Segovia is in stêd yn Spanje yn it súdlike diel fan 'e autonome regio Kastylje en Leön en de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme. De stêd leit op in rots dêr't de rivieren Eresma en Clamores gearrinne oan 'e foet fan 'e Sierra de Guadarrama. De stêd leit op 87 km fan Madrid en 111 km fan Valladolid.

It âlde heechlizzende diel fan 'e stêd is ommuorre. Yn 'e stêd binne in soad Romeinske en midsiuwkse monuminten bewarre bleaun. It Romeinske akwadukt fan Trajanus út 'e 1e iuw rint op in hichte fan 28 meter troch in diel fan it âlde sintrum. It akwadukt bestiet út 160 bôgen, somtiden yn twa ferdjippings, en it is boud fan 24.000 graniten blokken. De lingte fan it akwadukt is 728 meter en makke diel út fan 'e 16 kilometer lange wetterlieding tusken Ríofrío en Segovia.

De âlde romaanske katedraal fan 'e stêd stie eartiids by it Alcázar en waard by de opskuor fan 'e Comuneros tsjin kening Karel I fan Spanje ferneatige. De hjoeddeiske katedraal waard yn 'e 16e iuw boud en is ien fan 'e lêste goatyske katedralen fan Europa.

Segovia is mei syn grutte tal monuminten tige it besjen wurdich en heart sûnt 1985 by it UNESCO-wrâlderfgoed.

Befolkingsferrin Jier 1857 1900 1950 2000 2021 Ynwenners 10.339 14.547 29.568 54.032 51.258

Ofbylden

Kategory:Plak yn Kastylje en Leön Kategory:Wrâlderfgoed yn Spanje