Tom Pitstra (Ljouwert, 6 augustus 1949) is in Nederlânsk politikus foar GrienLinks.

As soan fan in grafikus folge hy nei de middelbere skoalle de Kweekskoalle yn Ljouwert. Fan 1971 ôf studearre hy andragogy oan de Ryksuniversiteit Grins; yn 1979 studearre hy ôf. Yn syn jeugd wie hy in bekende tafeltennisser. As studint wie hy aktyf yn ferskate sosjale bewegings as de kreakbeweging en de wykried fan de Davidstraat-buert (1976-1982). Pitstra is oertsjûge republikein en is lid fan it Republikeinsk Genoatskip. Hy hat in LAT-relaasje mei Betsy Nieuwhof.

Politike libbensrin 1968 Lid fan de PSP, oant dy partij yn 1990 opgie yn GrienLinks. Foarsitter fan de PSP-ôfdieling Grinslân en lid fan it partijbestjoer fan de PSP 1982 - 1991 gemeenteriedslid yn Grins. * 11 juny 1991 - 12 juny 2001 lid fan de Earste Keamer foar GrienLinks, dêr't hy him ûnder oaren dwaande hâlde mei Definsje, Folkshûsfesting en Lânbou, Natuerbehear en Fiskerij. 12 juny 2001 - 23 maaie 2002 lid fan de Twadde Keamer, as opfolger fan Tara Singh Varma dy't fanwege psychyske problemen har sit opjûn hie. Dêrnei waard Pitstra projektmeiwurker Romtlike Oardering en duorsum bouwe.

Kategory:Frysk tafeltennisser Kategory:Frysk pedagooch Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk pasifist Kategory:Frysk republikein Kategory:Nederlânsk tafeltennisser Kategory:Nederlânsk pedagooch Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:PSP-politikus Kategory:GrienLinks-politikus Kategory:Gemeenteriedslid fan Grins Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk pasifist Kategory:Nederlânsk republikein Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1949