Foarfallen 1799 - As earste lân op de wrâld fierd Frankryk it metrike stelsel yn. 1817 - Mississippy wurdt as 20e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. 1898 - It Ferdrach fan Parys makket formeel in ein oan 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch. Spanje docht ôfstân fan alle ferlerne gebieten. 1901 - De earste Nobelpriis wurdt útrikt yn Stokholm. 1945 - Nederlân wurdt lid fan de Feriene Naasjes. 1963 - It Sultanaat Sansibar wurdt wer in ûnôfhinklik lân nei 73 jier ûnder Britske hearskippij stien te hawwen. 1948 - De Feriene Naasjes nimme de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske oan. 1964 - De Amerikaanske minskerjochte-aktivist Martin Luther King kriget de Nobelpriis foar de Frede útrikt. 1980 - De fermoarde popmuzikant John Lennon wurdt kremeare yn Ferncliff Crematory yn Ardsley, yn New York.

Berne 1692 - Jacobus Canter Visscher, Frysk predikant en sindeling († 1735) 1830 - Emily Dickinson, Amerikaansk skriuwster en dichteresse († 1886) 1868 - Rinske Visscher, Frysk publisist († 1950) 1875 - Jan Sjoerds Kuperus, Frysk keatser († 1962) 1890 - August van Lierde, Belgysk keatser († 1958) 1918 - Marten Sikkema, Nederlânsk-Frysk dichter, skriuwer en oersetter († 2005) 1922 - George Knobel, Nederlânsk fuotbaltrener († 2012) 1939 - Jant van der Weg, Frysk skriuwster en sjoernaliste 1947 - Gerard Koerts, Nederlânsk toetsenist († 2019) 1947 - Chris Koerts, Nederlânsk gitarist († 2022) 1957 - Michael Clarke Duncan, Amerikaansk akteur († 2012) 1962 - John de Wolf, Nederlânsk fuotballer 1966 - Hans Jouta, Frysk byldhouwer 1975 - Kristel Verbeke, Flaamsk sjongster 1976 - Fidan Ekiz, Nederlânsk sjoernaliste, dokumintêremakster en presintatrise 1994 - Marieke Swart, Frysk sjongster en presintatrise 1998 - Nia Nacci, Amerikaansk pornoaktrise

Ferstoarn 1198 - Averroes (Ibn Rûsjd), Andalusysk-Arabysk filosoof (* 1126) 1634 - Carel Georg fan Burmania, Frysk ealman (* 1570) 1865 - kening Leopold I fan Belgje (* 1790) 1896 - Alfred Nobel, Sweedsk skiekundige, ûndernimmer en filantroop (*1833) 1902 - Stefan Vermaes, Frysk yngenieur (* 1839) 1909 - Reade Wolk (Red Cloud), opperhaad fan 'e Lakota (* 1822) 1928 - Charles Mackintosh, Skotsk arsjitekt (*1868) 1963 - Auke Sonnega, Frysk Keunstner (* 1910) 1967 - Otis Redding, Amerikaansk sjonger (* 1941) 1968 - Karl Barth, Switsersk teolooch (* 1886) 1969 - Andries Baart, Nederlânsk arsjitekt (* 1885) 1989 - Johannes Siderius, Frysk politikus (* 1922) 1992 - Josephine McKim, Amerikaansk swimster (* 1910) 1998 - Wim Hora Adema, Frysk sjoernaliste en skriuwster (* 1914) 1999 - Lex Goudsmit, Nederlânsk akteur (* 1913) 2007 - Arne Jansen, Nederlânsk sjonger (* 1951)

Kategory:Datum 10