Rûbtsovsk (Russysk: Рубцо́вск) is in stêd yn 'e kraj Altai yn it suden fan Sibearje. It is it bestjoerlike sintrum fan it rajon mei deselde namme.
Skiednis It plak waard yn 1886 stifte as it doarp Rûbtsovo, dat ferneamd waard nei de earste, út it gûvernemint Samara ôfkomstige, bewenner Michaïl Rûbtsov. Yn 1892 krigen de bewenners it rjocht om it lân te brûken en dat jier jilt as offisjeel stiftingsjier.
Yn 1915 waard it spoar Novonikolajevsk (hjoed-de-dei Novosibirsk)-Barnaul-Semipalatinsk oanlein oer it doarpsgebiet, sadat it doarp in ekonomyske ympuls krige.
It doarp krige yn 1927 de nije namme Rûbtsovsk en it stedsrjocht.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich ferhûze in bedriuw foar de produksje fan lânboumasines út Odessa en in traktorfabryk út Charkov nei Rûbtsovsk. Dat feroarsake in grutte oanwaaks fan it tal ynwenners.
Nei de Twadde Wrâldkriich lei yn Rûtsjovsk it kriichsfinzenekamp 511 foar Dútske kriichsfinzenen.
It besjen wurdich De stêd hat in teäter en in streekmuseum.
De houten Michaeltsjerke út 1906 is bewarre bleaun.
Befolkingsûntwikkeling + Untjouwing ynwennertal Rûbtsovsk (1840-2022) Jier 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2010 2022 Befolking 37.709 111.357 144.951 157.082 171.792 163.063 147.002 139.565
Berne Raisa Gorbatsjova (1932–1999) Anatol Ugorski (1942-), pianist Boris Eifman (1946-), goreograaf Vladimir Rysjkov (1966-), politikus Jelena Tsjalych (1974-), hurdfytser Olga Kûzjûkova (1985-), skylanglaufer Igor Jûrganov (1993-), fuotballer
Kategory:Plak yn Altai (kraj) Kategory:Plak stifte yn 1892