Foarfallen 1631 - De earste, troch Johannes Kepler foarseine Fenusoergong. Dizze waard lykwols net sjoen. 1787 - Delaware wurdt, troch de Amerikaanske Grûnwet te ratifisearjen, de 1e steat fan 'e Feriene Steaten. 1815 - Michel Ney, Frânsk maarskalk, wurdt eksekutearre foar ferrie, om't er nei't er de Frânske kening trou sward hie wer foar Napoleon fochten hie. 1941 - Mei de troch Japan útfierde oanfal op Pearl Harbor, in marinebasis op Hawaï, reitsje de Feriene Steaten by de Twadde Wrâldoarloch belutsen. 1972 - Apollo 17 wurdt lansearre. Dit is de lêste Apollo-misje nei de Moanne. 1960 - Ivoarkust wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 1982 - Yn de Feriene Steaten wurdt by it útfieren fan de deastraf foar it earst gebrûk makke fan in deadlike ynjeksje. 1988 - Yn Armeenje komme by in ierdskodding fan 6.8 op de Skaal fan Richter 25.000 minsken om it libben. 2005 - It wurdt mooglik om in domeinnamme mei .eu oan te meitsjen. 2010 - De Noardfryske Wikipedy hat 1.000 siden.
Berne 1627 - Louise Henriëtte fan Oranje-Nassau, karfoarstinne-gemalinne fan Brandenburch († 1667) 1724 - Louise fan Hannover, keninginne-gemalinne fan Denemark-Noarwegen († 1751) 1761 - Marie Tussaud, Frânsk waaksenbylde-artyste († 1850) 1792 - Abraham Jakob van der Aa, Nederlânsk skriuwer en geograaf († 1857) 1834 - Hugo Suringar, Frysk útjouwer († 1911) 1854 - Meindert Rozenga, Frysk toanielakteur en -skriuwer († 1901) 1862 - Hobbe Smith, Frysk keunstskilder († 1942) 1908 - Oreste Capuzzo, Italjaansk turner († 1985) 1910 - Duncan McNaughton, Kanadeesk heechspringer († 1998) 1905 - Gerard Kuiper, Nederlânsk-Amerikaansk astronoom († 1973) 1924 - Mario Soares, presidint fan Portegal († 2017) 1927 - Auke Hettema, Frysk byldhouwer († 2004) 1928 - Flory Anstadt, Nederlânsk programmamakster en regisseuse († 2024) 1928 - Noam Chomsky, Amerikaansk taalkundige en publisist 1948 - Andrés Oliva, Spaansk hurdfytser († 2023) 1973 - Ali Raymi, Jemenitisch bokser en militêr († 2015) 1986 - Nita Strauss, Amerikaansk gitariste 1987 - Aaron Carter, Amerikaansk sjonger († 2022) 1995 - Patrick Roest, Nederlânsk reedrider 2003 - Catharina-Amalia fan Oranje-Nassau, kroanprinsesse fan Nederlân
Ferstoarn 43 f.Kr. - Markus Tullius Sisero, Romeinsk filosoof, jurist en skriuwer (* 106 f.Kr.) 1709 - Meindert Hobbema, Nederlânsk keunstskilder (* 1638) 1815 - Michel Ney, Frânsk maarskalk (* 1769) 1817 - William Bligh, Ingelsk seeman en koloniaal bestjoerder, bekend as kaptein fan 'e Bounty (* 1754) 1894 - Ferdinand de Lesseps, Frânsk yngenieur en oanlizzer fan it Suezkanaal (* 1805) 1900 - Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt, Frysk jonkhear, aventuerier en socialite (* 1837) 1936 - Jean Mermoz, Frânsk fleander (* 1901) 1943 - Georges Tainturier, Frânsk skermer (* 1890) 1989 - Melchior Wezel, Switsersk turner (* 1903) 2003 - Ad van Seijen, Frysk skriuwer (* 1922) 2011 - Kees Hanje, âldste man fan Fryslân (* 1906) 2012 - Roelof Kruisinga, Nederlânsk politikus (* 1922) 2020 - Ursul de Geer, Nederlânsk presintator, akteur en regisseur (* 1946) 2022 - Johan de Jong, Frysk amateur-ornitolooch (* 1941)
Kategory:Datum 07