thumb|Taalkaart mei it hjoeddeistige en histoaryske taalgebiet Ketsjûa (Spaansk: Quechua; Ketsjûa: Runasimi of Runashimi, "de taal fan it folk") is de taal fan 'e Ketsjûa, in Yndiaansk folk dat yn 'e sintrale Andes libbet. It noardlikste diel fan it taalgebiet begjint yn Súd-Kolombia en strekt him oer de bergen út nei it noardwesten fan Argentynje. De taal wurdt sprutsen troch sa'n 8 oant 10 miljoen minsken; de measten dêrfan wenje yn Perû (4,5 miljoen), Ekwador (1,5 miljoen) en Bolivia (2,9 miljoen). Yn dy lannen hat it Ketsjûa ek in offisjele status. Fan âlds wie it Ketsjûa de wichtichste omgongstaal fan it Inka-ryk (Tawantinsuyu) yn de 15e en 16e iuw. It Ketsjûa wurdt ek wol sjoen as in taalkloft, de Ketsjûaanske talen, om't de dialekt sa sterk faninoar ôfwike dat se ek wol as aparte talen beskôge wurde.
Kategory:Ketsjûa Kategory:Yndiaanske taal yn Súd-Amearika Kategory:Taal yn Argentynje Kategory:Taal yn Bolivia Kategory:Taal yn Ekwador Kategory:Taal yn Kolombia Kategory:Taal yn Perû Kategory:Taal yn Sily