De Van Walree Priis wie in priis dy't de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen twajierliks takende oan de bêste sjoernalistike prestaasje op it mêd fan it medysk-wittenskiplik ûndersyk.
De priis waard ôfwikseljend takend oan in medysk wittenskipssjoernalist en oan in medysk-wittenskiplik ûndersiker dy 't syn fakgebiet foar in breder publyk tagonklik makke hat.
De priis fan 12.000 euro waard betelle út it Van Walree Fonds dat yn 1987 stichte is mei kapitaal út de neilittenskip fan frou Emilie Martine van Walree. Mei yngong fan 2012 is de Van Walree Priis opgien yn de Eurekapriis foar wittenskipskommunikaasje fan de NWO en KNAW.
Takend oan 2011 - Sander Becker, sjoernalist 2009 - Arend Jan Dunning, kardiolooch en Dick van Bekkum, medikus-radiobiolooch 2007 - Hans van Maanen, sjoernalist en skriuwer 2005 - Ivan Wolffers, publisist en heechlearaar 2003 - José van der Sman, wittenskipsredakteur by Elsevier 2001 - Jannes van Everdingen, dermatolooch en Gunilla Kleiverda, gynekolooch 1999 - Jan Vink, programmamakker 1997 - Hans Galjaard, heechlearaar humane genetika 1995 - Wim Köhler, sjoernalist fan NRC Handelsblad 1993 - Ria Bremer, sjoernaliste (û.a. Vinger aan de Pols)
Keppelings om utens KNAW.nl (deade kepp., argyf) Laudatio Van Walree Prijs 2007
Kategory:Nederlânske wittenskipspriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1993