Martinyk is in eilân en Frânsk oerseesk departemint yn de Karibyske See, sa likernôch 700 kilometer súdeastlik fan de Dominikaanske Republyk. It leit súd fan Dominika en noard fan Sint-Lusia, en heart ta de Boppewynske Eilannen fan de Lytse Antillen. Martinyk telde by de lêste folkstelling 364.508 (2019) ynwenners.

Geografy It totale oerflak is 1.101 km, en de befolkingstichtens bedraacht 357 ynwenners yn 'e km. Martinique is fan noardwest nei súdeast sa likernôch 60 kilometer lang. It heechste punt is de fulkaan Mont Pelée (1397 meter).

Bestjoerlike yndieling Martinyk hat fjouwer arrondisseminten: # Arrondissemint Grutte (km²) Ynwennertal (2018)Martinique: French Overseas Department, citypopulation.de 1 Fort-de-France 171 154.706 2 La Trinité 338 76.433 3 Le Marin 409 115.068 4 Saint-Pierre 210 22.576

Kategory:Oerseesk gebietsdiel fan Frankryk Kategory:Ofhinklik gebiet yn Noard-Amearika Kategory:Ofhinklik gebiet yn it Karibysk Gebiet Kategory:Spesjaal territoarium fan de Jeropeeske Uny Kategory:Eilân yn it Karibysk Gebiet Kategory:Histoaryske Frânske koloanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1946