Rogue One: A Star Wars Story, ek wol koartwei Rogue One neamd, is in Amerikaanske science fiction-film út 2016 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It wie de earste op himsels steande live-actionfilm yn it ramt fan 'e saneamde antologysearje fan 'e Star Wars-mediafranchise. Yn 'e ynterne gronology fan 'e Star Wars-filmsearje folget it nei Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en is it in direkte prequel fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). De film waard regissearre troch Gareth Edwards, mei yn 'e haadrollen Felicity Jones en Diego Luna. De titel betsjut "Skelm Ien: In Stjerre-oarlochsferhaal".

De film fertelt it ferhaal fan hoe't it Rebelleferbûn de blaudrukken fan 'e Deadsstjer fan it Galaktysk Keizerryk bemachtiget, ien wike foar de ferneatiging fan dat massaferneatigingswapen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope. Jyn Erso, de dochter fan 'e wichtichste ûntwerper fan 'e Deadsstjer, moat dêrfoar gearwurkje mei Cassian Andor, in ferbittere rebel dy't gauris smoarge putsjes opknapt. Sy tinkt dat se har heit befrije sille, mei't er finzen holden wurdt troch Orson Krennic, de direkteur fan it Keizerlik wapenprogramma. Hy hat lykwols opdracht krigen om har heit te likwidearjen.

Rogue One: A Star Wars Story krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, mar der wie krityk op it tempo en digitale werskeppings fan 'e ferstoarne akteur Peter Cushing yn 'e rol fan grut-moff Tarkin en fan in jongere Carrie Fisher as prinsesse Leia. Nettsjinsteande dat waard Rogue One: A Star Wars Story nominearre foar twa Oscars, twa BAFTA's en in Hugo Award, en wûn de film trije Saturn Awards en trije Empire Awards. Rogue One ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in ûnbidich kommersjeel súkses en de op ien nei meast opbringende film fan 2016. In spin-off-prequel-tillefyzjesearje oer it personaazje Cassian Andor, mei as titel Andor, kaam yn 2022 beskikber fia de streamingtsjinst Disney+.

Plot Wittenskipper Galen Erso, syn frou Lyra en harren dochterke Jyn libje ûnderdûkt op 'e planeet Lah'mu, mar harren skûlplak wurdt ûntdutsen. Orson Krennic, de direkteur fan it wapenprogramma fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk, arrivearret om Galen te twingen werom te kommen en de Deadsstjer ôf te meitsjen, dêr't er earder oan wurke hat. De Deadsstjer is in massaferneatigingswapen dat hiele planeten ferdylgje kin, yn 'e foarm fan in bolfoarmich romtestasjon ter grutte fan in lytse moanne. Yn 'e konfrontaasje mei Krennic wurdt Lyra deasketten, wylst Jyn wit te ûntkommen en letter oppikt wurdt troch de rebel Saw Gerrera, mei wa't Galen konneksjes hat.

Fyftjin jier letter desertearret de Keizerlike frachtpiloat Bodhi Rook en reizget nei de woastynmoanne Jedha, dêr't er kontakt siket mei Gerrera. Hy seit dat er stjoerd is troch Galen Erso mei in holografysk boadskip fan dyselde. De paranoïde Gerrera leaut dêr neat fan en lit Bodhi finzen sette en ûnderwerpe oan neat te sêftsedige ûnderfregings. Underwilens heart kaptein Cassian Andor, in ynljochtinge-ofsier fan it Rebelleferbûn, fan in ynformant it nijs oer it oerrinnen fan Bodhi en it boadskip dat er by him hawwe soe.

Koarte tiid letter wurdt yn in Keizerlik wurkkamp op 'e planeet Wobani de jonge frou Jyn Erso, dy't dêr in finzene is, befrijd troch rebellen en ûnder twang nei it haadkertier fan it Rebelleferbûn op 'e moanne Yavin-IV brocht. Dêr wurdt se troch senator Mon Mothma, de polityk liedster fan 'e rebellen, bepraat om harren te helpen by in twafâldige misje. Yn it foarste plak moat der kontakt lein wurde mei Saw Gerrera, in ekstremist dy't jierren lyn al brutsen hat mei it Rebelleferbûn. Om't Jyn troch him grutbrocht is, tinkt men mei har in kâns te hawwen dat Gerrera harkje sil nei wat se te sizzen hawwe foar't er it fjoer iepenet. Fierders moat Jyn har heit, Galen Erso, befrijd wurde sadat er de rebellen fan ynformaasje foarsjen kin oer dy saneamde Deadsstjer. Jyn wurdt der mei Cassian en K-2SO, in werprogrammearre gefjochtsandroïde fan 'e Keizerlike Striidkrêften, op útstjoerd om dat allegear te berêden. Generaal Davits Draven nimt foar harren ôfreis Cassian lykwols apart en seit dat er ferjitte moat wat er oant no ta allegear heard hat. Galen Erso is neat oars as in kollaborateur, en de wiere misje is om him te likwidearjen foar't er it Keizerlik wapenprogramma noch fierder foarút helpe kin.

Jyn, Cassian en K-2SO bejouwe har nei de Jedha, dêr't it Keizerryk dwaande is alle kyberkristallen te stellen út 'e op in berchtop leine Hillige Stêd, dy't ek Jedha hjit. Dy kristallen wurde brûkt om it superlaserkanon fan 'e Deadsstjer fan enerzjy te foarsjen. Gerrera en syn partisanen fiere yn om 'e Hillige Stêd in guerriljastriid tsjin 'e Keizerlike stoarmtroepers. As Jyn en Cassian harren yn 'e stêd bejouwe, reitsje se dêr ûnbedoeld behelle yn in oanfal fan Gerrera syn mannen op it Keizerlik konfoai dat de lêste kyberkristallen ferfiert. Dat kostet harren op in hier nei it libben, mar se wurde rêden troch de bline kriger Chirrut Îmwe, ien fan 'e lêste Beskermers fan 'e Whills (leden fan in monastyske oarder dy't pylgers beskermje moat dy't de timpel mei de kyberkristallen besykje) en dy syn freon, de hierling Baze Malbus.

Om't se de oanfal yn it hûndert jage hawwe soene, wurde se alle fjouwer finzen nommen troch de partisanen, dy't harren meinimme nei harren basis yn in grot in ein bûten de Hillige Stêd. Dêr wurde Cassian, Chirrut en Baze opsletten yn 'e sel njonken dy fan 'e piloat Bodhi Rook. Underwilens wurdt Jyn by Gerrera brocht. Se is ferbittere, mei't er har (yn har eigen wurden) "dumpt" hat doe't se sechstjin jier wie troch har op in stuit sûnder farwol of útlis yn 'e steek te litten. Gerrera leit har lykwols út dat er har doe foar har eigen feilichheid efterlitten hat, mei't har identiteit mank syn mannen bekend wurden wie en der stimmen opgiene om har as gizelster te brûken om har heit ûnder druk te setten. Hy spilet foar har it holografysk boadskip fan har heit ôf, dat Bodhi him brocht hat.

Galen rjochtet him dêryn streekrjocht tsjin sawol Gerrera as Jyn, mei't er derfan útgiet dat sy beiden noch byinoar binne. Hy fertelt dat er ynstee fan fierdere utering te jaan oan syn opstannigens, de lêste fyftjin jier war dien hat om sa hearrich mooglik te lykjen, om't er besefte dat de Deadsstjer sûnder syn help ek wol makke wurde soe. Ynstee hat er syn posysje no brûkt om it Keizerryk te ûndermynjen troch mei opsetsin in swak plak yn 'e Deadsstjer yn te bouwen. Hy jout Jyn opdracht om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer út it Keizerlik argyfkompeks op 'e planeet Scarif te heljen en dy troch te spyljen oan it Rebelleferbûn. Galen seit ek dat er syn dochter nea fergetten is en noch eltse dei oan har tinkt. Jyn, dy't folslein desyllúzjonearre rekke wie mei it ferset tsjin it Keizerryk, wurdt troch de wurden fan har heit ta de triennen ta roerd en fettet nije moed.

Underwilens is grut-moff Wilhuff Tarkin troch de keizer stjoerd om tafersjoch te hâlden oer it wurk fan Krennic-en-dy. Der hawwe him geroften berikt oer de desertearre piloat en hy freget him ôf oft der net mear oan 'e hân is. Syn earste die is om te kontrolearjen oft de Deadsstjer it wol echt docht. Krennic stelt foar om 'e hiele moanne Jedha te ferneatigjen, mar Tarkin bedimmet him en seit dat it wol takin mei de Hillige Stêd. De proef is in súkses en de stêd wurdt mei berch en al yn ien klap ferneatige. De konsintryske skokweagen wreidzje har dêrwei oer de hiele moanne út en sille alle libben ferdylgje. De partisanen fan Gerrera reitsje alhiel yn ûnstjoer, en yn alle trelit witte Cassian en de oaren harrensels te befrijen. Cassian nimt kontakt op mei K-2SO, dy't by harren romteskip efterbleaun wie. Hy fynt Jyn werom en nimt har mei, dêrby oanfitere troch Gerrera, dy't sels lykwols wegeret om mei. K-2SO arrivearret mei it romteskip en pikt Cassian, Jyn, Chirrut, Baze en Bodhi op wêrnei't se krekt op 'e tiid fan Jedha ûntkomme. Gerrera en dyselden fan syn mannen dy't net yn eigen romteskippen fuort witte te kommen, fine de dea as de skokweach harren berikt.

Tarkin lokwinsket Krennic mei it wolslagjen fan it projekt, en nimt dan de lieding oer de Deadsstjer oer. Krennic is poerrazen, mar Tarkin wiist derop dat sa'n gefoelich wapen as de Deadsstjer net oan him tabetroud is, de desertearre piloat yn acht nommen en it lek yn 'e organisaasje fan Krennic dêr't dy desersje op tsjut. Hy wriuwt Krennic fyntsjes yn dat de piloat net allinnich wurke, mar fan 'e Keizerlike ûndersyksfasiliteit op 'e planeet Eadu kaam, dêr't er kontakt hân hawwe moat mei ien fan Krennic syn wittenskippers. Wisberet om regaad te meitsjen mei de ferrieder, set Krennic ôf nei Eadu.

Underwilens fertelt Jyn oan Cassian en de oaren wat har heit yn it holografysk boadskip sei. Net ien hat der lykwols yn 'e gauwichheid fan 'e ûntsnapping om tocht om 'e bylddrager mei it boadskip mei te nimmen, dat it boadskip is ferlern gien yn 'e ferwoastging fan Jedha. Cassian foarseit dat se sûnder de opname de lieders fan it Rebelleferbûn der nea fan oertsjûgje kinne sil om 'e misje nei Scarif yn omtinken te nimmen. Bodhi liedt it rebelleteam nei Eadu ta, dêr't Galen Erso him befynt. Neffens Cassian is it no nammenste wichtiger om Jyn har heit te befrijen, sadat er sels de rebellelieders tasprekke kinne sil. Temûk is er lykwols noch altyd fan doel om Galen te fermoardzjen by de earste gelegenheid dy't him foardocht. Om't se ûnder de radar op Eadu binnenkomme wolle, fleane se te leech. Se reitsje in útstykjende rotspjuts en moatte by nacht en min waar in needlâning meitsje, dy't se aldergeloks allegear ûnskansearre oerlibje. Se ferlieze dêrtroch lykwols harren kommunikaasje mei de rebellebasis op Yavin-IV, mei as gefolch dat generaal Draven derfan útgiet dat se omkommen binne. Hy stjoert dêrop in squadron X-wjukjagers om 'e fasiliteit op Eadu te bombardearjen.

Wylst K-2SO de kommunikaasje-apparatuer reparearret, geane Cassian en Bodhi op ferkenning. Fan in hichte ôf sjogge se hoe't Galen Erso en de oare wittenskippers Krennic opwachtsje en ûnthelje. Krennic lit de oare wittenskippers delmeane troch syn liifwachten en stiet op it punt om ek mei Galen ôf te weven. Underwilens figelearret Jyn út wat Cassian fan doel is. Se ferlit de oaren en bejout har, om har heit te warskôgjen, troch in djippe kleau by in hege ljedder op nei it lâningsplatfoarm dêr't it romtefear fan Krennic delkommen is. Cassian stjoert Bodhi fuort om in nij romteskip te stellen en kriget dêrnei Galen yn it fizier, mar op it lêste momint beslút er syn befel yn 'e wyn te slaan en de man net om te bringen. Hy keart werom nei de oaren en ûntdekt dat Jyn der op eigen manneboet op úttein is. K-2SO hat de kommunikaasje mei Yavin-IV reparearre en Cassian warskôget generaal Draven om 'e oanfal ôf te brekken om't der noch eigen personiel by it doelwyt oanwêzich is, mar de oanfal is al ynset en Draven kin it squadron net mear tsjinkeare.

Jyn berikt har heit mominten foar't it bombardemint begjint. Hoewol't sy it sels ûnskansearre oerlibbet, rekket har heit libbensgefaarlik ferwûne, wêrnei't er yn har earms ferstjert. Cassian skuort in oerstjoere Jyn mei werom nei it Keizerlike frachtfear dat Bodhi stellen hat, wêrnei't se mei de rest fan 'e groep ûntkomme. Krennic wurdt neitiid ûntbean yn 'e fêsting fan Darth Vader op 'e planeet Mustafar, dêr't er him foar de rjochterhân fan keizer Palpatine oer ferantwurdzje moat foar de oanfal mei de Deadsstjer op Jedha, dêr't er hielendal gjin tastimming foar krigen hie. Krennic skoot de skuld ôf op Tarkin en besiket in audiïnsje by de keizer los te krijen, mar de yrritearre Vader knypt him de kiel ticht mei de Krêft en befellet him om der earst mar ris op ta te sjen dat der gjin fierdere lekken ûntsteane.