo Narani, syn tsjinstfeint Jeladi en syn kok Bindanda. Ilisidi hat him net ferteld wat se yn 't sin hat, mar harren trein bringt harren yn Hasjuran, heech yn it Súdlik Berchtme, dat de eigentlike aishidi'tat, de Westlike Assosjaasje, skiedt fan 'e Marid, de Súdlike Assosjaasje, dy't histoarysk altyd op himsels bleaun is. De lêste pear iuwen hat dat gebiet oan ien wei troch in boarne fan problemen foarme, en nei it omsmiten fan it rezjym fan 'e usurpator Murini (sjoch: Pretender) is it in skûlplak fan it Skaadgilde wurden. Ilisidi liket wisberet om foar har dea de oanhâldende problematyk oangeande de Marid op te lossen troch it gebiet by de Westlike Assosjaasje te belûken.
De Marid bestiet út fiif clangebieten: Taisigin yn it súdwesten, Dausigin yn it súdeasten, de Sungeni-eilannen foar de kust, Senjin yn it noardwesten en Dojisigin yn it noardeasten. De lêste jierren hat Ilisidi in persoanlike assosjaasje foarme mei Machigi, de hear fan 'e Taisigin Marid (sjoch: Peacemaker), dy't ek bewâld hat oer de Dausigin en de Sungeni. No sjocht se in iepening om 'e Senjin Marid los te weakjen fan 'e Dojisigin, dêr't it Skaadgilde konsintrearre is om frouwe Tiajo fan 'e Dojisigin hinne, in tige ûnsympatyk fanke fan in jier as achttjin dat as marionet brûkt wurdt en ûnderwilens lofts en rjochts lju fermoardzje lit dy't har net oansteane.
Yn it gefolch fan Ilisidi binne ek Machigi en Nomari, in sljochtwei spoararbeider, dy't lykwols troch syn berte oanspraak makket op 'e (fakante) hearskippij oer de wichtige Ajuri-clan. Dyselde hat hear Tatiseigi fan 'e Atageine-clan, in ynfloedrike bûnsgenoat fan Ilisidi, en har oerbeppesizzer, de jonge kroanprins Cajeiri, witten te oertsjûgjen fan syn oprjochtens (sjoch: Convergence en Emergence), mar Ilisidi wit it noch sa krekt net. Sy sjocht in 'dûnkerens' yn 'e jongeman dy't har twifelje lit oer syn persoanlikheid, dat se sleept him mei om him ûnder druk te setten en te sjen wat der dan bart. En ek om him te konfrontearjen mei Machigi, dy't ferteld hat dat Nomari yn 'e tiid fan it rezjym fan Murini as spion foar him wurke hat.
Yn Hasjuran lit Ilisidi de measte wagons fan 'e trein efterbliuwe, wylst se de lokomotyf mei ien wagon by de bergen del stjoert nei Koperna, de haadstêd fan 'e Senjin. Dêr wurdt oan Bregani, de hear fan 'e Senjin, it foarstel foarlein om nei Hasjuran te kommen en in assosjaasje oan te gean mei Ilisidi en Machigi. Bregani stiet dan foar de kar om dêrop yn te gean, wat ta in konflikt mei Tiajo fan 'e Dojisigin liede sil, dy't him as har fazal sjocht, of it oanbod ôf te slaan, wat ta in konflikt mei Tiajo liede sil, om't sy nimmen fertrout en him, as bekend wurdt dat er mei fertsjintwurdigers fan 'e aiji-dûairiêre praten hat, grif fermoardzje litte wolle sil. Bregani is sa moai klemset, en makket úteinlik de iennichste kar dy't er meitsje kin troch him by Ilisidi en Machigi oan te sluten, sadat er yn elts gefal harren stipe hawwe sil yn it konflikt mei Tiajo.
Dat Bregani lit syn neef Biathi yn Koperna efter as regint en nimt syn frou Murai en syn sechstjinjierrige dochter Husai mei nei Hasjuran. Mank de atevi wurde konflikten oer it algemien útfochten troch leden fan it Slûpmoardnersgilde, en net direkt by it konflikt belutsen famyljeleden lykas Murai en Husai soene yn prinsipe frijwarre wêze moatte foar oanfallen fan 'e tsjinpartij. Mar it Skaadgilde hat yn it ferline sjen litten dat se harren neat gelegen lizze litte oan 'e oerâlde tradysjes. Yn Hasjuran is Bren tsjûge fan it sluten fan 'e trijefâldige oerienkomst fan assosjaasje tusken Ilisidi, Machigi en Bregani, en in oaren tusken Ilisidi, Machigi en Topari, de hear fan Hasjuran, oer hannel en it trochlûken fan 'e spoarline út Koperna nei de Taisigin Marid. Sokke op inoar oanslutende oerienkomsten foarmje mank de atevi de boustiennen fan assosjaasje.
In trein dy't Ilisidi harres foarôf gien wie fia Hasjuran nei Koperna, en dy't dêr sabeare stikken rekke wie, blykt dan fol te sitten mei leden fan it Slûpmoardnersgilde út Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje. Sadree't it ferdrach tusken Ilisidi, Machigi en Bregani tekene is, ferlitte hja de trein en sette útein mei it ferdriuwen fan 'e alle leden fan it Skaadgilde út Koperna en de oanbuorjen de havenstêd Lusi'ei. De trein fan Ilisidi, no mei alle wagons, bejout him nei Koperna. Underweis blykt der him in tige ûnhandige bân ûntjûn te hawwen tusken Nomari, de gadingmakker foar de hearskippij oer de Ajuri-clan, en Husai, de dochter fan Bregani. As it minsken wiene, hie Bren it leafde op it earste gesicht neamd, mar atevi fiele gjin leafde. Nettsjinsteande dat kin biologyske oantrekking atevi krekt likefolle parten spylje as minsken. It probleem is dat in eardere, histoaryske konneksje tusken Ajuri en de Marid no krekt de woartel is fan alle hjoeddeistige swierrichheden, en der kin dêrom gjin sprake wêze fan in houlik tusken de beide jongelju.
Yn Koperna arrivearre, dêr't sporadysk fochten wurdt, wol Cenedi, it haad befeiliging fan 'e aiji-dûairiêre, net dat Ilisidi de pânsere en swierbewekke trein ferlit. Dat betsjut dat er sels likemin de trein ferlitte kin. Sadwaande is Banichi, Bren syn liifwacht, de heechstpleatste persoan binnen it Slûpmoardnersgilde om 'e militêre macht yn 'e stêd op him te nimmen. Om't Bren net fan syn liifwachten skaat wurde kin, giet er mei harren en mei Bregani en dy syn frou en dochter nei Bregani syn residinsje, in âlde filla yn it sintrum fan 'e stêd. Ek Machigi en Nomari mei harren respektivelike liifwachten geane mei, om't Cenedi eltsenien dy't net folslein fertroud wurde kin, it leafst út it om-en-by fan Ilisidi hawwe wol. Narani en Jeladi geane mei om foar Bren te soargjen (dy't de niging hat om himsels yn needsitewaasjes fuort te siferjen), en Bindanda giet mei om him derfan te bewissigjen dat alles dat Bren foarset wurdt, geskikt is foar minsklike konsumpsje (atevi meie oan harren iten en drinken graach stoffen tafoegje dy't foar minsken giftich binne).