Pine Hollow Reservoir is in opslachmar fan it wetter út de beken Threemile Creek en Pine Hollow Creek oan de eastlike helling fan it Cascadesberchtme yn Wasco County yn Oregon yn de Feriene Steaten. De opslachmar waard yn de 1960-er jierren boud foar it opslach fan irrigaasjewetter. Hy leit op lân dat yn priveebesit is 19 km noardwestlik fan Maupin op de grins fan it Mount Hood National Forest. De mar hat in totale kustline fan 5,1 km en fiskjen en iepenbier tagong is tastien oan de gânse kustline.

De mar wurdt beheard troch Oregon Department of Fish and Wildlife, it Oregonske ministearje fan fisk en wyld, en it irrigaasjedistrikt. Njonken de mar leit it doarp Pine Hollow, dy't foa in grut part út fakânsjewenten bestiet, mar it ministearje hat in 3 meter brede stripe rjocht fan tagong om by de mar te kommen. De mar hat twa iepenbiere plakken dêr't boaten yn it wetter laden wurde kinne. Ek oan de mar is it kristlike jongereinkamp Camp Morrowcampmorrow.org, boatferhierbedriuwen en in winkel.

Fisken dy't yn de mar foarkomme binne ûnder oaren reinbôgeforellen, brune dwerchmarfallen, forelbearzen en blauwe bearzen. (2005). Fishing in Oregon: The Complete Oregon Fishing Guide (10e edysje). Scappoose, Oregon: Flying Pencil Publications. siden 241–42. ISBN 0-916473-15-5.

Kategory:Mar yn Oregon Kategory:Mar yn Wasco County (Oregon)