Chris Koerts (Leien, 10 desimber 1947 - 10 novimber 2022) wie in Nederlânsk gitarist. Hy waard bekend as de gitarist en mei oprjochter fan Earth & Fire. Koerts begûn op fjirtjinjierrige leeftiid mei syn twillingbroer Gerard in duo mei de namme The Singing Twins. Mei ferskate musisy en fia The Swinging Strings en Opus Gainfull evoluearre it selskip úteinlik ta Earth & Fire. Seasons, de earste hit, wie skreaun troch George Kooymans fan de Golden Earring. Dêrnei waarden de bruorren sels de driuwende krêft efter de groep, se skreaunen alle nûmers, wêrûnder Weekend. Yn 1979 ferliet Chris Koerts Earth & Fire om Musikology te studearjen. Mei broer Gerard en Marcel van der Lans naam er yn 1988 yn de studio van, van der Lans de ML sound recording Studio yn De Haach it album Frames op. Dizze waard ûnder de namme Earth and Fire Orchestra útbrocht, lykas it album Escape út 1995.

Chris Koerts ferstoar op 10 novimber 2022, yn 'e aldens fan 74 jier.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Earth & Fireseptimber 1970Earth & FireSeasons,Ruby is the one,Wild and excitingSong of the marching childrennovimber 1971Storm and ThunderAtlantismaart 1973Maybe tomorrow, maybe tonight To the world of the futuresimmer 1975Love of life,Only time will tell Gate to Infinitynovimber 197778th AvenueReality Fills Fantasy1979Weekend,Fire of LoveFrames1988Earth and Fire OrchestraEscape1995

Kategory:Nederlânsk gitarist Kategory:Nederlânsk popartyst Kategory:Nederlânsk lietsjeskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1947 Kategory:Persoan stoarn yn 2022