Potentinus en syn soannen Felisius en Simplisius wiene leken, dy't yn de 4e iuw libben en yn Dútslân as hilligen fereare wurde. Tegearre mei Sint-Kastor stifte Potentinus mei syn soannen yn Karden in kleaster, dat oant de sekularisaasje yn 1802 bestie.

Legindes In 9e-iuwske oerlevering beskriuwt Potentinus as immen út in aadlik skaai út Akwitaanje, dy't mei syn soannen op beafeart nei Trier gyng. Biskop Maksimus fan Trier rikkemandearre Karden oan om dêr harren libben oan God te wijen en sa kamen Potentinus en syn soannen by de lettere hillige Kastor, dy't dêr as hearremyt libbe.

Neffens in 14e-iuwske oerlevering soe Potentinus de soan fan in heidenske kening fan de Franken wêze. Potentinus hie him bekeard ta diaken en waard letter biskop fan Paderborn. As biskop besocht er syn suster, dy't ek op it kristlike leauwe oergien wie, te ferlossen út har heidenske omjouwing, mar de heidenen tamtearren him mei pylken en ûnthalzen him.Heiligenlexicon, oproppen 24 desimber 2022

Reliken thumb|left|Potentinusskryn (Musée du Louvre) De reliken fan Potentinus en syn soannen kamen yn it jier 920 yn it kleaster Steinfeld yn 'e Eifel.

Mei de Frânske besetting fan de lofter kant fan de Ryn waard it kleaster yn Steinfeld opheft en de skryn nei Parys brocht. Sûnt 1828 wurdt de skryn dêr yn it Louvre bewarre.

Feestdei De feestdei fan Potentinus en syn soannen is op 18 juny fêststeld.

Kategory:Roomsk-katolyk hillige Kategory:Romeinsk hillige Kategory:Persoan berne yn de 4e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 4e iuw