Herman Antonie de Bloeme (De Haach, 17 septimber 1802 - dêre, 3 oktober 1867) wie in Nederlânske keunstskilder, etser en litograaf. Hy wenne en wurke yn De Haach.

Wurk De Boeme krige syn oplieding oan de Tekenschool van de Maatschappij tot Nut van 't Algemeen yn Amsterdam, de Tekenakademy yn De Haach en de Koninklijke Academie voor Beeldende Kunsten yn Amsterdam. Hy wie ûnder oaren in learling fan Jan Willem Pieneman (1797-1853).

Hy wie in ferneamd portretskilder, mar makke ek in soad histoarjestikken, kristlike religieuze foarstellings, bisten en lânskippen.

Galery

Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk etser Kategory:Nederlânsk litograaf Kategory:Persoan berne yn 1802 Kategory:Persoan stoarn yn 1867