Caravan of Courage: An Ewok Adventure, oarspronklik koartwei The Ewok Adventure neamd, is in Amerikaanske tillefyzjefilm út 1984 ûnder rezjy fan John Korty. It is in science fiction-fantasy-aventoerefilm foar bern mei yn 'e haadrollen Eric Walker, Warwick Davis en Aubree Miller. De titel betsjut "Karafaan fan Moed: In Ewok-aventoer". De film wie de earste fan 'e beide Ewoks-films dy't mids 1980-er jierren makke waarden as spin-offs fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. Caravan of Courage heart sadwaande ta de Star Wars-franchise. Yn 'e ynterne gronology fan 'e mediafranchise wurde de foarfallen yn 'e film pleatst foarôfgenade oan dy yn Return of the Jedi.
It ferhaal giet oer de minsklike húshâlding Towani, dy't skipbrek lijt op 'e Boskmoanne Endor. Wylst se harren romteskip besykje te reparearjen, rekket it gesin útinoar as in reuseftich wêzen dat de Gorax neamd wurdt, de âldelju ûntfiert. In groepke Ewoks, de lânseigen bewenners fan Endor, ûntfermet him oer de lykme-allinne efterbleaune minskebern. As se foar it ferstân krije wat de âldelju fan Mace en Cindel oerkommen is, sette se ôf op in kweeste om harren te rêden. Caravan of Courage waard foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd mei Thanksgiving 1984. Om utens waard de film yn 'e bioskoop útbrocht. Caravan of Courage wie ien fan fjouwer films dy't yn 1985 de Emmy Award foar bêste special effects takend krigen, mar hjoeddeistige resinsjes binne oer it algemien negatyf. In jier letter waard in ferfolchfilm op 'e tillefyzje brocht, Ewoks: The Battle for Endor.
Plot Op Endor, in moanne fan 'e gasreus Tana, is it romteskip fan 'e minsklike húshâlding Towani delstoarten. Wylst de âldelju Catarine en Jeremitt besykje it skip te reparearjen, dwale de fjirtjinjierrige soan Mace en de fiifjierrige dochter Cindel op in nacht ôf. Wannear't Catarine en Jeremitt derop útgeane om 'e bern te sykjen, komt in Gorax harren oer it mad. Dat is in semy-yntelligint, reuseftich wêzen dat lânseigen is op Endor. It nimt Catarine en Jeremitt finzen en ûntfiert harren.
Nei de foar harren mysterieuze ferdwining fan har âlden bliuwe de beide bern lykme-allinne efter. Se wurde fûn troch Deej en syn soannen Weechee en Widdle, dy't Ewoks binne: leden fan in yntelligint ras fan bûtenierdske wêzens op Endor, mei in jager-sammelder-kultuer dy't de Stientiid net fier ûntstige is. De Ewoks nimme Mace en Cindel mei werom nei harren wente, Cindel frijwillich en de eigenwize Mace minder frijwillich. De lytse Cindel is earst siik, mar nei't se ûnder fersoarging troch de Ewoks opbetteret, slút se al rillegau freonskip mei Wicket, de jongste fan 'e trije soannen fan Deej en Shodu. Mace sjocht de Ewoks earst as net folle mear as bisten en is wisberet om Cindel mei werom te nimmen nei it wrak fan it romteskip om dêr de weromkear fan harren âlden ôf te wachtsjen.
Op in nacht, as alle Ewoks djip yn 'e sliep binne, makket Mace Cindel wekker. Hy negearret har tsjinakseljen en set mei har it wâld yn om werom nei it romteskip. De beide bern lûke de oandacht fan in reuseftige everwolf en wurde troch dat ferskuorrende rôfdier efterfolge oant se beskûl fine yn in holle beam. Dêr kin de everwolf net by harren, dat dêr bringe se de rest fan 'e nacht troch. Se wurde de oare moarns wekker troch it leven fan in gefjocht by de holle beam. It docht bliken dat Deej, Weechee, Widdle en Wicket harren spoar folge binne doe't se wekker waarden en murken dat de bern poater wiene. No nimme de lytse Ewoks it ûnferskrokken op tsjin 'e oergrutte everwolf. As Wicket it meunster úteinlik mei in gifpylkje út in blaaspiip wit te deadzjen, ûntdekt Mace dat de everwolf in halsbân draacht, en dat dêroan de libbensmonitor (in technologyske polsbân) fan syn heit Jeremitt fêstmakke is.
Deej-en-dy nimme Mace en Cindel mei nei it doarp fan 'e Ewoks, dat heech yn 'e beammen fan it wâld boud is, om op besite te gean by de Ewokske medisynman Logray. Dyselde fiert in ritueel út wêrby't er bylden opropt fan Jeremitt en Catarine, dy't as in soarte fan húsdieren finzen holden wurde troch de Gorax. Hoewol't se har befine yn in fier lân, dêr't noch nea in Ewok libben út weromkeard is, beslute Deej en syn soannen om mei de minskebern op in kweeste te gean dy't liede moat ta de befrijing fan harren âldelju. Nei't Logray de seine fan 'e goaden oer harren ôfsmeekt hat, sette Deej, Wicket, Weechee en Widdle mei Mace en Cindel en in stikmannich lêstdieren ôf.
Underweis jouwe twa oare Ewoks, de stoere houtsjer Chukha-Trok en de wize preesteresse Kaink, har by de karafaan. Op in nacht wurdt harren kamp besocht troch Wisties: lytse semy-yntelliginte humanoïde wêzentsjes ter grutte fan in finger dy't yn it tsjuster in fel ljocht ôfsmite. Ien dêrfan fljocht earne by op en bliuwt ferdôve efter as har soartgenoaten harren wer ôfjouwe. Mace pakt har op en fersoarget har. Hy draacht har neitiid mei yn syn boarstbûse en neamt har Izrina. Nei gâns aventoeren en in lange, lange reis troch wâld, woastyn en wyldernis komme de Ewoks en de bern einlings en te'n lêsten oan by de wente fan 'e Gorax, dy't úthoud is yn in berch.
Mei help fan 'e tsjoenderij fan foarwerpen dy't Logray harren meijûn hat, witte de Ewoks en de bern de yngong te finen. Dêre bliuwt Cindel efter ûnder beskerming fan Wicket en Widdle. Deej, Weechee, Chukha-Trok, Kaink en Mace sette fierder de útholle berch yn, wêrby't se tanksij de tsjoenderij fan Kaink in oanfal fan reuseftige spineftige wêzens ôfslaan kinne, dy't harren oer it mad komme by it oerstekken fan in djippe kleau. Uteinlik witte se, heech yn 'e berch, de wenromten fan 'e Gorax te berikken. Wylst Weechee it reuseftige wêzen ôfliedt en fuortlokket, befrije de oaren Catarine en Jeremitt út in heech boppe de flier hingjende koai. Wylst de oaren útnaaie, dekt Chukha-Trok de ôftocht troch mei syn bile op 'e fuotten fan 'e Gorax yn te huffen. Tagelyk gûnzet Izrina it meunster om 'e holle hinne om him ôf te lieden. Yn razernij en pine slacht it reuseftige wêzen tsjin 'e wanden oan en feroarsaket sa in lytse ynstoarting wêrby't Chukha-Trok deadlik rekke wurdt troch fallend pún. Mace is by him as er stjert en kriget fan him syn bile.
Nei't Mace him wer by de oaren jûn hat, wachtsje se de Gorax op by de treppen dy't nei de kleau ta liede, dêr't Jeremitt en Deej in tou dwers oer it rinpaad spanne. De Gorax stroffelet dêr oer en knoffelet yn 'e kleau. De Ewoks en minsken wane him dea, mar as Cindel mei Wicket en Widdle oan 'e oare kant fan 'e kleau ferskynt om 'e oaren te helpen by it oerstekken, klimt de Gorax der oan har kant wer út. Sy en de beide jongste Ewoks wurde rêden troch Mace, dy't de bile fan Chukha-Trok smyt en dêrmei de Gorax tusken de skouderblêden rekket, dat er swierferwûne weromfalt yn 'e kleau, en diskear alhiel nei de boaiem. Mace en de oaren wurde oer de kleau hinne holpen en neitiid keare de Towani's mei de Ewoks werom nei harren doarp. Dêr ienris oankommen, lit Mace Izrina yn it wâld frij. De Towani's beslute om by de gastfrije Ewoks te útfanhûzjen oant se harren romteskip reparearre hawwe.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Mace Towani Eric Walker Wicket Warwick Davis (fysyk) en Darryl Henriques (stim) Cindel Towani Aubree Miller
byrollen personaazje akteur/aktrise ferteller Burl Ives Deej Daniel Frishman (fysyk) en Sydney Walker (stim) Weechee Debbie Lee Carrington Widdle Tony Cox Chukha-Trok Kevin Thompson Kaink Margarita Fernández Catarine Towani Fionnula Flanagan Jeremitt Towani Guy Boyd Shodu Pam Grizz Logray Bobby Bell
Produksje en distribúsje Produksje Nei it ûnbidige súkses fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, waard besletten om 'e fans fierder te betsjinjen troch in op bern rjochte tillefyzjespecial te meitsjen oer ien fan 'e populêrste eleminten út 'e Return of the Jedi, de knuffelige, teddybeareftige Ewoks, in ras fan heallange bûtenierdske wêzens fan 'e Boskmoanne Endor.
Star Wars-betinker George Lucas hie yn 1978 tastien dat ta gelegenheid fan Thanksgiving en de oankommende krystdagen in tillefyzjespecial yn it ramt fan 'e franchise makke waard, de Star Wars Holiday Special. Mei't hysels en syn filmstudio Lucasfilm doe drok wiene mei de promoasje fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) en de risselwaasje foar Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), hied er dat grutdiels oerlitten oan tillefyzjenetwurk CBS, tillefyzjestudio 20th Century Fox Television en de belutsen tillefyzjeprodusinten. Dyselden hiene der sa'n potsje fan makke dat Lucasfilm en Lucas sels danich yn ferlegenheid brocht wiene troch it rûnom as striemin beoardiele resultaat. Lucas wie wisberet dat him dat gjin twadde kear oerkomme soe, dat hy soarge dat er diskear grutter kontrôle oer it tillefyzjeprojekt behold.
De tillefyzjespecial waard yn 't earstoan The Ewok Adventure ("It Ewok-aventoer") neamd en krige pas letter de namme Caravan of Courage: An Ewok Adventure ("Karafaan fan Moed: In Ewok-aventoer"). As produsinten wiene Thomas G. Smith en Patricia Rose Duignan by it projekt belutsen foar de studio's Lucasfilm, Korty Films en 20th Century Fox Television. George Lucas sels hie as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. De special waard fisualisearre was in krusing fan Hâns en Grytsje mei Tarzan of the Apes. Oarspronklik soe it programma mar in spyldoer fan in healoere hawwe.
Doe't er mei it projekt út te suteljen gie by de grutte Amerikaanske tillefyzjenetwurken lâns, ûntdiek Smith dat nimmen siet te wachtsjen op in special fan in healoere, mar ABC hie wol belangstelling foar in tillefyzjefilm fan twa oeren (ynkl. reklameblokken) as in 'film fan 'e wike'. Dêrop waard de special oprutsen om oan dat ferlet te foldwaan. Lucas keas John Korty, dy't yn 1983 foar Lucasfilm de film Twice Upon a Time regissearre hie, út as regisseur. Dyselde wurke nei in senario dat skreaun wie troch it bernefamke fan Lucas syn bern, Bob Carrau, op basis fan ideeën fan Lucas sels. Korty wie ek ferantwurdlik foar de kamerarezjy, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Peter Bernstein.
Opnamen De opnamen foar Caravan of Courage fûnen plak yn 'e wyldernis fan Marin County, yn Noardlik Kalifornje, relatyf deunby San Francisco, dêr't Lucasfilm fêstige wie. De sênes yn it wâld op Endor waarden dêr filme yn it Nasjonaal Park Redwood. De makkers fan 'e film keazen foar in styl dy't gâns ôfwykt fan oare films út 'e Star Wars-franchise, mei as opmerklikste feroaring de tafoeging fan in alwittende ferteller yn in voice-over dy't ynsprutsen waard troch akteur Burl Ives.
Caravan of Courage en it ferfolch dêrop, Ewoks: The Battle for Endor, wiene de lêste films fan Lucasfilm dy't makke waarden mei it gebrûk fan stop-motiontechniken. Industrial Light & Magic, de special effects-difyzje fan Lucasfilm, gie nammentlik yn 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren oer op go-motion, in mear avansearre foarm fan animaasje mei motorisearre marionetten. Dat wie lykwols te djoer foar in tillefyzjefilm, dat foar de beide Ewoks-films waard weromgrypt op 'e âldere techniken. It beheinde budget wie ek ôf te sjen oan 'e bisten dy't yn Caravan of Courage omrinne en -fleane, dat hiele gewoane Ierdske bisten binne (lykas hynders, lama's, nuete kninen, hinnen, in fret en in ûle), dy't yn it "Stjerrestelsel fier, fier fuort" fan 'e djoerdere bioskoopfilms fan 'e Skywalker Saga nea sa yn byld brocht wiene.
Distribúsje