Gerard Koerts (Leien, 10 desimber 1947 - Perpignan, 20 febrewaris 2019) wie in Nederlânsk toetsenist. Hy waard bekend as de toetsenist en mei oprjochter fan Earth & Fire. Koerts begûn op fjirtjinjierrige leeftiid mei syn twillingbroer Chris in duo mei de namme The Singing Twins. Mei ferskate musisy en fia The Swinging Strings en Opus Gainfull evoluearre it selskip úteinlik ta Earth & Fire. Seasons, de earste hit, wie skreaun troch George Kooymans fan de Golden Earring. Dêrnei waarden de bruorren sels de driuwende krêft efter de groep, se skreaunen alle nûmers, wêrûnder Weekend. Nei 't Chris yn 1979 Earth & Fire ferliet om Musikology te studearjen, gie Gerard noch troch oant 1983. Mei broer Chris en Marcel van der Lans naam er yn 1988 yn de studio van, van der Lans de ML sound recording Studio yn De Haach it album Frames op. Dizze waard ûnder de namme Earth and Fire Orchestra útbrocht, lykas it album Escape út 1995.

De lêste tsien jier fan syn libben wenne Koerts mei syn frou yn Frankryk. Gerard Koerts ferstoar op 20 febrewaris 2019, yn in sikehûs yn Perpignan yn 'e aldens fan 71 jier oan de gefolgen fan COPD.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Earth & Fireseptimber 1970Earth & FireSeasons,Ruby is the one,Wild and excitingSong of the marching childrennovimber 1971Storm and ThunderAtlantismaart 1973Maybe tomorrow, maybe tonight To the world of the futuresimmer 1975Love of life,Only time will tell Gate to Infinitynovimber 197778th AvenueReality Fills Fantasy1979Weekend,Fire of LoveAndromeda Girl1981DreamIn a State of Fluxnovimber 1982TwentyfourFrames1988Earth and Fire OrchestraEscape1995

Kategory:Nederlânsk toetsenist Kategory:Nederlânsk popartyst Kategory:Nederlânsk lietsjeskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1947 Kategory:Persoan stoarn yn 2019