Star Wars: The Clone Wars is in Amerikaanske tekenfilmsearje foar bern dy't rûn fan 2008 oant en mei 2014, mei noch in lêste seizoen yn 2020. De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan militêre science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Star Wars: The Clone Wars waard basearre op 'e Star Wars-prequeltrilogy en folge op 'e lange animaasjefilm Star Wars: The Clone Wars, dy't eins as pilotôflevering foar de searje fungearre. De searje wie in reboot fan 'e eardere tekenfilmsearje Star Wars: Clone Wars út 2003-2005.

De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: De Kloaneoarloggen". De searje folget de aventoeren fan 'e Jedi-ridders Anakin Skywalker, Obi-Wan Kenobi en Ahsoka Tano yn 'e Kloane-oarloggen, in troch de boasaardige Sith-master Darth Sidious beävensearre konflikt dat it hiele Stjerrestelsel yn gaos en geweld weisakje lit. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars moat Star Wars: The Clone Wars pleatst wurde tusken de films Star Wars: Episode II – Attack of the Clones en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith yn. Yn totaal waarden der 133 ôfleverings makke. Star Wars: The Clone Wars wûn fiif Emmys en in Annie Award.

Untstean Nei de premiêre fan 'e live-actionfilm Star Wars: Episode II – Attack of the Clones, yn 2002, it twadde diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, waard troch Star Wars-betinker George Lucas en de oare liedingjaanden by syn filmstudio Lucasfilm besletten ta it meitsjen fan in tekenfilmsearje. Dat waard Star Wars: Clone Wars, dat fan 2003 oant 2005 trije seizoenen rûn. It doel dêrfan wie útsoarte om mear action figures te ferkeapjen fan 'e personaazjes út 'e prequeltrilogy. Yn april 2005, koart foar de premiêre fan Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith, makke Lucas bekend dat der wurke waard oan in reboot fan Star Wars: Clone Wars, mei langere ôfleverings en in modernere animaasjestyl. Tsjin july fan dat jier wie de preproduksje fan 'e searje begûn.

Produksje Star Wars: The Clone Wars waard betocht en ûntwikkele troch George Lucas, dy't as útfierend produsint ek it tafersjoch oer de hiele produksje fan 'e oarspronklike seis seizoenen hie. Yn seizoen 1 oant en mei 3 dielde er dy ferantwurdlikens mei Catherine Winder. Lucas wurke by de ûntwikkeling fan 'e searje nau gear mei Dave Filoni, dy't de funksje fan tafersjochhâldend regisseur hie. De senario's foar de ûnderskate ôfleverings waarden skreaun troch senaristen Steven Melching, Christian Taylor, Drew Z. Greenberg, Henry Gilroy, Cameron Litvack, Matt Michnovetz, Paul Dini, Katie Lucas (de dochter fan) en Dave Filoni. As produsint wie Cary Silver by de oarspronklike seis seizoenen belutsen foar de tillefyzjestudio's Lucasfilm, Lucasfilm Animation en Polygon Pictures. De titelmuzyk en de soundtrack waarden komponearre troch Kevin Kiner. De produksje fan Star Wars: The Clone Wars waard foar it meastepart dien yn 'e studio fan Lucasfilm Animation yn Singapoer.

Trije fan 'e ierst makke ôfleverings fûn George Lucas sa goed, dat er opdracht joech om se oaninoar de plakken en der in yn 'e bioskoop útbrochte lange tekenfilm fan te meitsjen, dy't ek Star Wars: The Clone Wars hiet. Dy gie op 10 augustus 2008 yn Grauman's Egyptian Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 15 augustus yn 'e Amerikaanske bioskopen. De film fungearre as pilotôflevering foar de searje. Los fan 'e film waarden der yn totaal 133 ôfleverings fan Star Wars: The Clone Wars makke, elts mei in spyldoer fan 19 oant 26 minuten, ferdield oer 7 ûnderskate tillefyzjeseizoenen. Op 5 desimber 2011 waard in trilogy fan ôfleverings út seizoen 3 as film fan spylfilmlingte útbrocht foar download fia iTunes. Dêrby gie it om 'e troch Katie Lucas skreaune, byinoar hearrende ôfleverings Nightsisters, Monster en Witches of the Mist.

De distribúsje fan Star Wars: The Clone Wars waard foar seizoen 1 oant en mei 5 fersoarge troch Warner Bros. Television Distribution, yn seizoen 5 y.g.m. Trifecta Entertainment & Media. De earste fiif seizoenen waarden útstjoerd op 'e tillefyzjestjoerder Cartoon Network. Nei't Lucasfilm yn 2012 oernommen wie troch The Walt Disney Company, waard de searje yn maaie 2013, nei de ôfrin fan it fyfde seizoen, skrast. Dêr kaam men lykwols letter op werom, wêrnei't dochs noch in sechsde seizoen makke waard (al wie dat folle koarter as alle foargeande seizoenen), dat yn maart 2014 troch Disney-ABC Domesctic Television fia de streamingtsjinst Netflix útbrocht waard. Neitiid kamen der ferskate stripboeken en romans út op basis fan 'e ûnfoltôge ferhaallinen út 'e searje. Op 19 july 2018 kundige Lucasfilm op 'e San Diego Comic-Con fan dat jier oan dat der in lêste, 12 ôfleverings tellende seizoen fan Star Wars: The Clone Wars komme soe om 'e searje ôf te rûnjen. Dat seizoen 7 waard makke mei Dave Filoni as útfierend produsint en Caroline Kermel as produsint. It waard fan febrewaris oant maaie 2020 útbrocht fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney.

Oersjoch fan 'e searje Utgongspunt Star Wars: The Clone Wars spilet yn 'e perioade fan trije jier tusken de foarfallen yn 'e live-actionfilms Attack of the Clones en Revenge of the Sith, wêryn't it Stjerrestelsel "lang ferlyn en fier, fier fuort" ferskuord wurdt troch de Kloane-oarloggen. Yn dat konflikt fjochtet de Galaktyske Republyk mei in legermacht fan kloansoldaten, it saneamde Grutte Leger fan 'e Republyk, tsjin 'e oarlochsandroïdelegers fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. It Grutte Leger fan 'e Republyk wurdt dêrby oanfierd troch de leden fan 'e Jedi Oarder, dy't boppenatuerlike fermogens besitte troch it manipulearjen fan de Krêft. De Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels is gearstald troch greve Dooku, in Sith-ridder, dy't deselde fermogens hat. Wat net ien, útsein Dooku, foar it ferstân hat, is dat it hiele konflikt bewurkmastere is troch de boasaardige Sith-master Darth Sidious, it alter ego fan Palpatine, de o sa freonlik lykjende kânselier fan 'e Galaktyske Republyk. Syn doel is om troch it feroarsaakjen fan in oanboazjende krisis foar himsels de mooglikheid te skeppen om alle macht yn 'e Republyk nei him ta te lûken.

Tsjin dy eftergrûn wurde yn Star Wars: The Clone Wars de aventoeren folge fan 'e jonge Jedi-ridder Anakin Skywalker, syn master Obi-Wan Kenobi, en syn learlinge Ahsoka Tano. De searje waard oarspronklik betocht as in blomlêzing, mei ôfleverings dy't fierhinne op harsels stiene, mar lettere seizoenen omfiemen hieltyd mear ferhaallinen dy't ferskate ôfleverings besloegen. Behalven Anakin en Obi-Wan kamen yn 'e searje ek ferskate oare personaazjes werom dy't al bekend wiene út 'e live-actionfilms fan 'e Skywalker Saga, lykas Padmé Amidala, Palpatine, greve Dooku, Yoda, Mace Windu, Boba Fett, Darth Maul, C-3PO, R2-D2 en Wilhuff Tarkin. It wichtichste nij yntrodusearre personaazje wie Ahsoka Tano, mar ek ferskate kloansoldaten krigen yn 'e searje eigen identiteiten oanmetten, wêrûnder kaptein Rex en luitenant-kolonel Cody. De antagonisten ferskilden per ôflevering, en wiene net altyd Dooku en syn trewanten en oarlochsandroïden, mar ek wol gangsters, preemjejagers, piraten en Krêftgefoeligen dy't net mei de separatisten ûnder ien tekken skûlen.

Seizoen 1 It earste seizoen fan Star Wars: The Clone Wars is wijd oan ferskate slaggen dy't tusken de Republyk en de separatisten útfochten wurde, en oan it krewearjen fan beide kanten om mear planeten en rassen fan bûtenierdske wêzens oer te heljen om aktyf oan harren kant mei te fjochtsjen. De wichtichste antagonisten binne greve Dooku, de lieder fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, dy syn ynformele learling Asajj Ventress, en generaal Grievous, de cyborg dy't opperbefelhawwer fan 'e androïdelegers fan 'e Konfederaasje is. Inkele ôfleverings wike ôf, yn 'e sin dat se net oer it konflikt tusken de Republyk en de separatisten geane, mar oer oare aspekten fan 'e Kloane-oarloggen.

Seizoen 2 Seizoen 2 omfiemet behalven op harsels steande ôfleverings foar it earst ek in pear ferhaallinen dy't twa of mear ôfleverings beslane. It seizoen leit him sterk ta op it útbouwen fan ferskate personaazjes dy't preemjejager binne. Yn ien fan 'e ferhaallinen hiert de Sith-master Darth Sidious de preemjejager Cad Bane yn om 'e holocron te stellen út 'e Jedi-timpel op Coruscant. (Dat is soarte fan database wêryn't de Jedi, ynsafier bekend, de identiteit fan alle Krêftgefoelige bern yn it Stjerrestelsel fêstlein hawwe.) In oare ferhaalline folget de jonge Boba Fett by it begjin fan syn eigen wurkpaad as preemjejager, wêrby't er Aurra Sing as mentor oannimt. Dêrby komt ek syn syktocht nei wraak op 'e Jedi-master Mace Windu oan bod, dy't ommers yn Attack of the Clones syn heit Jango Fett deade hie. Oare wichtige ferhaallinen geane oer de oanfal fan 'e Republyk op 'e oarlochsandroïdefabriken fan 'e separatisten op 'e planeet Geonosis en oer de planeet Mandalore, dy't in neutrale posysje ynnommen hat yn it konflikt. De hearskeresse fan dy wrâld, hartoginne Satine Kryze, mei wa't Obi-Wan Kenobi in yngewikkelde romantyske relaasje ûnderhâldt, wurdt it doelwyt fan sawol de separatisten as fan in Mandaloriaanske terroristyske groep dy't de Deadewacht hjit.

Seizoen 3 Yn seizoen 3 wurdt yn guon ferhaallinen de karakterûntwikkeling fan ferskate wichtige personaazjes beljochte. Sa wurdt Anakin Skywalker mei Obi-Wan en Ahsoka Tano nei in oerâld parallel universum fan de Krêft laat, dêr't er mear leart oer it aard fan de Krêft en oer syn eigen rol as de útkarde. Ahsoka negearret de befellen fan har master Anakin om har dochs by him te jaan op in misje om 'e troch de separatisten kriichsfinzen nommen Jedi-master Even Piell te befrijen, en moat letter lieding jaan oan har eigen team fan Jedi-padawans as se opjage wurde troch Trandoshanen. Underwilens wurdt Asajj Ventress ferret troch har master, greve Dooku, wêrnei't se weromkeart nei har thúswrâld Dathomir om stipe te sykjen by de saneamde Nachtsusters, dat ûntrainde froulike Krêftbeoefensters binne. Mei harren help smeit se in slûchslim plan om wraak op Dooku te nimmen troch him deadzje te litten troch syn nije learling, Savage Opress, mar úteinlik keart dy him tsjin sawol Ventress as Dooku en siket er syn eigen paad. Seizoen 3 is ek diplomatiker fan aard, mei minder aksje, om't in protte ôfleverings út 'e earste helte fan it seizoen har talizze op it yn byld bringen fan 'e rol dy't de Galaktyske Senaat, de folksfertsjintwurdiging fan 'e Republyk, yn 'e Kloane-oarloggen spilet, en teffens op 'e gefolgen fan it konflikt foar ûnderskate planeten en rassen en it krewearjen fan 'e Republyk om dyselden te helpen.

Seizoen 4 Yn seizoen 4 beljochtet ien ferhaalline de ferrjochtings fan it 501e Legioen fan it Grutte Leger fan 'e Republyk, dat ornaris oanfierd wurdt troch Anakin en Obi-Wan. De kloansoldaten fan dy militêre ienheid moatte foar it earst selsstannich operearje, sûnder Jedi's om harren befellen te jaan, as bliken docht dat harren nije befelhawwer, de Jedi-master Pong Krell, in ferrieder is dy't harren safier besiket te krijen dat se inoar fermoardzje. De kloansoldaten moatte dan mei him ôf sjen te weven en op eigen manneboet út 'e swierrichheden komme. Yn in oare ferhaalline set Obi-Wan syn eigen ferstjerren yn sêne, sadat er undercover gean kin as preemjejager om in komplot te dwerseidzjen dat rjochte is op 'e ûntfiering fan kânselier Palpatine. Nei't de androïdelegers fan generaal Grievous de Nachtsusters fan Dathomir ferneatige hawwe, jout Ventress har ambysje op om in Sith te wurden en begjint se in nije karriêre as preemjejager. En Savage Opress fynt syn deawaande broer Darth Maul werom, dy't út is op wraak op Obi-Wan om't dy him jierren lyn op Naboo ferslein en foar dea efterlitten hat.

Seizoen 5