Gerben Karstens (Leien, 14 jannewaris 1942 – Dongen, 8 oktober 2022) wie in Nederlânsk hurdfytser. Karstens wûn yn 1964 meardere etappes yn de Grutte Omgongen.

Karriêre Karstens wûn as amateur tegearre mei Evert Dolman, Jan Pieterse en Bart Zoet de gouden medalje op de Olympyske Simmerspullen fan 1964 op it ûnderdiel 100 kilometer ploegetiidrit.

Gerben Karstens wie in sprinter en wûn etappes yn alle trije de grutte omgongen. (seis yn de Omgong fan Frankryk, ien yn de Omgong fan Itaalje en fjirtjin yn de Omgong fan Spanje). De iennige oare Nederlanners dy't dit prestearren, wiene Jeroen Blijlevens, Erik Breukink, Jean-Paul van Poppel en Tom Dumoulin. Yn 1974 hie er twa dagen de giele trui oan yn de Ronde fan Frankryk.

Hy wie in opfallend figuer yn it peloton fanwege syn grappen en grollen. Sa is er ea demarrearre út it peloton om him dêrnei yn de boskjes te ferstopjen oant de hurdfytsers foarby riden wiene, wêrnei't er oan de efterkant fan it peloton wer oansleat, Wylst it peloton foaryn sykjen bleau nei de "ûntsnapte" Karstens. Om syn clowneske gedrach waard er yn it peloton de clown neamd. Oare bynammen wiene de notariszoon enLe Karst.

Gerben Karstens wie ek reedrider en lid fan de kearnploech yn de tiid fan Rudie Liebrechts. Hy die mei oan de Nederlânske kampioenskippen reedriden allround 1963 en waard doe achtste.

Gerben Karstens ferstoar op 8 oktober 2022, yn 'e aldens fan 80 jier.

Dielnimming oan grutte omgongen Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk 1965 - 59e; winner 21ste etappe. 1966 - 46e; winner 3e en 9de etappe. 1967 - 30e; 1969 - 65e; 1971 - 63e; winner 1ste etappe. 1972 - 60e; 1974 - 61e; 1975 - 50e; 1976 - 84e; winner 18e en 22ste etappe. 1977 - 52e; 1978 - Net finisht

Dielnimming oan de Omgong fan Spanje 1966 - 21e; winner 11e, 15de en de 17de etappe. 1967 - 51e; winner 7e, 10e, 17de en de 18de etappe. 1971 - 39e; winner 11e etappe. 1973 - Net finisht; winner 2e, 5e, 7de en de 12de etappe. 1974 - 48e; winner 16e etappe. 1976 - Net finisht; winner 12e etappe.

Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje 1973 - 23e; winner 5e etappe.

Ploegen 1965-1967 - Televizier 1968-1970 - Peugeot 1971 - Goudsmit-Hoff 1972 - Rokado 1973 - Ha-Ro 1973 - Rokado 1974 - Bic 1975 - Gitane-Campagnolo 1976-1978 - TI-Raleigh 1979-1980 - De Vleeschmeesters-Gazelle

Kategory:Nederlânsk hurdfytser Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1942 Kategory:Persoan stoarn yn 2022