Egbert Rolf (Erben) Wennemars (Dalfsen, 1 novimber 1975) is in earder Nederlânsk reedrider, en in hjoeddeisk analist foar de NOS. Wennemars is de heit fan reedrider Joep Wennemars.

Erben Wennemars wie spesjalisearre yn de sprint- en middenôfstannen 500, 1000 en 1500 meter, mar weage him ek oan it allrounden. De hichtepunten út syn karriêre binne twa wrâldtitels op de sprintfjouwerkamp (2004 en 2005), seis wrâldtitels de ôfstannen (twa kear de 1000, ien kear de 1500, trije kear de ploege-efterfolging) en twa brûnzen medaljes op de Olympyske Spullen fan Turijn yn 2006. Op de Olympyske Spullen fan Nagano yn 1998, dêr't Wennemars him foar de 500, 1000 en 1500 meter foar kwalifisearre hie, waard er op de twadde 500 meter foar de rest fan it toernoai útskeakele, trochdat de Noar Grunde Njøs foel en Wennemars yn syn fal meinaam, hjirby rekke it skouder fan Wennemars út 'e kom. Yn 2010 pleatste er him net foar de Olympyske Spullen wêrnei't er ophold. Wennemars gie dernei oan de slach, as analist by de NOS, fuotbalbestjoerder by PEC Zwolle en ûndernimmer. Yn it seizoen 2013-2014 kaam er koart werom op de iisbaan. Wennemars is boaske mei te presintatrise Renate van der Zalm. Tegearre hawwe sy twa soannen wêrûnder reedrider Joep Wennemars.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter34,6822 jannewaris 2005 Utah Olympic Oval, Salt Lake City1000 meter1.07,3312 jannewaris 2003 Utah Olympic Oval, Salt Lake City1500 meter1.42,329 novimber 2007 Utah Olympic Oval, Salt Lake City3 km3.41,8413 augustus 2005 Olympic Oval, Calgary5 km6.28,4213 augustus 2005 Olympic Oval, Calgary10 km13.35,6711 febrewaris 2007 Thialf, It Hearrenfean

Resultaten jier NKOfstannen NKSprint NKAllround WKAllround WKSprint WKOfstannen OlympyskeSpullen 1995 500 m, 16e1000 m, 14e 1996 500 m, DSQ,1000 m, 6e1500 m, 5e10e 1997 500 m, ,1000 m, ,1500 m, 1998 500 m, ,1000 m, ,1500 m, 500 m, Net finist1999 500 m, ,1000 m, 4e,1500 m, 7e5 km 20e 5e 500 m ,1000 m 4e 2000 500 m, ,1000 m, ,1500 m, 7e4e 5e 500 m 10e,1000 m 6e2001 500 m, ,1000 m, ,1500 m, 5e 500 m 18e,1000 m 6e1500 m 2002 500 m, ,1000 m, ,1500 m, 4e 5e 500 m 10e1000 m 5e2003 500 m, ,1000 m, ,1500 m, 500 m ,1000 m 1500 m 2004500 m, ,1000 m, ,1500 m, 500 m 11e,1000 m 1500 m 2005500 m, ,1000 m, ,1500 m, 21e 500 m 9e,1000 m 9e1500 m 7eEfterfolging 2006500 m, ,1000 m, ,1500 m, 4e 500 m 16e,1000 m 1500 m 5eEfterfolging 2007500 m, ,1000 m, 7e,1500 m, 4e5e6e500 m 14e,1000 m 4e1500 m Efterfolging 2008500 m, ,1000 m, ,1500 m, 5e Efterfolging 2009500 m, 15e,1000 m, ,1500 m, 4e5e Net finist 20101500 m, 5e 20141500 m, 15e

Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Nederlânsk sportferslachjouwer Kategory:NOS-wurknimmer Kategory:Persoan berne yn 1975