Stasjon Starum (Stv) is it stasjon fan Starum en it einpunt fan de spoarferbining Ljouwert nei Starum. It leit yn de uterste súdwesthoeke fan Fryslân. It (kop)stasjon waard iepene op 8 novimber 1885 en joech oansluting op de fearboatferbining nei Inkhuzen, dy't tsjintwurdich allinnich yn de simmer foar toeristen fart. It stasjon wurdt betsjinne troch stoptreinen fan Arriva.

Op 25 july 2010 kaam it stasjon fan Starum yn it nijs doe't der in treinûngelok wie. Om 23:30 oere hinne, skeat in frachttrein mei fjouwer as fiif weinen troch de stjitblokken, ried dwers troch in wettersportwinkel en stoppe earst 100 meter fierder op in plein. Twa ûnderhâldspersonielsleden rekken ferwûne.

It stasjonsgebou, út 1884, is yn 1973 sloopt en ferfongen troch in abry.

Treintsjinsten Rûte Tsjinst Undernimmer Tsjinstroaster Ljouwert - Starum Stoptrein Arriva 2x it oere (spitsoeren) - oars: 1x it oere (2023)* Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Ferbinings Busline 103 nei Himmelum stopt by it Stasjon Starum. De boatferbining nei Inkhuzen fart syn 1963 allinnich simmerdeis foar toeristen.

Galery

Keppeling om utens Stasjon Starum op Stationsweb

Starum Kategory:Bouwurk yn Nijefurd Kategory:Bouwurk yn Súdwest-Fryslân Kategory:Starum Kategory:Bouwurk út 1884 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1973 Kategory:Bouwurk út 1973