Foarfallen 1889 - Op inisjatyf fan Pim Mulier wurdt it Nederlânske Atletyk- en Fuotbalbûn oprjochte. 1914 - Slach om de Falklâneilannen tusken it Feriene Keninkryk en Dútslân. 1931 - Oktroai op coax-kabel ferliend oan Lloyd Espenschied en Herman Affel. 1941 - It ferneatigingskamp Chelmno, Poalen, wurdt troch de Nazi's iepene. 1941 - It Kongres fan de Feriene Steaten ferklearet Japan de oarloch. Allinne de froulike ôffeardige Jeannette Rankin stimt tsjin. 1944 - By de oerfal op it Hûs fan Bewar yn Ljouwert befrijt it Fryske ferset 51 fersetslju út 'e Blokhûspoarte. 1956 - Sluting fan de Olympyske Simmerspullen yn Melbourne. 1965 - Prins Claus wurdt by wet naturalisearre ta Nederlanner. 1980 - John Lennon wurdt foar syn hús dea sketten troch Mark David Chapman. 1982 - Yn Suriname wurde fyftsjin minsken troch it bewâld fan Desi Bouterse ombrocht, de moarden wurde ferneamd as de Desimbermoarden. 1991 - Lieders fan Ruslân, de Oekraïne en Wyt-Ruslân tekenje it Akkoard fan Minske, wêrmei in ein komt oan de Sovjet-Uny en wêrmei it Mienebest fan Unôfhinklike Steaten start.

Berne 65 f.Kr. - Horatius (Quintus Horatius Flaccus), Romeinsk dichter († 8 f.Kr.) 1508 - Gemma Frisius, Frysk geograaf, wiskundige en dokter († 1555) 1542 - keninginne Marije I fan Skotlân († 1587) 1704 - Anton de Haen, Nederlânsk dokter († 1776) 1715 - Jan Althuysen, Frysk skriuwer († 1763) 1730 - Hobbe Baerdt fan Sminia, Frysk amtner en politikus († 1813) 1853 - Johan Barger, Nederlânsk dûmny en moardner († 1900) 1832 - Bjørnstjerne Bjørnson, Noarsk skriuwer, sjoernalist en politikus († 1910) 1865 - Jean Sibelius, Finsk komponist († 1957) 1895 - Théodore Hersart de la Villemarqué, Bretonsk taalkundige (* 1815) 1897 - José Navarro Morenés, Spaansk hynstesporter († 1974) 1897 - Oepke Plat, Frysk jirpelkeapman en koardirigint († 1991) 1903 - Anje Lok, Frysk ûnderwizer en fersetsman († 1944) 1913 - Caitlin Macnamara, Ingelsk skriuwer († 1994) 1925 - Sammy Davis jr., Amerikaansk sjonger, dûnser, komyk en akteur († 1990) 1928 - Hannes Flesner, Eastfrysk sjonger en lietsjeskriuwer († 1984) 1930 - Maximilian Schell, Eastenryksk-Switsersk akteur, regisseur en skriuwer († 2014) 1932 - Charly Gaul, Lúksemboarchsk hurdfytser († 2005) 1946 - Paladine Roye, Amerikaansk keunstner († 2001) 1952 - Tejo Moerings, Nederlânske byldzjend keunstner († 2021) 1966 - Wiebren Veenstra, Frysk hurdfytser 1967 - Kascha Papillon, Amerikaansk pornoaktrise 1979 - Kamini Zantoko, Frânsk rapper en komyk 1980 - Lisa Kelly, Amerikaansk frachtweinsjauffeur en realitypersoanlikheid 1984 - Nika Noire, Oekraynsk pornoaktrise 1987 - Kacie Castle, Amerikaansk pornoaktrise

Ferstoarn 1681 - Gerard ter Borch de Jongere, Nederlânsk keunstskilder (* 1617) 1787 - Francis Drake, Ingelsk admiraal en ûntdekkingsreizger (* 1724) 1907 - kening Oscar II fan Sweden (* 1829) 1977 - Ernő Nagy, Hongaarsk skermer (* 1898) 1978 - Golda Meïr, premier fan Israel (* 1898) 1979 - Sayed Yusuf, Yndiaask hockeyer (* 1895) 1980 - John Lennon, Ingelsk sjonger, muzikant en lietsjeskriuwer (* 1940) 1981 - Janna van der Meulen, Frysk reedrider (* 1907) 1986 - Anatoli Martsjenko, Sovjet dissidint (* 1938) 2009 - Tavo Burat, Italjaansk skriuwer en sjoernalist. (* 1932) 2016 - Joop Braakhekke, Nederlânsk telefyzjekok en restauranthâlder (* 1941) 2016 - John Glenn, Amerikaansk astronaut en politikus (* 1921) 2016 - Peter van Straaten, Nederlânsk cartoonist en yllustrator (* 1935) 2020 - Martin Ros, Nederlânsk útjouwer, publisist en literatuerkritikus (* 1937) 2023 - Ryan O'Neal, Amerikaansk akteur (* 1941)

Kategory:Datum 08