Jurrit Menno Visser (Sint-Jânsgea, 3 maaie 1952 – Ljouwert, 14 oktober 2022) wie in Frysk politikus út namme fan de PvdA.

Visser hat oan de Ryksuniversiteit Leiden rjochten studearre, en wurke nei syn ôfstudearjen by de gemeente Snits en de provinsje Fryslân. Visser wie jierrenlang sekretaris fan de Stjoergroep Waadprovinsjes. Yn maaie 1998 waard er wethâlder fan de gemeente It Hearrenfean en hy wie dêr krekt oan syn twadde wethâldersperioade begûn doe 't er yn desimber 2002 beneamd waard ta boargemaster fan de gemeente Skylge.

Yn april 2013 kaam Visser te fallen wylst er op fakânsje yn Turkije wie. Hy lei yn maaie dat jier syn wurksumheden tydlik del, om't syn werstel mear tiid koste as ferwachte.Ljouwerter Krante, 29-5-2013, Vervanger voor Jurrit Visser Rob Bats waard waarnimmend boargemaster.Ljouwerter Krante, 6-6-2013, Bats vervangt Visser op Terschelling Yn septimber 2013 waard dúdlik dat Visser yn ferbân mei syn sûnens de funksje fan boargemaster net mear ferfolje koe.Ljouwerter Krante, 28-9-2013, Burgemeester Visser houdt op Hy hold mei yngong fan 1 desimber 2013 offisjeel op.

Jurrit Visser ferstoar op 14 oktober 2022 yn 'e âldens fan 70 jier.Omrop Fryslân, 18-10-2022, Ald-boargemaster Jurrit Visser (70) fan Skylge ferstoarn

Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Skylge Kategory:PvdA-politikus Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Persoan berne yn 1952 Kategory:Persoan stoarn yn 2022