Johan Jehosefat (John) Lilipaly (Ihamahu (Nederlânsk-Ynje), 2 juny 1943 – Middelburch, 22 oktober 2022) wie in Nederlânsk politikus. Lilipaly wie lid fan de Partij fan de Arbeid en hast tolve jier lid fan de Twadde Keamer. Lilipaly wie it earste Nederlânske parlemintslid fan Molukske komôf. John Lilipaly is de heit fan de eardere presintatrise Carolijn Lilipaly.
John Lilipaly ferstoar op 22 oktober 2022 yn 'e âldens fan 79 jier oan de gefolgen fan Sykte fan Alzheimer.
Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Nederlânsk persoan fan Moluksk komôf Kategory:Persoan berne yn 1943 Kategory:Persoan stoarn yn 2022