De Star Wars Holiday Special is in Amerikaanske tillefyzjespecial út 1978 yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise. Neffens de spyldoer fan oardel oere rekkene, is it eins in tillefyzjefilm. De produksje stie ûnder rezjy fan Steve Binder, en hie yn 'e haadrollen Harrison Ford, Peter Mayhew, Patty Maloney en Mickey Morton. De titel betsjut "Feestdagespecial fan Star Wars". De plot giet alle kanten út en omfiemet sels in animearre segmint, mar yn 'e sintrale ferhaalline dy't alles byinoar hâldt, besykje Han Solo en syn freon, de Wookiee Chewbacca, op 'e tiid de planeet Kashyyyk te berikken, de thúswrâld fan 'e Wookiees, foar de fiering fan in hjeldei dy't Libbensdei hjit. Fertsjintwurdigers fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk sitte harren lykwols op 'e hakken.

De foarfallen út 'e Star Wars Holiday Special binne yn 'e ynterne gronology fan 'e Star Wars-franchise pleatst tusken de films Star Wars: Episode IV – A New Hope en Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back yn. De special waard op 17 novimber 1978, yn it ramt fan Thanksgiving en de oankommende kryst, útstjoerd troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk CBS. De special is berucht om 'e ekstreem negative resinsjes dy't er krige fan sawol de tillefyzjekritisy as de fans fan Star Wars. De Star Wars Holiday Special is dêrom neitiid nea wer útstjoerd en is ek nea útbrocht op VHS, dvd of blu-ray. Mei't de iennichste ferzjes yn omrin partikuliere opnamen binne fan 'e iennichste tillefyzje-útstjoering, dy't klandestyn ferhannele wurde, hat de special meitiid in wat legindaryske status krigen mank Star Wars-fans.

Plot De smokkelder en rebel Han Solo reizget mei syn ko-piloat en freon, de Wookiee Chewbacca, yn harren romteskip de Millennium Falcon nei de planeet Kashyyyk, de thúswrâld fan 'e Wookiees, sadat Chewbacca de hjeldei Libbensdei yn it selskip fan syn famylje trochbringe kin. Nei't se ôfset binne fan Tatooine, wurde se efterfolge troch twa stjerreslachskippen fan 'e striidkrêften fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. Han wol omkeare, mar Chewbacca bepraat him om fierder te gean, en se ûntkomme troch nei de hyperromte te springen.

Underwilens wachtsje op Kashyyyk Chewbacca syn frou Malla (koart foar Mallatobuck), syn soan Lumpy (Lumpawarrump) en syn heit Itchy (Attichitcuk) syn oankomst senuweftich ôf wylst se yn harren wente heech yn 'e beammen risselwearje foar de fiering fan Libbensdei. As Lumpy ûnrêstich wurdt, lit syn pake Itchy him in fideo sjen fan in sirkusact (dy't yn syn gehiel yn 'e special opnommen is). As se de ôfwask fan it middeismiel oan kant hat en Chewbacca noch altyd net opdaagjen komme is, trochsiket Malla fia de kompjûter de neite fan Kashyyyk op romteskippen dy't Millennium Falcon hjitte, mar dat smyt gjin resultaten op. Dan nimt se kontakt op mei Luke Skywalker, dy't mei de robot R2-D2 oan syn X-wjukjager wurket. Hy kin har net fertelle wêr't Chewbacca en Han úthingje, mar hy besiket hat gerêst te stellen dat harren lettens nei alle gedachten neat te betsjutten hat.

Dêrop siket Malla kontakt mei Saun Dann, in minsklike keapman op Kashyyyk en in freon fan 'e famylje, dy't belutsen is by it Rebelleferbûn. Hy betsjinnet op dat stuit krekt in Keizerlike militêr, dy't úteinlik mei syn produkt de winkel útrint sûnder te beteljen. Hy kin Malla dêrom inkeld te wurd stean yn termen dy't foar mearderlei útlis fetbet binne, en op dy wize fertelt er dat Chewbacca en Han ûnderweis binne en mei gauwens arrivearje moatte soene. Underwilens rapportearret oan board fan in stjerreslachskip in Keizerlik ofsier oan 'e Sith-ridder Darth Vader dat der in kordon om Kashyyyk hinne ynsteld is en dat úteinset is mei in syktocht nei de rebellen Han Solo en Chewbacca. Vader jout him te kennen troch te gean mei it sykjen, sels al soe de planeet hûs foar hûs trochsocht wurde moatte.

Malla begjint mei de risselwaasje foar it jûnsmiel, dat bestiet út banthakont. Dêrfoar besiket se om 'e nocht de ynstruksjes te folgjen fan 'e eksintrike fjouwerearmige kokkinne Gormaanda, dy't in itensiedersprogramma hat op 'e pleatslike tillefyzje. Yn 'e romte komt de Millennium Falcon op dat stuit by Kashyyyk út 'e hyperromte. As Han en Chewbacca sûnder euvelmoed de planeet benei komme, wurdt se oanfallen troch fjouwer TIE-jagers fan it kordon. Der ûntjout him in efterfolging wêrby't Han de TIE-jagers útskeakelet mei syn laserkanon. Underwilens arrivearret Saun Dann by de famylje fan Chewbacca oan 'e doar mei Libbensdeikado's, wêrûnder in virtual realityprogramma fan 'e sjongster Mermeia foar Itchy. Om't Han en Chewbacca der noch altyd net binne, nimt Malla kontakt op mei prinsesse Leia, dy't mei de androïde C-3PO earne mei dwaande is. Leia kin har lykwols ek neat mear fertelle as dat se al wit.

Han en Chewbacca geane de atmosfear fan Kashyyyk binne op in ûnbewekke diel fan 'e planeet yn 'e noardlike poalstreek. Nei't Han opmurken hat dat it in lang ein kuierjen wurdt as se dêr lânje, beslute se om ûnder de radar nei it wenplak fan Malla-en-dy te fleanen. Lumpy heart it âljen fan 'e motors fan 'e Millennium Falcon, en alle oanwêzigen drave nei de doar. As Malla iependocht, steane der lykwols twa stoarmtroepers op 'e stoepe, mei dêrefter in pear Keizerlike ofsieren. Dat fjouwertal kringt it hûs yn om in hûssiking út fieren. Wylst se dêrmei dwaande binne, besykje Saun en de oaren harren ôf te lieden mei it iten dat Malla tamakke hat en mei in muzykfideodoaze mei in hologram fan in band. Mar as de muzyk ophâldt, jout de befelfierend ofsier opdracht om 'e hûssiking te ferfetsjen. Hy oarderet Malla om Lumpy dwaande te hâlden wylst se de keamer fan 'e jonge trochsykje, dat Malla jout Lumpy in byldskerm dêr't se him in tekenfilm fan syn heite aventoeren op sjen lit.

Op in syktocht nei in talisman stoart de Millennium Falcon mei Han en Chewbacca deryn del op in moanne yn it planetestelsel Panna. Op in basis fan it Rebelleferbûn sitte Luke, Leia, C-3PO en R2-D2 yn noed om't Han en Chewbacca net op 'e ôfsprutsen tiid weromkeard binne. Dat, Luke en de robots geane yn in Y-wjukjager op 'e siik en fine de delstoarte Millennium Falcon op 'e moanne. As se lânje, wurde se oanfallen troch in reuseftich meunster dat de Y-wjukjager begjint op te fretten. In man yn in metalen wapenris ferskynt, ridend op in noch grutter wêzen, en jaget de Y-wjukfretter op 'e flecht. Luke syn rêder stelt himsels foar as Boba Fett en seit dat er in sympatisant fan 'e rebellen is. Wylst it hiele selskip him nei de Falcon bejout, warskôget C-3PO Luke om Fett net te fertrouwen.

By de Falcon oankommen, docht bliken dat Han ynfektearre rekke is mei in sliepfirus feroarsaken troch de talisman. Luke rint frijwol daliks itselde firus op. Fett en Chewbacca geane nei it tichtstbye plak ta om in antygif oan te skaffen, mar de stêd is yn 'e hannen fan Keizerlike troepen, dat Chewbacca moat him oan 'e râne beskûlhâlde, wylst Fett allinnich fierder giet. Sadree't er út it sicht fan Chewbacca is, nimt Fett lykwols kontakt op mei Darth Vader, en yn harren petear komt oan it ljocht dat Fett eins in preemjejager is dy't foar de Keizerlike oerheid wurket. Harren transmisjes wurde lykwols opfongen troch C-3PO en R2-D2, dy't oan board fan 'e Millennium Falcon foar Han en Luke soargje. Fett en Chewbacca ûntrinne de stoarmtroepers út 'e stêd en keare by it romteskip werom mei it antygif. Sadree't Han en Luke wer wekker binne, bringe de beide robots út wat se heard hawwe. Foar't se him gripe kinne, brûkt Boba Fett syn jetpack om te ûntsnappen, dêrby de bedriging uterjend dat se inoar wol wer treffe sille. Chewbacca, Han, Luke en de robots sette ôf fan 'e moanne yn 'e Millennium Falcon.

As de tekenfilm út is, pakt Lumpy it kado út dat er fan Saun Dann krigen hat. It is in portofoan, dy't de jonge begjint om te bouwen ta in fertaalapparaat sadat er in falsk berjocht nei de stoarmtroepers en ofsieren ferstjoere kin dy't de hûssiking útfiere. Om te learen hoe't er dat dwaan moat, besjocht er in fideohânlieding wêryn't in ynkompetinte Amorphiiaanske humanoïde mei stûkjende motoaryske kontrôle oer syn eigen lidden útlis jout. Underwilens trochsykje de stoarmtroepers en ofsieren de wenkeamer, dêr't op it byldskerm it berjocht ferskynt dat op Tatooine no in jûnsklok fan krêft is om't dêr "subfersive krêften" aktyf binne. De fideo dy't dêrnei folget, mei de titel "Libben op Tatooine", wurdt oankundige as ferplichte om te besjen foar alle personiel fan 'e Keizerlike Striidkrêften, dat de stoarmtroepers en ofsieren ûnderbrekke de hûssiking om der foar sitten te gean.

Der wurde bylden yn toand fan 'e delsetting Mos Eisley, wêrnei't de fokus ferlein wurdt nei de Mos Eisley Cantina, in skobberige kroech. Dêr stiet de froulike barkeeper, Ackmena, bleat oan in oanhâldend besykjen om har te fersieren fan in fereale bûtenierdsk wêzen, Krelman. De hiele sitewaasje is blykber ûntstien troch in misferstân, mei't hy eat dat se koartby tsjin him sein hat, misbegrepen hat. Op it byldskerm yn 'e kroech ferskynd it berjocht dat der in jûnsklok ynsteld is en dat eltsenien sjen moat dat er thús komt. De skokte Ackmena besiket om 'e kroechgongers derút te bonsjoeren, mar se wegerje fuort te gean. Dêrop jout se in rûntsje fan 'e saak. Wylst de oanwêzigen dat opdrinke, sjongt Ackmena in liet en docht se in dûnske, en dêrnei jouwe de klanten har einlings ôf, útsein Krelman, dy't in nij besykjen weaget om har foar him te winnen.

As de fideo ôfrûn is, grypt Lumpy de kâns om syn plan yn wurking te setten troch in oprop te ferfalskjen oan 'e hûssykjende militêren om werom te kearen nei harren basis. Dyselden binne fernuvere troch de oprop, mar nei't dy in pear kear werhelle is, beslute se der dochs gehoar oan te jaan. De befelfierend ofsier oarderet lykwols ien fan 'e stoarmtroepers efter te bliuwen. As de oprop op 'e nij klinkt as de oaren al fuort binne, beseft de efterbleaune stoarmtroeper dat se te fiter nommen binne, mei't der no gjin ûntfangers mear binne dêr't de oprop him troch berikke kin. Hy folget it lûd fan 'e oprop nei de keamer fan Lumpy en ûntdekt de jonge dy't yn it Shyriiwook, de taal fan 'e Wookiees, it berjocht yn syn portofoan ynsprekt, wêrnei't it fertaalapparaat de tekst klinke lit yn it Basaalsk, de lingua franca fan it Stjerrestelsel. De stoarmtroeper pakt Lumpy de portofoan ôf en smyt dy stikken, wêrnei't er de jonge efterfolget nei bûten ta.

Krekt op dat stuit arrivearje Chewbacca en Han. Chewbacca besiket syn soan te beskermjen. As de stoarmtroeper syn ploffer op him rjochtet, beslûpt Han him fan efteren en slacht him del. De beide mannen reitsje ferwikkele yn in wrakseling, dy't abrupt einiget as Han de stoarmtroeper stroffelje lit, sadat er troch de reling fan it rinpaad fljocht, út 'e beam falt en fier ûnder harren te pletter falt. Chewbacca giet mei Lumpy yn 'e hûs, dêr't er weriene wurdt mei Malla en Itchy. Han komt der ek yn, mar leit út dat er net bliuwe kin, om't er deroer ynsit dat immen de Millennium Falcon fine sil. Hy winsket alle oanwêzigen in noflike Libbensdei en set wer ôf.

Op it byldskerm ferskynt in oprop fan 'e Keizerlike Striidkrêften, dy't mank giet mei bedrigings, om ynformaasje oer in missende stoarmtroeper, B4711. Saun Dann reägearret dêrop troch te sizzen dat de efterbleaune stoarmtroeper it jûnsmiel stellen hat en dêrnei útpykt is. Dat bedroch wurket, en de ofsier mei wa't Dann praat, seit dat der nei de deserteur socht wurde sil. Mei it gefaar ôfkeard, risselwearje Chewbacca en syn famylje foar it feest by de Libbensbeam. Se hâlde elts in gloeiend kristal beet, wêrnei't se klaaid yn reade kladen yn 'e romte ferskine. Mei in protte oare Wookiees sammelje se har om 'e Libbensbeam hinne, dêr't ek Han, Luke, Leia, C-3PO en R2-D2 binne. Leia hâldt in koarte taspraak en sjongt in liet, wylst Chewbacca weromtinkt oan ferskate aventoeren dy't er mei syn freonen belibbe hat. As de seremoanje einiget, sitte Chewbacca, Malla, Lumpy en Itchy wer om 'e tafel hinne yn har eigen hûs, dêr't se de holle foardel bûge en har nei in momint fan stilte oan it miel sette.

Rolferdieling