VV Aengwirden is in fuotbalklup fan De Streek: Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat. De feriening is oprjochte op 14 april 1986.

Skiednis Ein jierren santich woe de gemeente It Hearrenfean ûndersykje oft der in nij sportkompleks yn De Streek oanlein wurde koe. De gearstalde kommisje koe eins net genôch brûkers fine foar de oan te lizzen fjilden en joech de opdracht werom. De gymnastykferiening Herkules krige de opdracht om mei it wurk fan de ûndersykskommisje fierder te gean as der mear útwurke plannen kamen. Troch de eigen ynwenners fan de De Streek is de klup der yn 1986 kaam. De namme waard "VV Aengwirden", de namme komt út de tiid dat Aengwirden de twadde gritenij fan Sânwâlden wie en de fjouwer doarpen makken dêr diel fan út. De fjilden lizze oan de Aengwirderwei.

Earste alvetal It earste alvetal begûn yn 1986 yn de fjirde klasse FVB, mar nei promoasje yn 1989 mocht it team trochskowe nei de twadde klasse. De feriening groeide mar troch, yn 1989 wienen der al 150 leden. Yn 1989 promovearre it earste alvetal mei trener-spiler Eddy Bosman (âld-spiler SC It Hearrenfean) om nei promoasje de earste klasse FVB te berikken. Yn 1992-1993 slagge dat foar de twadde kear.

Gegevens Namme VV Aengwirden Oprjochte 14 april 1986 Tenu blau/grien shirt griene broek blauwe sokken Fjilden Aengwirderwei Earste team KNVB ? klasse Trener Jan Sietse Heida (2007) Bysûnderheden

Keppeling om utens webstee VV Aengwirden

Sjoch ek List fan Fryske fuotbalclubs

Aengwirden Kategory:Aenjewier Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1986