Martinus Anthonius Johannes Maria (Martin) Hersman (Sassenheim, 26 febrewaris 1974) is in earder Nederlânsk reedrider, en in hjoeddeisk sportkommentator. Hersman is de heit fan reedriidster Pien Hersman.

Martin Hersman wie spesjalist op de 1500 meter en ek op de 1000 meter. Hersman wie ynternasjonaal aktyf tusken 1993 en 1999. Troch syn goede 1500 meter koe Hersman goed meikomme by allround kampioenskippen, mar winnend koe hy se nea ôfslute. Dêrom wiene de WK ôfstannen in útkomst foar him. Sa koe er him alle jierren mjitte mei de bêsten op de middenôfstannen. Nei syn karriêre as reedrider waard Hersman by de NOS sportkommentator by it reedriden. Hersman is boaske mei Colette Zee dy't ek reedriidster west hat.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter36,3827 jannewaris 2002 Olympic Oval, Calgary1000 meter1.10,1727 jannewaris 2002 Olympic Oval, Calgary1500 meter1.46,7626 jannewaris 2002 Olympic Oval, Calgary3 km3.46,8111 augustus 2002 Olympic Oval, Calgary5 km6.31,6228 jannewaris 2002 Olympic Oval, Calgary10 km14.01,427 febrewaris 1999 Vikingskipet Hamar

Resultaten jier NKOfstannen NKAllround NKSprint EKAllround WKAllround WKOfstannen OlympyskeSpullen WKJunioaren 1992 1000 m, 15e1500 m, 13e 1993 1500 m, 6e5 km, 9e10 km 10e6e 4e 1994 1500 m, ,5 km 6e10 km 8e5e 1500 m, 8e 1995 1500 m, 4e,5 km 10 km 6e 4e 6e 1996 6e1500 m, 1997 4e 1000 m, 1500 m, 4e 1998 1000 m, 5e1500 m, 5e 1000 m, 13e1000 m, 12e1500 m, 6e 1999 1000 m, 7e1500 m, 6e5 km, 7e 6e 6e 7e 1500 m, 18e 2000 1000 m, 1500 m, 5 km, 2001 1000 m, 10e1500 m, 4e5 km, 6e9e 2002 500 m, 7e1000 m, 10e1500 m, 2003 1000 m, 5e1500 m, 5 km, 8e 4e

Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Nederlânsk sportferslachjouwer Kategory:NOS-wurknimmer Kategory:Persoan berne yn 1974